Hermannsdenkmal
It Hermannsdenkmal is in monumint ta eare fan de Germaanske legeroanfierder Herman (Arminius), súdwestlik fan it plak Detmold yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. It stânbyld is boud yn it tiidrek 1838-1875. It stânbyld sels is 26,57 meter heech, mei de sokkel derby hat it folsleine monumint in hichte fan 53,46 meter. Fan 1875 oant 1886 wie it Hermannsdenkmal it heechste stânbyld fan de wrâld.
Arminius wie in Germaanske legeroanfierder yn de Farusslach. De slach waard útfochten troch ferskillende Germaanske stammen en trije legioenen fan de Romeinen. Nei de slach, dy't wûn waard troch de Germanen, koe Arminius it libben net hâlde. Hy waard deadien troch syn eigen minsken. Yn de 19e iuw sochten ferskillende minsken ûnder ynfloed fan de Romantyk nei nasjonale ferhalen en helden. Yn dy snuorje waard it hjoeddeistige monumint boud, wat it libbenswurk wie fan de Dútske arsjitekt en keunstner Ernst von Bandel.
Op it 7 meter lange swurd stiet te lêzen:
- Deutsche Einigkeit, meine Stärke – meine Stärke, Deutschlands Macht.
- (Dútske ienheid, myn sterkte – myn sterkte, Dútslâns macht.)
Mei sa'n 130.000 besikers yn 't jier is it monumint ien fan meast populêre toeristyske plakken fan Dútslân. It stânbyld stiet op in hege sokkel, dy't in goed sicht jout oer it Teutoburgerwâld.