B.R. Ambedkar
Bhimrao Ramji Ambedkar, better bekend as B.R. Ambedkar (Mhow, 14 april 1891 - New Delhi, 6 desimber 1956) wie in Yndiaask jurist, ekonoom, sosjaal wurker, sosjaal herfoarmer, politikus, skriuwer en de foaroanman fan 'e dalits (de ûnoanrekberen, lju dy't bûten it kastestelsel falle). Hy is bekend as de foarsitter fan 'e kommisje dy't de grûnwet fan Yndia opstelde. Hy tsjinne ek as earste minister fan Justysje fan it ûnôfhinklike Yndia. Hy ynspirearre de dalit-boedistyske beweging nei't er him yn 'e 1950-er jierren bekearde fan it hindoeïsme ta it boedisme út protest tsjin it oanhâldend skeinen fan 'e rjochten fan 'e dalits troch hindoes.
Nei't Ambedkar in stúdzje ôfrûne hie oan 'e Universiteit fan Bombay, studearre er ekonomy oan 'e Universeit fan Columbia yn 'e Feriene Steaten en oan 'e London School of Economics yn it Feriene Keninkryk. Hy behelle fjouwer doktoraten. Hy wie yn 'e tweintichste iuw de heechst oplate politikus fan 'e wrâld. Yn 2012 waard er yn in lanlike opinypeiling keazen as "de Grutste Ynjer".
Ambedkar spriek op foar de rjochten fan lju dy't net yn tel wiene. Hy spile in wichtige rol op it mêd fan gelikensens, sosjale rjochtfeardichheid, frouljusrjochten, rjochten fan 'e ûnderdrukten, en de ûntjouwing fan 'e demokrasy yn Yndia.
Yn 1990 waard him postúm de "Bharat Ratna" takend, de heechste boargerlike ûnderskieding fan Yndia. Hy wurdt troch syn oanhingers noch altyd eare mei de groet jai Bhim (letterlik: "Heil Bhim"). Der wurdt ek nei him ferwiisd mei de bynamme Babasaheb, dat "Respektearre Heit" betsjut.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yndiaask sosjaal wurker
- Yndiaask sjoernalist
- Yndiaask abbekaat
- Yndiaask sosjaal aktivist
- Yndiaask polityk aktivist
- Yndiaask minskerjochte-aktivist
- Yndiaask revolúsjonêr
- Yndiaask pasifist
- Yndiaask politikus
- Yndiaask filosoof
- Yndiaask publisist
- Yndiaask autobiograaf
- Yndiaask minister
- Yndiaask parlemintslid
- Orator
- Boedist
- Boedistysk learaar
- Maratysk persoan
- Persoan berne yn 1891
- Persoan stoarn yn 1956