James M. Cain
James M(allahan). Cain (Annapolis (Maryland), 1 july 1892 – University Park (Maryland), 27 oktober 1977) wie in Amerikaansk romanskriuwer, senarist en sjoernalist.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cain kaam út in Iersk-katolike famylje yn Annapolis, Maryland, in soan fan in foaroansteand pedagooch en operasjonger. Fan syn mem hie er syn leafde foar muzyk, mar syn stim wie net goed genôch foar in sjongkarriêre en dat muoide him bot. De húshâlding ferhuze nei Chestertown (Maryland) yn 1903. Tsjin 1914 hie Cain besletten dat er skriuwer wurde soe. Hy gie oan 't wurk as sjoernalist.
Cain waard oproppen foar tsjinst yn it Amerikaansk leger en wie it lêste jier fan de Earste Wrâldkriich yn Frankryk dêr't er foar in legerkrante skreau.
Cain debutearre 1934 mei The Postman Always Rings Twice, in goed foarbyld fan de tough novel dy't ûnder ynfloed fan Ernest Hemingway ûntstie. It boek waard bewurke foar toaniel (1936), twaris ferfilme (1946 en 1981) en foar opera bewurke (1982).
De titel fan de roman slacht net op de ynhâld – in fatale leafdesskiednis – mar op it feit dat it manuskript troch in protte útjouwers weromstjoerd waard foar't it lang om let publisearre waard.
Cain syn lettere romans binne faak swakker fan komposysje, mar psychologysk sterker. Hy bleau skriuwen oant syn dea yn de âldens fan 85 jier, mar benammen de protte romans dy't er nei de fjirtiger jierren publisearre hellen nea it finansjele súkses en de populariteit fan syn eardere wurk.
Bibliografy (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1934 The Postman Always Rings Twice (ferfilme as Ossessione yn 1943, en as The Postman Always Rings Twice yn 1946 en 1981)
- 1936 Double Indemnity (ferfilme 1944)
- 1937 Serenade (ferfilme 1956)
- 1941 Mildred Pierce (ferfilme 1941)
- 1942 Love's Lovely Counterfeit
- 1946 Past All Dishonor
- 1937 The Butterfly
- 1947 The Sinful Woman
- 1948 The Moth
- 1950 Jealous Woman
- 1951 The Root of His Evil
- 1953 Galatea
- 1963 Mignon
- 1965 The Magician's Wife
- 1976 Rainbow's End
- 1976 Institute: a novel
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) De Boekenplank (Nederlânske útjeften)
- (in) James M. Cain: Prince of Darkness