Wind River (film út 2017)
Wind River is in Amerikaansk-Britsk-Frânske neo-western en detektivefilm út 2017, dy't ek foar in skriller trochgean kin. De rezjy waard dien troch Taylor Sheridan, dy't ek sels it senario skreau. De haadrollen waarden spile troch Jeremy Renner en Elizabeth Olsen, as in spoarsiker en jager fan 'e U.S. Fish and Wildlife Service en in spesjaal aginte fan 'e FBI, dy't tegearre in moard- en ferkrêftingssaak yn it Wind River Yndianereservaat yn Wyoming besykje op te lossen. Sheridan skreau nei eigen sizzen it senario mei as doel om 'e kwestje fan it grutte tal fermiste en fermoarde lânseigen froulju yn Noard-Amearika ûnder de oandacht fan in breder publyk te bringen. Wind River waard yn jannewaris 2017 fertoand op it Sundance Filmfestival en gie yn augustus fan dat jier yn premiêre yn 'e bioskopen. De film krige oer it algemien positive kritiken en wie in kommersjeel súkses.
Wind River | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Taylor Sheridan | |
produsint | Matthew George Basil Iwanyk Peter Berg Wayne L. Rogers Elizabeth A. Bell | |
útfierend produsint |
Erica Lee Jonathan Fuhrman Braden Aftergood Christopher H. Warner Bob Weinstein Harvey Weinstein en oaren | |
senario | Taylor Sheridan | |
kamerarezjy | Ben Richardson | |
muzyk | Nick Cave Warren Ellis | |
filmstudio | Acacia Entertainment Savvy Media Holdings Thunder Road Films Film 44 | |
distribúsje | The Weinstein Company (oant okt. 2017) Lionsgate Films (fanôf okt. 2017) | |
spilers | ||
haadrollen | Jeremy Renner Elizabeth Olsen | |
byrollen | Graham Greene Kelsey Chow Apesanahkwat Julia Jones Gil Birmingham Jon Bernthal | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Feriene Keninkryk Frankryk | |
premiêre | 4 augustus 2017 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | neo-western, skriller, detektivefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 107 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $11 miljoen | |
opbringst | $47 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeCory Lambert is in spoarsiker fan 'e United States Fish and Wildlife Service, dy't as taak hat om rôfdieren ôf te sjitten as se it foar de moade krigen hawwe om fee oan te fallen. Oan 'e ein fan 'e winter ûntdekt er yn 'e djippe snie en bittere kjeld fan it Wind River Yndianereservaat, yn 'e Rocky Mountains fan 'e Amerikaanske steat Wyoming, it beferzen lyk fan in jonge Yndiaanske frou. Hy ken har werom as de achttjinjierrige Natalie Hanson, de bêste freondinne fan syn eigen ferstoarne dochter Emily. Se befynt har bleatfoets en sûnder gaadlike winterklaaiïng op in plak dat withoefier fan eltse bewenning ôf leit. It bloed út har skamstreek is har troch de klean hinne lekt.
Lambert skillet Ben Shoyo, de kommissaris fan 'e tribale plysje fan it Yndianereservaat, dy't op syn beurt kontakt opnimt mei de FBI, om't de federale resjerzje foech hat oer moardsaken op reservaatlân. De FBI stjoert de tichtstbye agint, dy't dy middeis arrivearret as der in sniestoarm geande is dy't de spoaren driget út te wiskjen. It is Jane Banner, dy't eins stasjonearre is yn it hjitte Las Vegas en oarspronklik út it like hjitte Fort Lauderdale komt, yn súdlik Floarida. Sy hat net it earste benul hoe't se yn it klimaat fan it Wind River Reservaat oerlibje moat, en hat sels gjin gaadlike winterklean by har, sadat se tarist wurde moat yn 'e klean fan Lambert syn deade dochter ear't se op 'e sniescooter nei it plak delikt brocht wurde kin. Dêr makket Lambert yndruk op har troch de spoaren yn 'e snie te lêzen. Hy makket dêr ûnder mear út op dat Natalie draaft hat oant se der dea by delfoel. Banner freget Lambert dêrop om har by it ûndersyk te helpen. Lambert, dy't syn eigen redens hat om by de saak belutsen bliuwe te wollen, stimt dêryn ta.
De oare deis bringt Banner mei kommissaris Shoyo in besyk oan 'e âldelju fan Natalie. Har mem is stikken fan fertriet en net oansprekber, mar fan har heit Martin komme se oan 'e weet dat Natalie in feint hie mei wa't se omsloech. Hy wit lykwols net wa't dat wie of hoe't er hiet. By de lykskôging stelt patolooch-anatoom Whitehurst fêst dat Natalie foar har dea mishannele en ferkrêfte is. Ek hie se befriezingsferskynsels oan har fuotten, noas en hannen. Hy befêstiget wat Lambert de deis tefoaren al sei, dat Natalie stoarn is trochdat de bloedfetten yn har longen iepenbarsten binne fanwegen de oanhâldende flugge ynazeming fan ekstreem kâlde lucht: yn leketermen is se dêrtroch ferdronken yn har eigen bloed. Hoewol't Whitehurst tajout dat it, de omstannichheden yn acht nommen, dúdlik in gefal fan moard is, kin er moard net as deadsoarsaak op 'e offisjele papieren ynfolje.
Dat betsjut dat de saak technysk sjoen net ûnder it foech fan 'e FBI falt, en dat Banner gjin oare aginten komme litte kin om in ûndersyksteam te foarmjen. Krektoarsom, sadree't se de befinings fan 'e patolooch-anatoom trochjout oan har superieuren sil se sels opdracht krije om 'e saak gewurde te litten en om werom te kommen. Se beslút it lykskôgingsrapport stil te hâlden en te besykjen om 'e saak eigenhandich op te lossen, mei help fan Lambert en Shoyo.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Natalie har stoflik omskot is fûn yn in gebiet dêr't frijwol gjin bewenning is, ôfsjoen fan in útwenne hûs dat in pear drugsdealers ta wente tsjinnet en in boarstasjon dêr't nei ierdoalje boarre wurdt, mar dêr't it wurk foar de winter stilleit. Natalie har broer Chip Hanson is in drugsferslaafde dy't by syn dealers ynwennet. Dat, trijeresom sette Banner, Shoyo en Lambert nei it hûs ta, dêr't Frank Walker, ien fan 'e drugsdealers, de plysjeminsken earst mei pepperspray en dan mei in fjoerwapen te liif giet. Banner sjit him dea, en as de oare dealer, Sam Littlefeather, en Chip Hanson troch de efterdoar besykje út te naaien, huft Lambert se mei in skeppe del. Lambert ûntdekt ek in sniescooterspoar dat by it hûs wei de bergen yn liedt. As hy en Banner it folgje, ûntdekke se in twadde lyk, dat al oanfretten is troch iesiters, diskear fan in folslein neakene man.
As se weromkomme by it hûs fan 'e drugsdealers, docht bliken dat de beide arrestanten net mei de plysje prate wolle. Lambert biedt oan om it te besykjen, mar Banner wol dat net, want om't er gjin plysje is en dus gjin foech hat, sil al wat er los wit te krijen, ûnjildich wêze as it ea ta in rjochtsaak komt. Efter har rêch om praat Lambert dochs mei Chip Hanson, dy't úteinlik tajout dat Natalie har feint in blanke man wie dy't Matt hiet. Banner is lulk as se útfynt wat Lambert dien hat. Letter dy jûns komt se by him thús om it út te praten. Se wol fan him witte hokker persoanlik belang oft er eins by de saak hat. Hy fertelt har dan oer de dea fan syn dochter Emily, trije jier earder. Hja rekke fermist nei in feestje by harren thús doe't Lambert en syn Yndiaanske frou Wilma net oanwêzich wiene. Har lichem waard úteinlik ûntdutsen yn 'e snie, krekt as Natalie harres, mar it wie doe al sa oanfretten troch de prêrjewolven, dat der gjin deadsoarsaak mear fêststeld wurde koe. Nimmen waard ea foar har dea oanklage. Banner fertelt Lambert dan op har beurt dat it lyk fan 'e neakene man identifisearre is as in Matt Rayburn, dy't as lid fan it befeiligingsteam wurke dat de masinery op it boarstasjon bewekket, sa'n sechstjin kilometer fan it plak ôf dêr't Natalie har lyk fûn is. Lambert liedt dêrút ôf dat de deade man dan Natalie har feint wêze moat.
De oare deis set Banner mei Shoyo, guon oare leden fan 'e tribale plysje en inkele helpsheriffs fan Fremont County ôf nei it boarstasjon om 'e oare befeiligingsminsken dêr te ûnderfreegjen en de barak dêr't Matt Rayburn tahold te ûndersykjen. De oare seis leden fan it befeiligingsteam fertelle dat Matt in pear dagen earder, nei in rûzje mei Natalie, oerémis ôfset is en dat se him net wer weromsjoen hawwe. Ien fan 'e mannen neamt dat se op 'e radio fan Natalie har dea heard hawwe, hoewol't aginte Banner seit dat der op 'e radio inkeld melding fan makke is dat it lyk fan in jonge frou fûn is, en dat Natalie har namme net frijjûn is. Ien fan 'e helpsheriffs merkt dan op dat de befeiligingslju de plysjeminsken stadichwei oan it besingeljen binne. De konfrontaasje eskalearret ta in ympasse wêrby't beide partijen de fjoerwapens lutsen hawwe en opinoar rjochte hâlde. De befeiligingslju hâlde út dat de tribale plysje en de helpsheriffs yn it boarstasjon hielendal gjin foech hawwe mei't dat bûten harren jurisdiksjegebiet leit. Banner wit de sitewaasje del te bêdzjen troch harsels as FBI-aginte bekend te meitsjen, en dêrmei as de iennichste dy't wol deeglik foech hat yn it boarstasjon.
Banner freget dêrop om yn 'e barak sjen te meien dêr't Matt Rayburn tahold, en Curtis, de lieder fan it befeiligingsteam, stimt dêryn ta. Dêrfoar moatte se earst Pete wekker meitsje, it lid fan it team dat de barak mei Matt dielt. Hy hat nammentlik nachttsjinst hân en leit dêrom no op bêd. As Banner op 'e doar fan 'e barak oankloppet, ferskoot it byld nei it binnenste fan 'e barak. Dêr komt in man ûnder de dûs wei en docht iepen; mar it is nacht en dejinge dy't oankloppet is Natalie Hanson. Yn dizze flashback wurdt toand hoe't Natalie inkele dagen tefoaren let op 'e jûn yn it boarstasjon kaam om har frijer te besykjen wylst de oare leden fan it befeiligingsteam lins hiene en nei de kroech gien wiene. Se bedriuwe de leafde, mar as se noch tegearre op bêd lizze, komme ûnferwachts de oare leden fan it team healdronken werom. Pete begjint te klieren en Natalie seksueel te yntimidearjen, oant Matt him op 't lêst in pear bêste terwinkels jout. De oare leden fan it team nimme dat net, en Matt rekket mei harren slaande deilis. Natalie besiket him te helpen, mar Curtis slacht har bewusteleas en dêrnei docht er itselde mei Matt. As Natalie wer by bewustwêzen komt, merkt se dat Pete har ûnderwilens begûn is te ferkrêftsjen, wylst de oare leden fan it team him helpe en oanmoedigje. Letter komt Matt ek wer by, en as er sjocht wat der geande is, falt er daliks Pete wer oan. De oare mannen begjinne him dan mei syn allen yninoar te slaan, wat Natalie de kâns jout om heal neaken en op bleate fuotten út 'e barak te ûntkommen. Matt wurdt lykwols troch syn maten deaslein.
Werom yn 'e tsjintwurdige tiid hat Cory Lambert ûnderwilens de spoaren fan it plak dêr't Matt syn lyk dumpt wie, weromfolge. Se blike yn in rjochte line werom te lieden nei it boarstasjon. Hy skillet mei syn satellyttillefoan kommissaris Shoyo op om him te warskôgjen, mar dat komt te let. As aginte Banner oankloppet op 'e doar fan 'e barak sjit Pete mei in ôfseage jachtgewear dwers troch de doar hinne. Banner rekket ferwûne oan 'e hals, brekt in stikmannich ribben en is eefkes yn 'e sûs, mar har kûgelfrij fest rêdt har libben. Underwilens brekt der in sjitpartij út tusken kommissaris Shoyo syn plysjeminsken en de befeiligingsmannen. De befeiligers komme de plysjes alhiel oer it mad en beskikke oer mitrailleurs. It gefolch is dat alle plysjes en ien fan 'e befeiligingsmannen omkomme. Curtis pakt Banner har pistoal ôf en wol har fan tichtby deasjitte, mar ear't er dat dwaan kin, wurdt er sels fuortblaasd troch in skot út it swiere kaliber jachtgewear fan Lambert, dy't yn syn wite kamûflaazjeklean fan 'e heuvelrêch boppe it kamp op 'e barakken delsjocht. Foar't de befeiligingslju goed en wol beseffe wat der bart, hat Lambert noch trije fan harren deasketten. Pete, de iennichste dy't noch oer is, flechtet ferwûne en mei lichte klean oan te foet út it kamp wei de wyldernis yn.
Lambert bejout him nei it kamp, dêr't er de ferwûne Banner yn ien fan 'e barakken bringt en har syn satellyttillefoan jout om help te krijen. Sy freget him om efter Pete oan te gean. Lambert seit dat er dat wol dwaan wol, mar dat se goed foar it ferstân hawwe moat dat er de man dan yn gjin gefal libben mei werombringe sil. Sy stjoert him der likegoed efter oan. Lambert hellet Pete maklik by en oerweldiget him. Dêrnei nimt er him mei nei in berchtop en lit him dêr op bleate fuotten gean. Natalie draafde sa'n 16 kilometer ear't se omkaam; Pete komt net fierder as in seishûndert meter foar't er it opjout en krepearret, en deselde dea stjert as it fanke.
Neitiid besiket Lambert Banner yn it sikehûs, dêr't er har in plúsjen alligator jout om har har thús (yn Floarida) tebinnen te bringen. Dêrnei giet er nei it hûs fan Natalie har âldelju. Har mem is einlings en te'n lêsten fan útputting yn 'e sliep fallen, mar har heit Martin Hanson sit bûtendoar mei ferve op syn gesicht en in revolver yn 'e hân. As Lambert him dêrnei freget, leit Hanson him út dat de ferve syn 'deadsgesicht' is en dat er fan doel wie om himsels fan kant te meitsjen. Wat him dêrfan ôfholden hat, is dat er krekt foar't er de hân oan himsels slaan woe, foar it earst yn jierren in tillefoantsje fan syn drugsferslaafde soan Chip krigen hat. Dy sit op it plysjeburo en wol dat syn heit him ôfhellet en nei hûs bringt. Lambert fertelt Hanson dat de moardsaak sletten is. As Hanson opmerkt dat er heard hat dat der noch ien fan 'e dieders omrint, bewissiget Lambert him derfan dat der nimmen mear omrint. Dêrnei bliuwe se noch in hoartsje yn stilte sitten en diele harren fertriet oer de dea fan harren dochters.
De ôftiteling fan Wind River begjint mei de tekst dat der yn 'e Feriene Steaten foar eltse mooglik demografyske groep statistiken byholden wurde oangeande it tal fermissings, útsein foar Yndiaanske froulju; hoefolle oft dêrfan fermist binne, is ûnbekend.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Cory Lambert | Jeremy Renner |
FBI-aginte Jane Banner | Elizabeth Olsen |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
plysjekommissaris Ben Shoyo | Graham Greene |
Natalie Hanson | Kelsey Chow |
Dan Crowheart, de skoanheit fan Cory Lambert | Apesanahkwat |
Wilma Crowheart Lambert, de eks-frou fan Cory Lambert | Julia Jones |
Martin Hanson, de heit fan Natalie Hanson | Gil Birmingham |
Matt Rayburn, de feint fan Natalie Hanson | Jon Bernthal |
Casey Lambert, de soan fan Cory en Wilma Lambert | Teo Briones |
Chip Hanson, de broer fan Natalie Hanson | Martin Sensmeier |
Pete Mickens, in kollega fan Matt Rayburn | James Jordan |
Curtis, de baas fan Matt Rayburn | Hugh Dillon |
Alice Crowheart, de skoanmem fan Cory Lambert | Tantoo Cardinal |
Dillon, in kollega fan Matt Rayburn | Matthew Del Negro |
Evan, in helpsheriff fan Fremont County | Ian Bohen |
dokter Randy Whitehurst, de patolooch-anatoom | Eric Lange |
Frank Walker, in drugsdealer | Tyler Laracca |
Sam Littlefeather, in drugsdealer | Gerald Tokala Clifford |
Annie Hanson, de mem fan Natalie Hanson | Althea Sam |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeWind River waard regissearre troch Taylor Sheridan nei in senario dat er sels skreaun hie. Yn in fraachpetear seid er dat er dêrta ynspirearre wie nei't er heard hie fan "tûzenen wierbarde ferhalen dy't der as twa drippen wetter op lieken." Dêrmei ferwiisde er nei it grutte tal fermiste en fermoarde lânseigen froulju yn Noard-Amearika. Mei syn film woed er dat ûnrjocht by in breder publyk ûnder de oandacht bringe. Wind River wie fierders it trêde part fan Sheridan syn ynformele trilogy fan neo-western-senario's oer "de hjoeddeistige Amerikaanske frontier", de foargrins fan 'e beskaving dy't noch altyd net trochkrongen is yn ôfhandige, ûnherberchsume dielen fan 'e Feriene Steaten. It earste diel wie Sicario, út 2015, en it twadde diel wie Hell or High Water, út 2016.
Wind River waard produsearre troch Matthew George, Basil Iwanyk, Peter Berg, Wayne L. Rogers en Elizabeth A. Bell foar de filmstudio's Acacia Entertainment, Savvy Media Holdings, Thunder Road Films en Film 44 yn gearwurking mei The Fyzz Facility, Riverstone Pictures, Voltage Pictures, Wild Bunch, Synergics Films, Star Thrower Entertainment en de Tunika-Biloksy Stamme fan Louisiana. It wie dêrmei in Amerikaansk-Britsk-Frânske ko-produksje. Om't der gjin grutte studio's by it meitsjen fan 'e film belutsen wiene, wurdt Wind River beskôge as in ûnôfhinklike film. It budget foar de film bedroech $11 miljoen.
As útfierend produsint wiene by de produksje fan Wind River belutsen: Erica Lee, Jonathan Fuhrman, Braden Aftergood, Christopher H. Warner, Bob Weinstein, Harvey Weinstein, David C. Glasser, Wayne Marc Godfrey, Robert Jones, Nik Bower, Deepak Nayar, Tim White, Trevor White, Nicolas Chartier, Jonathan Deckter, Vincent Maraval en Brahim Chioua. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ben Richardson, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Nick Cave en Warren Ellis. Foar de filmmontaazje wie Gary D. Roach ferantwurdlik, de produksje-ûntwerper wie Neil Spisak en de kostúms waarden ûntwurpen troch Kari Perkins. De casting waard dien troch Lauren Bass en Jordan Bass.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen fan Wind River setten op 12 maart 2016 útein en duoren oant en mei 25 april fan dat jier. Hoewol't de film spilet yn Wyoming waard er omreden fan belestingfoardielen filme op lokaasje yn ferskate dielen fan Utah. De binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Utah Film Studios yn Park City.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe film waard op 21 jannewaris 2017 fertoand op it Sundance Filmfestival yn Salt Lake City; hy gie op 4 augustus 2017 yn premiêre yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten, op 30 augustus yn Frankryk en op 8 septimber yn it Feriene Keninkryk.
De filmdistribúsje fan Wind River waard yn maaie 2016 ûnder it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes bemachtige troch The Weinstein Company (TWC) fan filmprodusint Harvey Weinstein. Mar yn oktober 2017, nei't der yn it ramt fan it #MeToo-skandaal rûnom beskuldigings fan seksueel misbrûk tsjin Weinstein utere wiene, waard bekendmakke dat Lionsgate Films de fierdere distribúsje fan Wind River dwaan soe. Dat kaam grutdiels del op fersprieding yn 'e foarm fan dvd, blu-ray en fia streamingtsjinsten, mei't de fersprieding nei bioskopen doe al efter de rêch wie. Regisseur Sheridan liet de namme en it logo fan The Weinstein Company fan 'e ôftiteling, trailer en ferpakking fan 'e film ferwiderje en easke dat it bedriuw alle jild dat it oan Wind River fertsjinne hie, oermeitsje soe oan in goed doel.
Untfangst
bewurkje seksjeWind River krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn it Amerikaanske tydskrift Variety omskreau Owen Gleiberman de film as "in humanistysk misdiedrama", wêrby't er lykwols oantekene dat Wind River "mear feardichheid as opwining hat." Peter Travers, dy't foar it blêd Rolling Stone skreau, priizge Sheridan syn rezjy sawol as de prestaasjes fan 'e cast, en joech de film trije fan fjouwer stjerren. Hy murk op dat it begjin fan Wind River "de oanset is ta wat in konvinsjonele detektivefilm west hawwe koe – lokkigernôch is Sheridan allergysk foar alles dat konvinsjoneel is. Foar him stiet aksje gelyk oan karakter, en hy hat it troffen dat er akteurs fûn hat dy't syn oanpak net inkeld begripe, mar dertroch ta bloei komme." Op 'e webside IndieWire wie David Ehrlich minder te sprekken oer de film, dy't er in B joech. Mar wylst Wind River neffens him te lijen hie fan 'e "oerdúdlike swakten fan Sheridan", fûn er dat de film ek it bêste sjen liet fan 'e sterke punten fan 'e regisseur. Hy omskreau Wind River sels as in "bittere, rouwe en hast paradoksaal yntinse skriller."
Yn 'e High Country News frege de Yndiaanske kommentator Jason Asenap him ôf wêrom't blanke senarioskriuwers dochs mar oanhâlde mei it meitsjen fan films oer Yndianereservaten. Hoewol't er de film priizge as "in skriller foar minsken dy't neitinke", grôtfol mei yngewikkelde personaazjes, en de oandacht dy't de film skinkt oan 'e fermiste Yndiaanske froulju "bewûnderendsweardich" neamde, bekritisearre er tagelyk it neffens him almar wer weromkearende motyf fan 'e "stjerrende Yndianen". Hollywoodregisseurs lykas Sheridan besykje de wrâld sjen te litten hoe't de Feriene Steaten de Yndianen bedondere hat, mar dogge dat neffens Asenap op in manear dy't misledigjend is foar de Yndianen sels. Hy skreau dat it libben yn 'e reservaten foar in grut diel fan 'e befolking miskien yndie dreech wie, mar fûn dat it oanfielde as in foarm fan minachting as in net-Yndiaan dêr de klam op lei. Fan Yndiaanske kant kaam fierders ek krityk oer it feit dat Sheridan de heal-Sineesk, heal-blank Amerikaanske aktrise Kelsey Chow yn 'e rol fan 'e Yndiaanske Natalie Hanson cast hie.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Wind River in heech goedkarringspersintaazje fan 87%, basearre op 231 ûnderskate resinsjes. Neffens de konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, is Wind River "in troch karakterûntwikkeling dreaun moardmystearje mei in fernimstich senario, in sterke cast en knaphandich yn byld brochte setting, dy't de yn 'e titel ûnthjitten bittere kjeld wiermakket." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Wind River in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 44 resinsjes. Bioskoopbesikers dy't nei it sjen fan 'e film befrege waarden troch PostTrak, joegen de film trochinoar in goedkarringspersintaazje fan 90% en in oanriedingspersintaazje fan 70%.
Resultaat
bewurkje seksjeWind River brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $33,9 miljoen op, en yn oare lannen nochris $13,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $47 miljoen, wat ôfset tsjin it budget fan $11 miljoen in skjinne winst fan $36 miljoen betsjutte. Wind River wie de op fiif nei meast opbringende ûnôfhinklike film fan 2017. Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes fan 2017 waard regisseur Taylor Sheridan foar de film nominearre foar in Caméra d'Or en wûn er in Prix Un Certain Regard yn 'e kategory bêste regisseur. Haadrolspiler Jeremy Renner waard yn 2018 foar syn optreden yn Wind River nominearre foar de Satellite Award foar bêste akteur, en de film sels waard dat jiers nominearre foar de Saturn Award foar bêste skrillerfilm.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |