Springe nei ynhâld

Kennewick (Washington)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 mai 2019 om 07.42 troch Frou Watzema (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kennewick
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Washington.
County Benton County
Boargemaster Steve Young
Sifers
Ynwennertal 73.917 (2010)
Oerflak 73,45 km²
Befolkingsticht. 1059,8 / km²
Stêdekloft Tri-Cities: 253.340 (2010)
Hichte 124 m
Oar
Stifting 1880
Postkoade 99336, 99337,99338
Tiidsône Pacific (PST) UTC-8
Simmertiid UTC-7
Offisjele webside
www.go2kennewick.com

Kennewick is in stêd yn Benton County yn de Amerikaanske steat Washington. Neffens de folkstelling fan 2010 hie it plak 73.917 ynwenners en yn 2012 neffens in rûzing 75.971. It is de grutste stêd fan de stêdekloft fan de Trije Stêden Tri-Cities. De oare beide stêden binne Richland en Pasco. Kennewick leit op de súdwâl fan de rivier de Kolumbia tsjinoer Pasco en leit justjes eastlik fan de ôfsplitsing fan de rivier de Yakima. De heuvelrige Horse Heaven Hills rint besuden de stêd lâns.

Kabel brêge en Tri-Cities Vietnam Memorial

Op 28 july 1996 binne op de wâl de oerbliuwsels fûn fan in pre-histoaryske man, Kennewick Man dy sa'n 9300 jier ferlyn libbe. De namme Kennewick betsjut gêrzich gea yn de yndiaanske sprake. It is ek wol Winter Paradys neamd, om de mylde winters yn de omkriten. Yn de 1880er jierren stoomboaten en it spoar ferbûn fan wat Kennewick wurde soe nei oare plakken oan de Kolumbia. Yn 1887 in tydlike brêge wie boud troch it Noard Pasifysk Spoar (Northern Pacific Railway) dy Kennewick mei Pasco ferbûn. In nije bettere brêge waard yn 1888 boud, om't foarhinne fracht ferfier fan Minneapolis nei Tacoma oer it fear moast. Yn de 1890er jierren waarden gemalen boud en sleatten groeven om wetter te ferfieren foar it bewetterjen fan it drûge gea, sa't lânbou mooglik makke waard. Fruithôven waarden omraak oanlein. Ek ierdbeien waarden yn soad ferboud. Kennewick waard offisjeel in gemeente op 5 febrewaris 1904. Yn 1912 waard besocht om it bestjoer fan de county nei de stêd te heljen fanút Prosser. Dat slagge net want it krige krekt de 60% fan de stimmen net, dy't fereasken wiene. Yn 1915 waard it Celilokanaal by The Dalles, Oregon iepene en dêrtroch krige Kennewick in iepen ferbining mei de Grutte Oseaan. Tidens de Twadde Wrâldkriich waard it Hanford Nukleêr Reservaat boud yn it ramt fan it Manhattan Projekt, sa'n 15 km benoarden Kennewick, en dat brocht in soad wurkgelegenheid en ekonomyske foarútgong foar de stêd.

Kultuer en ekonomy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Histoarysk sintrum Kennewick

Kennewick leit oan de Kolumbia en ek op it Lewis and Clark Trail. Der is in 160 bunder grut park lâns de Kolumbia, it Columbia Park. It sintrum wurdt op dit stuit renovearre, om it oansjen en histoaryske karakter sterker te meitsjen. Ferskate keunstwurken binne ferrjochte en de strjitten en stoepen ferbettere. Bûtyk winkeltsjes, keunst gallerijen, kafee's, restaurants, wynbarren en in pear lytse lokale bierbrouwerijen binne der te finen.

De Kolumbia mei de Kabelbrêge, dy't Pasco (lofts) mei Kennewick (rjochts) ferbynt

Oare kulturele plakken:

  • Toyota Center, dêr't it thússtadion is fan de Tri-City Americans hockey team fan de Western Hockey League en it binnendoar football team Tri-Cities Fever en noch in soad oare barrens as konserten ensfh.
  • Wetter fleantúch races fbarre op de rivier de Kolumbia yn july elts jier.
  • Benton-Franklin Merke, elts jier yn augustus
  • Jierlikse triatlons Titanium Man en Plutonium Man.
  • Columbia Center Mall, it grutte winkelsintrum dy't it súdeasten fan Washington betsjinnet.
  • Clover Island fjoertoer, boud yn 2010, is 20 m heech, stiet op in eilantsje yn de Kolumbia flakby it sintrum yn in renovearre wâls kant, dêr't hotel, plesierhaven en restaurants te finen binne.
Clover Island Fjoertoer

Kennewick hat in drûch lânklimaat. It gea hat in woastynklimaat, mei mylde winters, somtiden kâlde sigerige winen en inkeld ek wol ris snie, waarme simmers en in trochsneed wetter delfal fan 197,1 mm. Kennewick leit yn ien fan de drûchste geaen fan de steat, wêrmei de stêd de helte fan de wetter delfal fan Spokane en in achtste fan wetter delfal fan Astoria, Oregon krijt, om't de Cascades Berchtme in reinskaad foarmet, wêrmei't it measte delslach oan de westkant bart.

By de folkstelling fan 2010 wennen der 73.917 minsken yn de stêd. Der wiene 28.507 wentes. De befolking bestie út 78.50% blanken, 1,7% Afro-Amerikanen, 0,8% yndianen, 2,4% Aziaten, 0,2% Pasifysk Eilanners, 12,1% fan oare rassen en 4,3% fan mjukste rassen. Etnysk wennen der 24,2% Hispanics of Latino's. 84,6% hie Ingelsk en 12,5% hie it Spaansk as earste taal. Der wennen 27.266 hûshâldings yn de stêd, wêrby 37,6% bern ûnder de 18 hiene. De trochsneed âldens yn de stêd wie 32,6 jier, wêrby 28,2% fan de befolking wie ûnder 18 jier en 10,9% wie âlder as 65 jier. It trochsneed húshâld ynkommen yn 2000 wie $41.213. 12,9% fan de befolking libbe ûnder de earmoedegrins.

De Rykswei Yntersteat 82 rint by de stêd lâns fan Yakima út it westen wei nei Umatilla, Oregon yn it suden. De Rykswei 395 rint fan Umatilla nei Pasco, wêr't it in tiid mei de 82 op itselde paad rint.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]