Algerynske mûs
Algerynske mûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Mus spretus | ||||||||||||
Lataste, 1883 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Algerynske mûs (wittenskiplike namme: Mus spretus), soms ek wol Westmediterraanske mûs neamd, wat eins in tapasliker oantsjutting is, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen, dat foarkomt yn 'e lannen om it Westlik Bekken fan 'e Middellânske See hinne. Dizze soarte is tige nau besibbe oan ús hûsmûs en kin him dêr ûnder betingsten mei fuortplantsje. Soms wurdt er sadwaande as in ûndersoarte fan 'e hûsmûs sjoen, mar oer it algemien wurdt er as in aparte soarte beskôge. De krekte relaasje fan 'e Algerynske mûs mei de hûsmûs is ûndúdlik, mar it is mooglik dat de Algerynske mûs de ierste evolúsjonêre ôfwiking fan 'e hûsmûs fertsjintwurdiget.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Algerynske mûs komt nettsjinsteande syn namme foar yn grutte dielen fan noardwestlik Afrika en súdwestlik Jeropa. Ta syn ferspriedingsgebiet hearre de Mediterrane kustgebieten fan Tripolitaanje (Lybje bewesten de Golf fan Sirte), fia Tuneezje oant yn eastlik Algerije en fan westlik Algerije oant Marokko; fierders in stik fan 'e Atlantyske Marokkaanske kust en it binnenlân oant en mei it Atlasberchtme; en yn Jeropa hiele Portegal, grutte dielen fan Spanje (de Baleären ynbegrepen) en súdlik en súdeastlik Frankryk (yn 'e omkriten fan Toulouse en yn 'e Rônedelling mei as noardgrins Valence). Der bestiet ek in isolearre populaasje fan 'e Algerynske mûs yn it kustgebiet fan Syrenaika (Lybje eastlik fan 'e Golf fan Sirte). Yn noardlik en noardwestlik Spanje ûntbrekt er.
Der binne binne Pleistosene fossilen fûn yn ferskate parten fan Noard-Afrika, wêrfan't de âldsten, út Marokko, mear as 40.000 tebek geane. Dat tsjut derop dat de Algerynske mûs syn oarsprong yn Noard-Afrika hie. Teoryen dat er yn Jeropa mei de komst fan 'e minske yntrodusearre wêze soe, lykje ûnwierskynlik om't de Algerynske mûs, oars as de hûsmûs, gjin komminsale (mei de minske gearlibjende) soarte is. Lykwols soe it skoan kinne dat de komst fan 'e minske, en dêrmei fan 'e lânbou, de súksesfolle migraasje fan 'e Algerynske mûs nei Jeropa yn 'e Nije Stientiid mooglik makke hat.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Algerynske mûs liket sterk op 'e hûsmûs, en kin dêr it maklikst fan ûnderskaat wurde troch syn koartere sturt. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 8-9⅓ sm, mei in sturtlingte fan 6-7⅓ sm en in gewicht fan 15-19 g. Syn pels is brunich oer it grutste part fan syn lichem, mar ljochtet op 'e bealch ta oant opfallend wyt of krêmkleurich.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Algerynske mûzen jouwe de foarkar oan iepen terreinfoarmen, lykas gerslân, ikkers en romme, plattelânske tunen, mei hjir en dêr wat strewelleguod dat as beskutting tsjin rôfdieren tsjinje kin. Se mije bosken en minsken, en komme nea foar yn gebouwen mei minsklike bewenning, mar út en troch nimme se har yntrek wolris yn in skuorke of in hok dêr't men mar selden komt. De Algerynske mûs is oanpast oan it libjen yn drûge kontreien, en is yn berchtmen oant op 1.400 m oantroffen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Algerynske mûs is yn haadsaak in nachtdier, dat grutdiels libbet fan gerssied, fruchten en ynsekten. Ut ûndersyk is bleken dat er takin mei twatrêde part fan it drinkwetter dat de hûsmûs brek is. Natuerlike fijannen binne û.m. ûlen en oare rôffûgels, martereftigen as de wezeling en de harmeling, en ferskate soarten slangen. Folwoeksen mantsjes hawwe in territoarium fan likernôch 340 m², dy't de lytsere territoaria fan ferskate wyfkes oerlaapje, mar net de territoaria fan oare mantsjes. Hoewol't se har territoaria tsjin oare mantsjes ferdigenje, binne se dêrby minder agressyf as de hûsmûs en brûke se der leaver in rituële fêststelling fan dominânsje foar as iepentlik geweld. Men hat sjoen hoe't Algerynske mûzen harren eigen kjitte út har neiste wengebiet wei opromje, wat yn skril kontrast stiet ta it hâlden en dragen fan 'e hûsmûs op dat mêd, dy't net skjin te krijen is.
Algerynske mûzen kinne har ûnder optimale omstannichheden njoggen moannen fan it jier fuortplantsje, mar fan novimber oant jannewaris binne se net seksueel aktyf. Har draachtiid duorret 19-20 dagen en resultearret yn 2-10 bline, keale jongen. Dy begjinne mei 2-4 dagen hier te krijen, wylst de earkes mei 3-5 dagen iepengeane en de eachjes mei 12-14 dagen. Sadree't se sjen kinne, begjinne se fêst foer te iten, mar dêrnjonken drinke se noch by de mem oant se mei 3-4 wiken it nêst ferlitte. Mei 8-9 wiken binne se folgroeid, mar foar dy tiid binne se al geslachtsryp. Harren libbensferwachting bedraacht maksimaal in jier en trije moannen.
Krusingen mei de hûsmûs
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Algerynske mûzen en hûsmûzen binne sa nau besibbe dat se har mei-inoar fuortplantsje kinne, al bart dat yn it wyld nea, mooglik om't de beide soarten ferskillende habitats bewenje. Yn finzenskip kinne mantsjes fan 'e hûsmûs mei wyfkes fan 'e Algerynske mûs krúst wurde; de manlike jongen dy't út sa'n krusing fuortkomme, binne ûnfruchtber, mar de froulike jongen kinne har fuortplantsje. Lykwols wegerje mantsjes fan 'e Algerynske mûs wat mei wyfkes fan 'e hûsmûs fan dwaan te hawwen; ynstee falle se har oan en jeie se har fuort.
Opsomming fan ûndersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 2 (stân fan saken yn 2014) erkende ûndersoarten fan 'e Algerynske mûs:
- Mus spretus spretus
- Mus spretus parvus
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |