Springe nei ynhâld

Flagge fan Marrum-Westernijtsjerk

Ut Wikipedy
Flagge fan Marrum-Westernijtsjerk

De flagge fan Marrum-Westernijtsjerk is de flagge fan it doarp Marrum en it eardere doarp Westernijtsjerk, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard op 25 novimber 1999 en 2001 registrearre.

De flagge is ûntworpen trovh J.C. Terluin.

De beskriuwing fan de flagge:

Twa lingtebanen blau en grien, oer alles hinne in lizzende giele rút, wêr fan de hoeken alle siden fan de flagge yn it midden reitsje, de rút belein mei in ôfskuorde katten- en rûkenkop, beide swart.

De kleuren komme út it wapen fan Marrum-Westernijtsjerk.

  • Kat: skelnamme foar in ynwenner fan Marrum.
  • Rûk: skelnamme foar in ynwenner fan Westernijtsjerk.
  • Griene baan: de kleur grien ferwiist nei it agraryske karakter fan de twa plakken.
  • Blauwe baan: ferwiist nei de Waadseekust.
  • Kleurstelling: oernommen út de wapens fan de famyljes: Ponga, Wynia, Walta en Fan Idsinga. Dizze famyljes bewennen ferskate staten yn it doarp. It giele flak mei de swarte bisten is oernommen út de wapens mei in heale Fryske earn.