Der ewige Jude (eksposysje)
Under de titel Der ewige Jude ('De ivige Joad') reizge sûnt novimber 1937 in eksposysje troch Nazy-Dútslân, dy't it folk ûnderdiel meitsje moast fan de antysemityske rasse-ideology fan it nasjonaalsosjalisme.
Organisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It inisjatyf fan de eksposysje lei by de plakferfangende NSDAP-Gauleiter fan München-Oberbayern, Otto Nippold. Deselde hie al in jier earder op 7 novimber yn 'e Bibliothek des Deutschen Museum in antybolsjewistyske útstalling ûnder de namme Große antibolschewistische Schau organisearre. De earste eksposysje fan "Der ewige Jude" waard krekt lykas de antybolsjewistyske útstalling yn 'e Bibliothek des Deutschen Museums yn München iepene.
De útfiering fan de eksposysje lei yn hannen fan 'e regionale plakferfangende propagandalieder Walther Wüster, foar de foarmjouwing tekenen de arsjitekt Fritz von Valtier en de skilder Horst Schlüter.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eksposysje bestie út trije tema's. It earste tema gie oer de biologyske grûnslaggen fan it joadedom en waard brûkt foar rasistyske hún. It twadde tema giet oer de joadske religy mei leechlizzende, falske en misledigjende ynterpretaasjes, wylst de rest fan de eksposysje de skiednis fan it joadedom behannele as in reis troch de wrâldskiednis, wêryn de joaden delset waarden as in woekerjend folk, dat út selsferdigening ferdreaun of efter hekken yn getto's ôfsûndere wurde moast.
De grafyske útfiering fan plakaten en belettering jouwe in karakteristyk foarbyld foar de klisjee-eftige byldspraak fan 'e antysemityske propaganda fan it rezjym. Mei foto's en ôfbylden waarden "typyske joadske skaaimerken" ôfbylde. Op de reklameposter fan de eksposysje wie bygelyks in typyske East-Europeeske joad yn in kaftan te sjen, mei yn syn iene hân gouden munten, yn 'e oare hân in swipe en ûnder de earm de foarm fan Ruslân mei hammer en sichte, dy't it joadedom mei it bolsjewisme ferflechtsje moast.
De eksposysje moat lykas de yn 1940 útbrochte film mei deselde namme as ûnderdiel fan de folgjende pogroms en de Holocaust sjoen wurde. It doel fan de eksposysje wie om 'e lêste morele wjerstân ûnder de Aryske befolking út te bannen troch keunstmjittige gefoelens fan eangst, oergeunst en haat tsjin joaden op te roppen. Neffens plysjeberjochten bestie der in direkt ferbân tusken de eksposysje en it tanimmend tal antysemityske oanfallen.
Ferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eksposysje "Der ewige Jude" wie ornearre om troch it lân te reizgjen en waard foar it earst op 8 novimber 1937 yn 'e Bibliothek des Deutschen Museums yn München troch Joseph Goebbels iepene. It wie de tredde tentoanstelling fan in syklus fan 'e saneamde Schandausstellungen. Yn 1936 sette dy trijelûk útein mei de antybolsjwistyske eksposysje, de folgjende eksposysje behannele de "Entartete Kunst" ('Untaarde Keunst') en de tredde wie "Der Ewige Jude". Yn München wie de eksposysje oant 31 jannewaris 1938 te besjen en goed 400.000 minsken besochten de tentoanstelling. foar it earst yn 'e holden.
Neffens de ynformaasje oer de eksposysje hiene Jugendliche keinen Zutritt, mar learlingen fan de Münchener skoallen waarden mei in rûnlieding troch de eksposysje laat.
De útstalling waard yn Wenen fan 2 augustus oant 23 oktober 1938 yn 'e Nordwestbahnhalle toant en iepene troch Arthur Seyss-Inquart. Op de útstalling wiene foto's te sjen fan 'e eardere Weenske boargemaster Richard Schmitz en de kabaretier Fritz Grünbaum, dy't beide yn it konsintraasjekamp Dachau finzen sieten, mei de begeliedende tekst "Joaden en joadefeinten yn Dachau op simmerfakânsje". Weenske studinten wiene ferplichte om in besite te bringen oan de eksposysje en lykas yn München wie de eksposysje ek dêr mei 350.000 besikers in grut súkses.
Tusken 12 novimber 1938 en 13 jannewaris 1939 wie de eksposysje yn Berlyn te sjen. Yn it skaad fan 'e Kristallnacht krige de tentoanstelling dêr mei 250.000 minder omtinken. Ek yn 'e stêden Bremen, Dresden en lang om let yn Magdeburg wie de eksposysje te sjen, dêr't meiïnoar 80.000 minsken hinne gyngen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Der ewige Jude (film)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Der ewige Jude (Ausstellung) |