Springe nei ynhâld

Grytviken

Ut Wikipedy
Grytviken
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Britsk territoarium Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen
Sifers
Ynwennertal 2 (2008)
Oerflak 4 km²
Grytviken op Súd-georgje

Grytviken is in havenplak op it eilân Súd-Georgje. It is mei it oanswettende King Edward Point it bestjoerlik sintrum fan Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen. Op it heden hawwe dy eilannen gjin fêste bewenning, mar wol hâlde dêr (meast) wittenskippers ta. De namme Grytviken komt út it Noarsk en betsjut Potbaai, ferneamd nei de potten dy't brûkt waarden om levertraan te meitsjen.

De Noarske kapitein Carl Anton Larsen is sa'n bytsje de stifter fan Grytviken. Op 16 novimber 1904 sette dy him nei wenjen op de rânen fan Súd-Georgje dy't earder al fan walfiskjagers besocht wiene.

April 1982 (Falklânkriich) waard Grytviken Argentynsk nei ôfrin fan in koarte slach tsjin de Britten. Trije wiken letter namen de Britten Grytviken al wer yn. It is it ienichste plak op Súd-Georgje en foar 1990 waard it allinne bewenne troch wittenskippers.

It plak moast it fral hawwe fan it fiskjen en de fiskferwurkjende yndustry; yn it ferline meast fan de walfiskfeart. De haven fan Grytviken gie 1966 offisjeel ticht, fral fanwege de walfiskreservaten yn dy kriten dy't grutskalige walfiskfeart ûnmooglik makke.

Eartiids wennen der wol in tal walfiskfarder op it eilân en yn Grytviken, mar distiid binne it allinne wittenskippers en der is in (lytse) militêre ienheid. De iennige fêste bewenners binne Tim en Pauline Carr, dy't begjin jierren '90 nei it eilân kamen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]