Dirk Hakze
Dirk Hakze | ||
keunstner | ||
De Ferbining (De Jouwer) 2001 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 1957 | |
berteplak | Snits | |
wurkpaad | ||
wurksum as | skilder, byldhouwer | |
jierren aktyf | sûnt 1970 | |
offisjele webside | ||
http://www.dirkhakze.com/ |
Dirk Hakze (Snits, 1957) is in Fryske skilder en byldhouwer.[1]
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hakze studearre yn 1986 cum laude ôf oan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert. Hy gie fierder mei syn oplieding oan de 'Hogeschool voor de Kunsten' yn Utert (1986-1987). Hy makke ûnder mear muorreskilderings en metalen skulptueren. Dirk Hakze hat skilderperformances jûn op ferslate strannen ûnder it biedwurd The colors of music. Dêrby makke hy skilderijen op klassike muzyk.
Hakze is inisjator fan it lân-keunstproject The Colorfield Performance, wêrby’t yndividuele wurken fan ferskate keunsters mei inoar in grut keunstwurk foarmje. De earste edysjes wiene op it Oerol Festival op Skylge (1992) en op Skiermûntseach (2000). Yn 2018 organisearre hy de tredde edysje fan it project yn Sleat yn it ramt fan LF 2018, dêr't 400 skilders oan meidiene. [2]
Wurk (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1990 pylder, Worp Tjaardastrjitte, Snits
- 1993 morreskildering drukkerij oan de Lorentzstrjitte, Snits
- 1994 morreskildering sintraal magazyn Nieuwe Weme, It Hearrenfean
- 1996 morreskildering eardere bûterfabryk, Lúnbert
- 1996 morreskildering trafohúske, Groenlo
- 2001 de Ferbining, De Jouwer
- 2010 Joadsk monumint, Boargemaster de Hooppark, Snits
- muorreskilderings Swetteskoalle, Snits
Fotogalery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Pylder (1990), Snits
-
Beskildere trafohúske, Groenlo
-
Joadsk monumint (2010), Snits
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dirk Hakze fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|