Springe nei ynhâld

Denver Pyle

Ut Wikipedy
Denver Pyle
akteur
Denver Pyle yn syn rol fan omke Jesse yn The Dukes of Hazzard.
Denver Pyle yn syn rol fan omke Jesse
yn The Dukes of Hazzard.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Denver Dell Pyle
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 11 maaie 1920
berteplak Bethune (Kolorado)
stoarn 25 desimber 1997
stjerplak Burbank (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf 19471997
offisjele webside
gjint

Denver Pyle (folút: Denver Dell Pyle; Bethune (Kolorado), 11 maaie 1920Burbank (Kalifornje), 25 desimber 1997) wie in Amerikaansk akteur, dy't syn karriêre begûn mei rollen yn westernsearjes en -films. Yn 'e Feriene Steaten krige er yn 'e sechstiger jierren in bekate bekendheid doe't er ferskillende kearen yn The Andy Griffith Show ferskynde yn 'e rol fan Briscoe Darling, mar yn 'e widere wrâld briek er pas yn 1979 troch, as omke Jesse yn 'e populêre tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard.

Denver Pyle waard yn 1920 berne yn it plakje Bethune, yn 'e steat Kolorado, as de soan fan boer Ben H. Pyle (1895-1988) en dy syn frou Maude (1899-1985). Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, learde Pyle noch in blaumoandei troch oan 'e Steatsuniversiteit fan Kolorado, yn Fort Collins, mar briek syn stúdzje úteinlik ôf om in karriêre yn 'e entertainmentyndustry te begjinnen. Hy wie drummer yn ferskate bands oant de Japanske oanfal op Pearl Harbor de Feriene Steaten yn 'e Twadde Wrâldoarloch behelle. Doe naam er tsjinst op 'e Amerikaanske keapfardijfloat en brocht de oarloch troch as seeman, yn faak nuodlike omstannichheden.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oarloch sette Pyle útein mei in filmkarriêre yn Hollywood. Yn 'e fyftiger en sechtiger jierren fertolke er figuranteroltsjes, gastrollen en oare lytse rollen yn in ferskaat oan Amerikaanske westernsearjes, wêrûnder Gunsmoke (14 kear), The Life and Legend of Wyatt Earp (9 kear), Dick Powell's Zane Grey Theater (7 kear), Frontier Justice (2 kear), en fierders û.m. The Lone Ranger, The Cisco Kid, Have Gun – Will Travel, Pony Express en How the West Was Won. Dêrnjonken wied er ek (yn soartgelikense rollen) te sjen yn oarsoartige searjes. Op it mêd fan films spile er yn ferskate westerns fan 'e ferneamde regisseur John Ford, wêrûnder The Horse Soldiers en The Man Who Shot Liberty Valance. Yn John Wayne syn The Alamo (1960) hied er de rol fan ien fan 'e frijwilligers út Tennessee, mei de namme Thumblerig. Fierders portrettearre er Sam Houston, de earste presidint fan it ûnôfhinklike Teksas, yn ferskate ôfleverings fan 'e rige The Adventures of Jim Bowie.

Pyle stie der ek om bekend dat er yn 1966 sawol de fertochte as it moardslachtoffer spile yn 'e lêste ôflevering fan 'e orizjinele Perry Mason-detektivesearje. Dêrtroch wied er de iennichste akteur dy't yn dy searje sawol it slachtoffer, as de fertochte, as (yn in eardere ôflevering) de eigentlike moardner spile hie. Pyle waard yn 'e Feriene Steaten lykwols pas echt ferneamd doe't er ferskate kearen yn The Andy Griffith Show ferskynde as Briscoe Darling, de noartske partriarch fan 'e Darling-clan fan muzikale berchbewenners. Yn it bûtenlân seach men him lykwols pas foar it earst doe't er Mad Jack spile yn 36 ôfleverings fan 'e searje The Life and Times of Grizzly Adams (1977-1978).

Denver Pyle yn 1962.

Dy lêste rol waard lykwols al rillegau yn it skaad steld fan in oarenien, doe't er yn 1978 troch tillefyzjeprodusint Gy Waldron cast waard yn 'e rol fan omke Jesse yn 'e hitsearje The Dukes of Hazzard, dy't rûn fan 1979 oant 1985. Dy rige gie oer twa neven, Bo en Luke Duke (spile troch John Schneider en Tom Wopat) dy't by harren wize âlde omke (Pyle) ynwennen en de korrupte county-kommissaris Boss Hogg en de net oersnoade sheriff Roscoe P. Coltrane kear op kear te fluch ôf wiene. Pyle wie mei Sorrell Booke (Boss Hogg) it iennichste lid fan 'e cast dat yn alle 145 ôfleverings fan 'e searje te sjen wie.

It súkses dat er mei The Dukes of Hazzard hie, belibbe Pyle neitiid nea wer. Yn 'e twadde helte fan 'e jierren tachtich spile er earst noch wat lytse roltsjes en gastrollen, mar nei ferrin fan tiid joech er suver ûngemurken it foltiids aktearwurk deroan, en ferskynde er allinne noch yn kameoroltsjes. Syn lêste optreden yn in film wie yn 1994, yn 'e komyske western Maverick, mei Mel Gibson en Jodie Foster, as in ferliezende gokker dy't fan 'e boppebou fan in rivierboat ôf de rivier yn springt om syn weardichheid te behâlden. Syn lêste tillefyzjewurk wie yn 1997 nochris as omke Jesse, foar de reünytillefyzjefilm The Dukes of Hazzard: Reunion!

Priveelibben en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1955 troude Pyle mei Marilee Carpenter (1924-2010), in produksje-assistinte by de filmstudio's fan Twentieth Century Fox. Se krigen twa soannen, David (1956) en Tony (1957). Hoewol't se yn 1970 skieden, ûnderfûn Pyle, neffens syn rouberjocht, oan syn ferstjerren ta Marilee har help en stipe by syn karriêre. Yn 1983 wertroude Pyle mei Tippie Johnston, dy't oan syn dea ta by him bleau. Pyle ferstoar op earste krystdei 1997 oan longkanker. Hy waard 77 jier en leit begroeven yn Forreston, yn Teksas.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.