Njonoksa
Njonoksa
Нёнокса | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ruslân | |
Oblast | Archangelsk | |
Stedsdistrikt | Severodvinsk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 468 (2010) | |
Hichte | 7 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Stifting | 1397 (foar it earst neamd) | |
Tiidsône | UTC+3 | |
Koördinaten | 64° 37' N 39° 11' E |
Njonoksa (Russysk: Нёнокса) is in doarp (selo) yn it noardwesten fan Ruslân yn it stedsdistrikt Severodvinsk yn de oblast Archangelsk. Noardlik fan it doarp is in raketbasis fan de Russyske marine.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It pomoarske doarp waard yn 1397 foar it earst yn in dokumint fan de Moskouse grutfoarst Vassili Dmitrievitsj neamd.
Yn it jier 1553 lanne de Ingelske kaptein Richard Chancellor by it doarp, dy't foar de Ingelske hannelsfloat in noardeastlike rûte nei Sjina en Ynje socht. De lanning wie it begjin fan belangrike hannelskontakten tusken Ruslân en Ingelân en letter waard yn 1584 de stêd Archangelsk stifte.
Op 8 augustus 2019 wie der op it testgebiet fan de Russyske Marine yn de omkriten fan it doarp in nukleêre ramp, wêrby ferskillende minsken swier ferwûne rekken en stoaren.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Njonoksa steane de yn 1724 boude Trije-ienheidstsjerke (Троицкая церковь), de iennige houten tsjerke fan Ruslân mei fiif tintdaken, de yn 1763 boude Nikolaastsjerke (Никольская церковь) en de yn 1834 boude klokketoer. Sûnt 1990 wurdt der wurke oan de restauraasje fan it kompleks.
Ferkear en ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonoksa wie oant yn de 19e iuw in wichtich sintrum fan sâltwinning en hie om 1890 hinne mear as 1200 ynwenners. Op't lêst brocht de winning troch de konkurrinsje fan de Oeral net mear genôch op en ien de 20e iuw kaam der in ein oan. No is de belangrykste wurkjouwer de militêre basis.
It doarp is net alle dagen yn 't jier te berikken mei de auto, mar der wurdt wurke oan in bettere ferbining. De belangrykste transport- en ferkearsoansluting bestiet oer it 65 kilometer lange spoar Isakogorga–Severodvinsk–Njonoksa.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Klokketoer (1834)
-
Tempelkompleks
-
Sicht op Njonoksa fan de klokketoer ôf
-
It sâltmuseum (sâltskuorre)
-
Sint-Nikolaastsjerke (1763)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze skiednis fan de stêd is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Njonoksa
|