Springe nei ynhâld

Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 mai 2020 om 23.11 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Eleanor Roosevelt mei de Ferklearring (1949)

De Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske is in ferklearring dy't oannommen is troch de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes (A/RES/217, 10 desimber 1948), om de grûnrjochten fan de minske te beskriuwen. It earste ûntwerp wie fan John Peters Humphrey.

Nettsjinsteande dat it gjin binende ferklearring is, is hy wol brûkt as basis foar twa binende FN ferdraggen foar de minskerjochten, nammentlik it Ynternasjonaal ferdrach oangeande boargerrjochten en politike rjochten en it Ynternasjonaal ferdrach oangeande ekonomyske, sosjale en kulturele rjochten. De Universele ferklearring fan de rjochten fan de minske wurdt noch altyd in soad brûkt troch wittenskippers, abbekaten en grûnwetlike rjochtbanken.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]