Nasjonale Bibleteek fan Azerbeidzjan
Appearance
De Nasjonale Bibleteek fan Azerbeidzjan (Azerbeidzjaansk: Azərbaycan Milli Kitabxanası) is de nasjonale bibleteek fan Azerbeidzjan, oprjochte yn 1922, dy't fungearret as in steatsargyf. Dêr wurde twa eksimplaren fan alle yn Azerbeidzjan útjûne boeken en tydskriften (en ek in protte bûtenlânske) opslein. Datoangeande ferfollet de Nasjonale Bibleteek fan Azerbeidzjan deselde funksje as dy't yn Nederlân de Keninklike Bibleteek yn De Haach hat en yn Fryslân Tresoar. De bibleteek stiet yn de Azerbeidzjaanske haadstêd Bakû en hat mear as 4,5 miljoen boeken.[1]
De bibleteek is nei de Azerbeidzjaanske skriuwer en filosoof Mirzə Fətəli Axundov ferneamd.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nasjonale Bibleteek fan Azerbeidzjan fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |