Golf fan Mannar
Golf fan Mannar | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken it Yndysk subkontinint en Sry Lanka | |
lân | Yndia Sry Lanka | |
koördinaten | 8°28′ N, 79°1′ W | |
ûnderdiel fan | Yndyske Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 160 km | |
maks. breedte | 275 km | |
oerflak | 10.500 km² | |
djiptegemiddelde | 5,8 m | |
djipste punt | 1.335 m | |
De Golf van Mannar is it donkerblauwe part fan de seestrjitte tusken Yndia en Sry Lanka. De Strjitte fan Palk is ljochtblau. Loftsûnder de Maldiven. |
De Golf fan Mannar is in part fan Yndyske Oseaan; it leit tusken de meast súdlike punt fan Yndia en Sry Lanka. Der binne teminsten 117 koraalsoarten registrearre dy't yn de Golf fan Mannar foarkomme. Ek seeskyldpodden, haaien en dolfinen komme geregeldwei yn de golf foar. Dochs is de mannichte bisten de lêste jierren tebekrûn, mei as gefolch fan oerbefiskjen en fersmoarging. De fiskfangst is dêrtroch frijwat sakke. Teffens hawwe de koraalriffen slim te lijen hân fan tsientallen jierren ûnferstannich rispjen.
De Golf fan Mannar krige syn namme fan it Sry Lankaanske eilân Mannar en it plak mei deselde namme, Mannar.
Pearels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Golf fan Mannar is al twatûzen jier ferneamd om syn pearelbanken. Plinius de Alde (23–79) neamde de pearelfiskerij yn de Golf de meast produktive fan de wâld.[1][2] Hoewol't it rispjen fan natuerlike pearels meast te djoer fûn wurdt, wurdt it noch altyd dien yn de Golf.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|