Kid Cudi
Scott Ramon Seguro Mescudi (* 30 jannewaris 1984 yn Cleveland, Ohio), ek wol bekend as Kid Cudi is in Amerikaansk rapper, sjonger, en muzykprodusint. Hy bruts yn 2009 troch mei it nûmer "Day 'n' Nite", dat op syn earste album stiet.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kid Cudi waard berne yn Cleveland, yn de Amerikaanske steat Ohio. Syn heit kaam út Meksiko en wie hússkilder en piloat yn de Twadde Wrâldkriich. Syn mem, Afrikaansk-Amerikaansk, wie in koarlearares op in middelbere skoalle. Doe't Kid Cudi alve jier wie, stoarn syn heit. Dat hat ien fan de ynspiraasjeboarnen west foar syn muzyk.
Kid Cudi gie nei de Solon High School. Dêrnei studearre er film oan de Universiteit fan Toledo, mar dêr hold er nei twa jier mei op.
Muzykkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn muzyk krige foar it earst yn 2008 omtinken, nei't er de mikstape A Kid Named Cudi útbrocht. In jier letter hie er mei Day 'n' Nite syn earste hit te pakken.
Yntusken hat er seis studio-albums ûnder syn eigen artystenamme útbrocht. Fierders foarme Kid Cudi mei Dot da Genius it rockduo WZRD. Sy brochten yn 2012 in album ûnder deselde namme út. Mei rapper Kanye West foarmet Kid Cudi Kids See Ghosts. Yn 2018 brochten se it album Kids See Ghosts út.
Aktearwurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken syn wurk yn de muzykwrâld, docht Kid Cudi ek aktearwurk. Yn 2010 spile er yn de HBO-rige How to Make It in America. Letter spile er yn ferskate films, wêrûnder Goodbye World (2013), Need for Speed (2014), en Entourage (2015). Fierders hat er byroltsjes yn telefyzjerigen lykas One Tree Hill, The Cleveland Show en Brooklyn Nine-Nine.