Alter Kacyzne
Alter Kacyzne | ||
Alter Kacyzne | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 31 maaie 1885 | |
berteplak | Vilnius | |
stoarn | 7 july 1941 (56 jier) | |
stjerplak | Tarnopol (Oekraïne) | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Fotograaf, skriuwer |
Alter Kacyzne (Vilnius, 31 maaie 1885, Russyske Ryk - 7 july 1941 yn Tarnopol, it hjoeddeistige Oekraïne) levere wichtige bydragen oan de Jiddyske literatuer, mar makke benammen namme as fotograaf fan it Joadske folk yn Poalen yn de jierren 1920 en 1930.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kacyzne waard berne yn in earme famylje fan ambachtslju. Syn heit wie mitseler, syn mem naaister en syn pake smid. Hoewol't er in pear jier nei in tradisjonele beukerskoalle en in Russysk-Joadske skoallemienskip gie, krige er letter syn wiidweidige talekennis yn it Russysk, Poalsk, Dútsk en Frânsk, lykas Jiddysk en Hebriuwsk, troch selsstúdzje. [1]
Nei it betiid ferstjerren fan syn heit gie er yn 'e lear by in fotograaf yn Jekaterinoslav yn it suden fan Oekraïne. Dêr begûn er gedichten te skriuwen yn it Russysk, dêr't twa fan publisearre waarden yn it Russyske tydskrift Jewreiski mir ('Joadske Wrâld') yn 1909. Yn dy tiid troude er ek mei Chana Chaczanow.
Beynfloede troch de ferhalen fan Leib Peretz, in pionier fan de moderne Jiddyske literatuer, ferhuze Kacyzne yn 1910 mei syn frou nei Warschau en waard er dêr syn learling. Fan 1918 ôf publisearre er gâns Jiddyske gedichten, toanielstikken, ferhalen, in roman, senario's, essays, reisferslaggen en fúljetons oant de ein fan syn karriêre.
Kacyzne stichte en publisearre ferskate tydskriften, wie foarsitter fan de Jiddyske PEN en wurke op mei ferskate teätergroepen en Jiddyske filmmakkers. Syn simmerhûs by Warschau, dat er om 1920 hinne kocht, wie soms in moetingsplak foar skriuwers: Israel Joshua Singer en syn bekendere jongere broer Isaac Bashevis Singer kamen dêr oer de flier.
Alter Kacyzne hie in bloeiende fotostudio oant syn famylje yn 1939 út Warschau wei flechte. [1] De kamera wie ek syn konstante maat op syn reizen foar lêzingen en foardrachten, dy 't him nei de fierste úthoeken fan Poalen brochten, en yn 'e rin fan 'e jierren garre er in wiidweidich argyf fan foto's fan it deistich libben út alle lagen fan 'e befolking. Syn histoarysk weardefolle kolleksje waard lykwols ferneatige ûnder de nazi-besetting, op in seleksje fan likernôch 700 foto's nei, dêr 't er de measte fan nei New York stjoerd hie as bydragen oan it Jiddyske deiblêd Forverts. [1] As fotograaf reizge er ek nei Roemenië, Italië, Palestina, Spanje en Marokko.
Hoewol 't Kacyzne oan de foarjûn fan de Twadde Wrâldoarloch de útreispapieren foar de Feriene Steaten hie, koe er net beslute om syn heitelân te ferlitten. Earst nei de Dútske ynvaazje fan Poalen yn septimber 1939 flechte Kacyzne fan Warschau nei it troch de Sovjet Uny besette Lviv. [1] Yn 1941 foel de Dútske Wehrmacht Lviv binnen: frou Chana en harren dochter Sulamita bleaune achter, wylst Kacyzne te foet mei tûzenen oaren nei Tarnopol flechte.
Op 7 july waard Alter Kacyzne troch in Oekraynske kollaborateur deaslein op it Joadske begraafplak yn de stêd, dy't wilens troch de nazy's beset wie. It eachtsjûgeferslach dat yn 1945 publisearre waard troch de Jiddyske dichter Nachman Blitz, dy 't de Oekraynske pogrom oerlibbe hie, wie ien fan de earste beskriuwingen fan de ferskrikkingen fan de nazi-ferneatiging fan de Joaden. Wylst Kacyzne's dochter Sulamita de wrâldkriich oerlibbe en har libben wijde oan har heit syn neilittenskip, waard syn frou Chana fermoarde yn it ferneatigingskamp Belzec. [2]
Fotografysk wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De cheder (Joadske legere skoalle). Lublin. 1924
-
Wolf Nachowicz, de deagraver, leart syn pakesizzer lêzen, wylst de beppe fan de jonge mei wille tasjocht. (Biała Podlaska, provinsje Lublin).
Boeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karút:
- Shtarke und shvache. 1930, roman.
- Poyln. Eine untergegangene jüdische Welt.
Teäterstikken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dukus. 1925 (De Hartoch)
- Hurdus. 1926 (Herodes)
- Dem yidn's opere. 1937 (Joadske opera)
- Shvartsbard. 1937 (oer Scholom Schwartzbard)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alter Kacyzne fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
- Litousk fotograaf
- Litousk toanielskriuwer
- Litousk dichter
- Litousk koarte-ferhaleskriuwer
- Litousk romanskriuwer
- Litousk essayist
- Litousk reisferhaleskriuwer
- Litousk senarioskriuwer
- Poalsk fotograaf
- Poalsk toanielskriuwer
- Poalsk dichter
- Poalsk koarte-ferhaleskriuwer
- Poalsk romanskriuwer
- Poalsk essayist
- Poalsk reisferhaleskriuwer
- Poalsk senarioskriuwer
- Skriuwer yn it Jiddysk
- Litousk persoan fan Joadsk komôf
- Poalsk persoan fan Joadsk komôf
- Poalsk persoan fan Litousk-Joadsk komôf
- Holokaustslachtoffer
- Moardslachtoffer
- Persoan berne yn 1885
- Persoan stoarn yn 1941