Hawker Sea Fury
Appearance
Hawker Sea Fury | |
---|---|
Rol | Jachtfleanmasine |
Makker | Hawker Siddeley |
Untwerper | Sydney Camm |
Earste flecht | 21 febrewaris 1945 |
Yn tsjinst | Oktober 1945 |
Ut tsjinst | 1957 (Marine Loftfearttsjinst), 1968 (Birmeeske Loftmacht) |
Tal makke | 864 (1945–55) |
Grutste brûkers | Royal Navy, Royal Australian Navy, Royal Canadian Navy en Pakistaanke Loftmacht |
De Hawker Sea Fury wie in Britske jachtfleanmasine, ûntwurpen foar de Royal Navy troch Hawker yn de Twadde Wrâldkriich. It wie de lêste fan propellers oandreaune jager fan de Royal Navy en de Keninklike Marine en ien fan de fluchste troch sûgermotoren oandreaune tastellen ea makke. Der binne noch ferkate Sea Fury's yn de wrâld oer, faak mei modernere motors, dy't bygelyks brûkt wurde yn de loftracerij.
De Hawker Fury wie de opfolger fan de súksesfolle jagers/jachtbommesmiters Hawker Typhoon en Hawker Tempest út de Twadde Wrâldoarloch. De Fury wie in ûntwerp út 1942 fan de ferneamde Hawkerûntwerper Sydney Camm, om de winsk fan de Royal Air Force foar in lichtgewicht opfolger fan de Tempest Mk.II.
Farianten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sea Fury F.10
- Jachtfleanmasine foar de Royal Navy, 50 fan boud.
- Sea Fury FB.11
- Jachtbommesiter foar de Royal Navy, Royal Australian Navy en Royal Canadian Navy, 615 fan boud.
- Sea Fury T.20
- twasits trenerferzje, 60 fan boud.
- Sea Fury F.50
- F.10 foar Keninklike Marine, 12 boud.
- Sea Fury FB.51
- FB.11 foar de Keninklike Marine, 12 troch Hawker, 24 troch Fokker yn lisinsje boud.
- Sea Fury FB.60
- FB.11 sûnder fâldfleugel en fangheak foar Pakistan (87 en 5 FB.11) en Irak (30), 128 boud.
- Sea Fury T.61
- twasits trener foar Pakistan en Irak mei twa cockpits efterelkoar, 7 boud.
Lannen dêr't de Sea Fury tsjinne hat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Technyske feiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Feiten Hawker FB.11 | |
---|---|
Lingte: | 10,6 m |
Spanwiidte: | 11,7 m |
Draachoerflak fleugels: | 26 m² |
Hichte: | 4,9 m |
Motor: | 1× Bristol Centaurus XVIIC fan 1.850 kW (2.480 hk) |
Grutste faasje: | 740 km/o |
Fleanberik: | 1.127 km |
Bemanning: | ien fleander |
Tsjinstplafond: | 10.900 m |
Gewicht leech: | 4.190 kg |
Maks. gewicht fol: | 5.670 kg |
Bewapening: | 4 × 20-mm- Hispano-Suiza HS.404-fluchfjoerkanonnen, 908 kg bommen, 12 × 76-mm-raketten |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Besibbe ûntwerpen:
- Hawker Typhoon
- Hawker Tempest
- Hawker Tornado
- CAC Kangaroo
- Focke-Wulf Fw 190
- Grumman F8F Bearcat
- Lavochkin La-9
- Martin-Baker MB 5
- North American P-51 Mustang
- Republic P-47 Thunderbold
- Supermarine Seafang
- Vought F4U Corsair