Afrikaanske dwerchein
Afrikaanske dwerchein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Jerk (foargrûn) en sijke (eftergrûn). | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Nettapus auritus | ||||||||||||
Boddaert, 1783 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Ferspriedingsgebiet Afrikaanske dwerchein |
De Afrikaanske dwerchein (Nettapus auritus) is in tropyske einfûgel fan it skaai dwercheinen (Nettapus). De soarte libbet yn sompige gebieten mei in soad planten yn Afrika besuden de Sahara en op Madagaskar.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't de dwerchein in snaffel hat lykas in goes, binne se mear besibbe oan 'e einen. It is de lytste wetterfûgel fan Afrika en ien fan 'e lytste wetterfûgels fan 'e wrâld.
De ein is 27 oant 33 sm lang en 260 oant 290 g swier. It mantsje hat in wyt gesicht en in irisearjende swarte streek, dy't op 'e krún begjin en oer de efterkant fan 'e hals trochrint oant op 'e rêch. Op 'e sydkant fan 'e kop en de hals sit in ovale, griene flek omseame fan in swarte râne. De rêch is metallic grien. De sechtjin sturtfearren binne swart. De fearren fan 'e wjukken binne swart mei in metallic griene irisaasje op 'e dekfearren mei in wite balke oer de sekundêre earmfearren. De boppekant fan it boarst en de flanken binne ljocht kastanjebrún en de búk is wyt. De ein hat in smelle wite ring om ' e hals.
Wyfkes hawwe in griis gesicht mei in donkerbrune eachstreek en flekkerige brún op 'e wangen en nekke. Se ha in donkerbrune foarholle, krún en efterkant fan 'e nekke mei wat irisaasje, mar minder glânzgjend as it mantsje. In griene flek lykas by it mantsje ûntbrekt. It boarst en de flanken hawwe in donkere kastanjekleur en de rêch is donkerbrún. De fearren fan 'e wjukken binne brúnswart mei útsûndering fan in wite balke op 'e sekundêre earmfearren. It ûnderste diel fan 'e snaffel is giel, it boppeste diel is flekkerich mei brún en in donkerbrune punt. De poaten binne donkergriis oant swart.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Afrikaanske dwerchein boud faak in nêst fan gers yn beamholtes, mar der binne fariaasjes. Der wurden likernôch 6 oant 12 (yn 'e regel 9) aaien lein, dy't troch it wyfke útbret wurde. It mantsje bliuwt tichteby en ferdigenet it territoarium.
Leefgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ein is net honkfêst en libbet fan Senegal yn it west oant Eritreä en Somaalje yn it east en nei it suden ta oant yn it meast eastlike diel fan Súd-Afrika en op Madagaskar, mar net yn it súdwesten fan Afrika. Hy mei graach yn sompige gebieten, marren en stadich streamend wetter wêze mei in soad planten lykas wetterleeljes. Yn Etioopje, Sambia en Madagaskar wurdt de fûgel ek yn berchgebieten oan 1800 m hichte oantroffen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e Afrikaanske dwerchein is tige grut en sadwaande is de kâns op útstjerren lyts. Hoefolle fûgels der binne is net bekend. It is wol dúdlik dat it oantal tebek rint. Dat hat te meitsjen troch de yntroduksje fan frjemde fisksoarten, dy't foar de ynhiemske wetterplanten net goed binne. Ek it droechlizzen fan sompen troch minsken soargje foar minder dwercheinen. De efterútgong giet lykwols net hurd en is minder as 30% yn 'e tsien jier. Dêrom stiet de Afrikaanske dwerchein net op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Afrikaanske dwerchein libbet fan it sied fan wetterleeljes en oar sied fan driuwende planten, mar ek ynsekten en lytse wingeleaze dierkes. Se wurde faak yn pearkes en lytse groepkes waarnommen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:African pygmy goose
|
- Fûgelsoarte
- Dwerchein
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kaapverdje
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn de Komoaren
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Majot
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Uganda