Hirschberg (Warstein)
Hirschberg | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
Lânkreis | Soest | |
Gemeente | Warstein | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1703 (1-10-2021) | |
Oerflak | 18,03 km² | |
Befolkingsticht. | 94 ynw./km² | |
Hichte | 432 m | |
Kaart | ||
Hirschberg is in lyts stedsje yn de Kreis Soest yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. It plak makket ûnderdiel út fan de gemeente Warstein. Sûnt 1 oktober 2020 hat Hirschberg 1703 ynwenners. It wite stedsje is benammen ferneamd om syn lizzing boppe op in berch en de dripstiengrot Bilsteinhöhle dy't tusken Hirschberg en Warstein yn leit.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hirschberg leit ûngefear 9 km westlik fan Warstein, it plakje op de berch krige yn de 14e iuw stedsrjochten, mar hat him fierder nea ta in echte stêd ûntwikkele.
Ein 16e en yn de earste helte fan de 17e iuw wie Hirschberg berucht fanwegen de hekseprosessen. De wreed ferneamde hekseferfolger Heinrich von Stapheiss (1586-1646) late fan 1616 ôf de prosessen, dêr't de pleatslike pastoar Michael Stappert fergees tsjin protestearre. Om 2011 hinne waard der yn de bosk oan de râne fan it stedsje op in eardere eksekúsjeplak in monumint oprjochte ta neitins oan de slachtoffers fan de heksejacht.
Likernôch 4 km eastlik fan Hirschberg is de Bilsteinhöhle, in dripstiengrot dêr't yn de midden-stientiid en jonge stientiid minsken (û.o. fan de Urnenveldencultuur en Klokbekerkultuer) libben. Nei alle gedachten libben der ek yn de Izertiid om 750 foar Kristus hinne foar in skoft ek minsken yn en om de grotten. Yn de grot binne ek fossilen fan û.o. de hoaleliuw en de hoalebear fûn. Yn in part fan de grot wurde rûnliedingen jûn. Yn de njonkenlizzende eardere jeugdherberch is in besikerssintrum ynrjochte. Om de grotten hinne is in Wyldpark ûntstien.
Bysûnderheden fan de stêd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken Hirschberg en Warstein yn leit de dripstiengrot Bilsteinhöhle. Om dizze grot hinne is in wyldpark ûntstien.
Khristoffeltsjerke: it koar en de earste travee datearje út de 14e iuw. It súdlike portaal waard boud yn 1708. Nei in hast folsleine sloop waard yn 1956 in gruttere tsjerke mei in toer op it suden ynhuldige. It alter fan 'e tsjerke datearret út de 18e iuw.
Pastorij: de uterlike foarm fan in pastorij, mei wen- en agrarysk part mei Latynsk opskrift, is oant de dei fan hjoed bewarre bleaun.
Marstall: de hynstestâl fan it eardere slot fan Hirschberg
Houtskovengebiet mei houtskoalhutte en ynformaasjeboerd oer de "houtskoalambachten yn it Sauerlân"
Berne yn Hirschberg
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wilhelm Hoff (1851 -1940 ), betinker fan it Prusyske spoarsysteem en minister fan iepenbiere wurken
- Ernst Assmann (1903–1979), heechlearaar yn de boskbou.
- Horst Langer (1939-), tafeltennisser
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Kristoffeltsjerke
-
Bilsteinhöhle
-
Wyldpark by de Bilsteinhöhle
-
Hirschberg
-
Restanten fan Schloss Hirschberg
-
Monumint ta neitins oan de hekseferfolging
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|