Springe nei ynhâld

Egbert-Jan Weeber

Ut Wikipedy
Egbert-Jan Weeber
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Egbert-Jan Weeber
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 18 juny 1981
berteplak Grins (Grinslân)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Nedersaksysk
jierren aktyf 2000 – no
offisjele webside
Egbert-Jan Weeber op Twitter

Egbert-Jan Weeber (Grins, 18 juny 1981) is in Nederlânsk tillefyzje- en filmakteur en live-dj fan Grinslânsk komôf.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Weeber waard yn 1981 berne yn Grins, en groeide op yn Haren. Hy folge al jong aktearlessen yn it Sintrum foar Keunst en Kultuer yn syn wenplak. Doe't er mei fjirtjin jier yn 'e Stedsskouboarch fan Grins in foarstelling (De Noorderlingen) seach fan 'e Foaroplieding Teäter, besleat er him daliks foar de oplieding oan te melden. Hy wie dêr in klasgenoat fan û.o. Dragan Bakema en Joris Smit.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Weeber wie foar it earst op 'e tillefyzje te sjen yn 2000, mei in roltsje yn 'e BNN-searje Finals. Yn 2001 krige er syn earste haadrol, te witten yn 'e tillefyzjefilm Uitgesloten, oer in jonge dy't útsletten wurdt út 'e mienskip fan Jehova's Tsjûgen. Foar dy rol waard Weeber nominearre foar in Gouden Keal. Yn 2002 wied er op it wite doek te sjen yn 'e manlike haadrol fan 'e film Oesters van Nam Kee. Dêrby wie syn froulike tsjinspiler Katja Schuurman. Syn rol yn 'e film Van God Los, út 2003, smiet him in twadde nominaasje foar in Gouden Keal op.

In byrol hie Weeber yn 'e film Anderland (2003), ûnder rezjy fan Arne Toonen, en yn 2008 hied er in gastrol yn in ôflevering fan 'e plysjesearje Flikken Maastricht. Oare rollen hied yn 'e jongereinfilm Anubis en het Pad der 7 Zonden (2008), as greve Rohan, en yn 'e dramarige De Troon (2010), as de njoggentjinde-iuwske Nederlânske kroanprins Willem. Yn 2010 wie Weeber ek te sjen yn 'e horrorfilm Sint, en yn 2012 spile er yn 'e muzikale dramasearje Moeder, Ik Wil bij de Revue fan Omrop MAX. Fan 2009 oant en mei 2011 hie Weeber in fêste rol as Bram Bakker yn 'e tillefyzjesearje Verborgen Gebreken.

Weeber oan 'e gong as dj op Mysteryland.

Foar de histoaryske film Michiel de Ruyter, út 2015, oer de histoaryske seeheld Michiel de Ruyter, wurke Weeber foar it earst gear mei regisseur Roel Reiné. Hy fertolke yn dy spektakelfilm de rol fan Willem III fan Oranje-Nassau, de kening-steedhâlder. Yn 2016 spile er yn 'e mei de MovieZone NFF Award bekroande film If the Sun Explodes. Yn 2018 wurke er op 'e nij gear mei Roel Reiné, doe't er yn dy syn twadde Nederlânske spektakelfilm, Redbad (oer de achtste-iuwske kening fan 'e Friezen mei deselde namme), de rol fan 'e kristlike sindeling en biskop Bonifatius op him naam.

Njonken syn aktearkarriêre treedt Weeber al sûnt syn sechstjinde geregeldwei op as live-dj op muzykfestivals. Sa draaide er û.m. op Mysteryland en op it Amsterdam Dance Event. Yn 2005 presintearre Weeber boppedat as radio-dj it radioprogramma Spam op 'e stjoerder 3FM.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
2000 Finals Patrick minysearje
2000 Russen Eric Swinkels gastrol; ôfl. No Police
2000 Baantjer David Poppelier gastrol; ôfl. De Cock en de Moord op de Margaretha
2001 Wet & Waan Leo Paardekooper gastrol; ôfl. Habeas Corpus
2001 Uitgesloten Jonathan tillefyzjefilm
2002 Polonaise Barry tillefyzjefilm
2002 Achttien Koen tillefyzjefilm
2002 The Legend of Bhagat Singh ûnbekend
2002 Dunya & Desie Bob gastrol; ôfl. De Jongen en de Dood
2004 De Vloer Op dûbluere gastrol; ôfl. 3.3
2004 Bijlmer Odyssee ûnbekend tillefyzjefilm
2005 De Vloer Op soan gastrol; ôfl. Burgemeester in Nood/Darkroom/Ongewenste E-mail
2005 De Vloer Op Wouter gastrol; ôfl. Hondjes/Gemengd Huwelijk/Moeders
2005 Boy Meets Girl Stories #1: Smachten ûnbekend tillefyzjespecial
2005 De Vloer Op man mei kanker gastrol; ôfl. Moslimdonor/Huwelijkstherapie/Uitmaken
2007 Bomber Roek tillefyzjefilm
2008 Flikken Maastricht Mark Huidekoper gastrol; ôfl. Pillen
2009 Villa Achterwerk: The Popgroep Bert gastrol
2009 De Hoofdprijs Tommy Vervoort gastrol; ôfl. Niet Meer over Tobben
2009–2011 Verborgen Gebreken Bram Bakker fêste rol; 36 ôfl.
2010 De Troon kroanprins Willem fan de Nederlannen (1840-1879)   minysearje
2011 Blijf! Chris tillefyzjefilm
2011 Seinpost Den Haag Maik Hofman minysearje; fêste rol; 10 ôfl.
2012 Feuten Jurg van Ginkel weromkearende rol; 7 ôfl.
2012 Moeder, Ik Wil bij de Revue Bob Somers minysearje
2014 Assepoester: Een Modern Sprookje prins Lodewijk tillefyzjefilm
2014 Bloedverwanten David Maasland weromkearende rol; 8 ôfl.
2015 Sunny Side Up Daan tillefyzjefilm
2015 Bagels & Bubbels Rick van Langeveld minysearje
2016 Op de Dijk Johan tillefyzjefilm
2017 Toon himsels gastrol; ôfl. Premiêre
2017 Voetbalmaffia Robin Bruyn minysearje
2019 Random Shit René gastrol; ôfl. Wie Dit Kijkt Heeft AIDS
2019 Stanley H. Govert Kroon minysearje
2019 Random Shit man yn trailer gastrol; ôfl.Fuifje; net fermeld op 'e ôftiteling
2019 Sinterklaasjournaal Wout Reus gastrol; ôfl. 19.20
2020 Commando's Mark Passchaert minysearje
2020 Commando's: The Mission Mark Passchaert tillefyzjefilm
2022 Diepe Gronden Timon de Zwart minysearje
films
2001 Necrocam Xeno
2002 Oesters van Nam Kee Berry
2003 Van God Los Stan Meijer
2003 Vrijdag de 14e: Perspectiefcorrectie Nick koarte film
2003 Anderland Horre koarte film
2003 Kees de Jongen Kees (24 jier)
2004 Koen! Koen koarte film
2004 Snowfever Erik
2005 Flirt Lex
2005 Eilandgasten Walter
2007 Vivere Snickers
2008 Alibi Sander
2008 Anubis en het Pad der 7 Zonden greve Rohan
2009 Bollywood Hero Nick
2009 Het Leven uit een Dag Vincent
2009 Geen Zin Sam koarte film
2010 Sint Frank
2012 Brammetje Baas master Mark
2013 Voorbij Rob koarte film
2014 Hartenstraat Rein
2014 Wonderbroeders Lucas Vlijmen
2015 Michiel de Ruyter steedhâlder Willem III fan Oranje-Nassau
2016 Brasserie Valentijn Frank
2016 If the Sun Explodes Philippe
2016 Hoe het Zo Kwam dat de Ramenlapper Hoogtevrees Kreeg   Alfred
2016 Growth man koarte film
2017 Storm: Letters van Vuur Jacob Proost
2017 Bella Donna's Niels
2017 Salvatore Stefan koarte film
2017 Dikkertje Dap David Dap
2018 Taal Is Zeg Maar Echt Mijn Ding Timo
2018 Redbad Bonifatius
2020 De Piraten van Hiernaast Hector Donderbus
2020 Blauwe Maandag Ben koarte film
2021 Nr. 10 jonge preester #2
2022 De Piraten van Hiernaast: De Ninja's van de Overkant Hector Donderbus

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.