Soest
Soest is in plak en gemeente yn de provinsje Utert. De gemeente hat 47.715 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en hat in oerflakte fan 46,47 km². Soest, Soesterberch en Soestdunen binne ryk oan bosken, dunen, heide en greiden dy’t oant 2009 in soad as oefenterrein brûkt waarden foar it Nederlânsk leger.
Soest | |
---|---|
Grutte tsjerke yn âld-Soest | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Utert |
boargemaster | Rob Metz (VVD) |
sifers en geografy | |
haadplak | Soest |
grutste plak | Soest |
ynwennertal | 47.715 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 1019 / km² |
oerflak | 48,65 km² |
● wêrfan lân | 46,24 km² |
● wêrfan wetter | 0,41 km² |
tal doarpen | 2 |
ferkearsieren | , , Siftske Spoarline |
skiednis | |
oprjochte | 1811 |
oar | |
netnûmer | 035 (033/0346 (Soesterberg)) |
postkoade | 3760-3769 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.soest.nl |
Oare kearnen
bewurkje seksjeGeografy
bewurkje seksjeDe gemeente Soest leit yn de Utertske Heuvelrêch tusken wâld, heidelân en sândunen. De gemeente wurdt begrinzge troch Baarn yn it noarden, troch Amersfoart yn it easten, troch Leusden yn it súdeasten en troch Seist yn it suden en westen.
Komôf namme Soest
bewurkje seksjeDe namme Soest: Zoys, Soyse, Suysen, Sose: Boarne op de grins fan hege en lege grûn. Of it komt fan delsetting oan 'side-east'. De oarsprong fan it doarp leit ek oan de eastside fan de Soester Eng.
Skiednis fan Soest
bewurkje seksjeDe earste spoaren fan (tydlike) bewenning om Soest binne fûn yn de Soester Dunen. ûngefear 11.000 jier foar Kristus befolken inkele jagersgroepen dizze streek. De fynsten bestienen út inkele stiennen stikjes ark út 8000 foar Kristus. De grêfheuvels op de Engh en dy yn de Muontsebosk binne fan ûngefear 2500 foar Kristus.
De earste fermelding fan it doarp Soest komt út 1028. Yn 2004 fierde it doarp dan ek har 975-jierrich bestean. Soest ûntstie as in koloanje út it tichtby lizzende Amersfoart. De earste boeren fêstigen har op de súdeast helling fan de Engh, in útrinner fan de Utertse Heuvelrêch. Sa wienen se beskerme tsjin de Sudersee, dy’t geregeld de Iempolder oerstreamde. De Engh waard ûntgûn en bedonge, sadat dy geskikt waard foar ikkerbou. Yn de polder weide it fee. De koloanje groeide út ta in lyts boeredoarp. Westlik, efter de Engh, lei it buorskip Heze, dat âlder as Soest wie. Heze ferdwûn lykwols trochdat de stodunen, de tsjintwurdige Soesterdunen, oan de wannel gienen en it buorskip yn de 15e iuw begroef. De namme Heze libbet noch troch yn de wiken Overhees en Hees.
Soest wie geregeld it slachfjild fan militêren. Al yn 1278 barde op de Engh in fjildslach tusken Hollân en Utert. Troch de stifting fan it kleaster Mariënburg yn 1470 waard Soest wichtiger en op 26 septimber 1472 krige Soest skeperjocht. Mar al oan it begjin fan de 16e iuw waard Soest plondere en platbaarnd troch de troepen fan Maarten fan Rossum. De nonnen waarden ferkrêfte en fan it kleaster bleau neat oer as pún. Yn de 17e iuw ûntstienen Zoestdyck en 't Hart. 't Hart wie in buorskip, dat bestie út skiephâlders en turfstekkers. Turfstekken barde trouwens al yn de 14e iuw yn it Soesterfean, mar yntinsivearre yn de rin fan de 17e iuw. De turf waard mei preammen, oer de Preamgrêft nei de Iem ferfierd.
Yn 1650 liet de doetiidske boargemaster fan Amsterdam in bûtenhûs bouwe oan de haadwei tusken Soest en Baarn, de Hofstede aen Zoestdijck, it hjoeddeiske Paleis Soestdyk, dat wyls yn it Baarnse gedielte fan Soestdyk leit. Yn 1674 liet steedhâlder Willem III it ferbouwe ta jachtslot. Soestdyk waard in doarp mei in oantal grutte bûtens, lykas Baarn, wylst Soest sels, it haaddoarp, in slûch boeredoarp bleau. Soestdyk was om 1890 in doarp dêr’t de elite út benammen Amsterdam delstruts. Sa wienen der in protte priveehuzen, mar ek ferskate hotels. De begoedigen kamen nei Soestdyk fanwege de skjinne loft en de moaie natoer. Yn 1895 gie de Soester hynstetram riden en yn 1898 waard Soest oansluten op it spoarnet. Om 1900 telde Soest noch mar 4700 sielen. Pas om 1920 groeiden Soestdyk en Soest oan elkoar. Yn 1945 telde Soest 16.000 ynwenners. Yn de jierren sechtich waard it doarp 'modernisearre'. Dat hold yn, dat in oantal bûtens sloopt waard, sadat de oerflakte fan de tunen eksxtra romte oplevere foar wenningbou en omdat it ûnderhâld fan de grutte filla’s gewoan te djoer wurden wie. De haadstrjitte fan Soestdyk ûndergie in metamorfoaze, wat efterôf net bepaald in ferbettering west hat. De steatige hearehuzen makken romte foar winkels en sosjale wenningbou. It doarp wie hjirtroch minder oantreklik woarn en stik foar stik slueten de hotels en pensjons de doarren. Bekende hotels wienen Hotel Trier, Hotel Eemland en it Oranjehotel.
Yn de jierren dêrnei wreide Soest him fierder út. De wiken Klaarwater en Smitsfean yn de jierren '70. Overhees yn de jierren '80. De meast resinte útwreiding is de Boerestreek, dêr’t sûnt 1997 yn fjouwer etappes boud wurdt. Soest telt no sa’n 47.000 ynwenners.
Berne
bewurkje seksje- Jan van Oort (1921-2006), fioelist en striptekener/-skriuwer (Jean Dulieu)
- Piet Ekel (1921), akteur
- Jeltien Kraaijeveld-Wouters (1932), ûnderwizeres en politika
- Otto Prinsen (1936-2006), byldzjend keunstner
- Cees Waal (1943), jurist en politikus
- Ilja Gort (1951), komponist, skriuwer en wynboer
- Jack Wouterse (1957), akteur
- Robert Roest (1969), earder proffuotballer fan ûnder mear FC Utrecht
- Julien Smink (1977), hurdfytser
- Janine Jansen (1978), fioeliste
- Daniël Stellwagen (1987), skaker
Bekende ynwenners
bewurkje seksje- Sharon den Adel, sjongster fan Within Temptation
- Robin Ammerlaan, rôlstoeltennisser
- André Aptroot, mykolooch
- Ria Bremer, sjoernaliste en tv-presintatrise
- Caroline de Bruijn, aktrise
- Ben van der Burg, eks-hurdrider
- Edwin Diergaarde, radio-dj, 3FM
- Cees van Drongelen, eks-AVRO presintator
- Gerard Ekdom, radio-dj, 3FM
- Piet Ekel, akteur
- Dirk Jan de Geer († 1960 yn Soest), âld-minister-presidint
- Wilfred Genee, tv-presintator en sportsjoernalist
- Hindrik Gosses de Jong († 2011 yn Soest), ûnderwiisman
- Bart in 't Hout, eks-direkteur RTL Nederland
- Peter Koelewijn, sjonger, muzykprodusint en radio-dj
- Herman Kuiphof († 2008 yn Soest), sportsjoernalist en tv-kommentator
- Jacobus van Looy († 1930), (fan 1886 - 1913), keunstskilder en skriuwer
- Kim-Lian van der Meij, sjongster, aktrice, tv-presintatrise en musicalstjer
- Benny Neyman († 2008 yn Soesterberch), sjonger
- Felix Louis Ortt († 1959), filosoof, fegetariër
- Rien Poortvliet († 1995 yn Soest), tekener en skilder
- Koos Postema, ferslachjouwer en tv-presintator
- Robert Roest, earder proffuotballer fan ûnder mear FC Utrecht
- Jean-Marc van Tol, yllustrator en kartoonist
- Rinke Tolman († 1983), fjildbiolooch, dichter en skriuwer
- Chris Uiterwijk († 1995), ymker, natoer- en miljeuaktivist
- Herman van Veen, kabaretier, sjansonnier, muzikant, akteur, regisseur en skriuwer
- Conny Vink, sjongster en entertainer
- Jan Visser, skriuwer, dichter en politikus
- Erik de Vogel, akteur
- Robert Westerholt, gitarist fan Within Temptation
- Ton Willems, skilder en byldhouwer
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Yn Soest stiet de dikste mammoetbeam fan de provinsje Utert
- Op de Soester Eng is stellingnôtmole De Windhond werboud en op 10 maaie 2008 yn gebrûk nomd.
- Fan oarsprong ein 13e-iuwske Petrus en Paulustsjerke, no Alde tsjerke neamd, sûnt de bou fan de R.K. Petrus en Paulustsjerke yn 1853, krige syn hjoeddeiske uterlik foar it grutste part yn de 15e iuw.
- Soesterdunen; Lange en Koarte Dunen, it grutste stodúnsangebiet fan de Utertse Heuvelrêch.
- De Herfoarme Emmatsjerke út 1930 is yn saaklik ekspresjonistyske styl ûntwurpen troch arsjitekt P. Beekman.
- Oan de Steenhoffstrjitte sit Museum Ald Soest yn it eardere kleaster Sint Jozef.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Soest | ||
---|---|---|
Doarpen: Soest • Soestduinen • Soesterberg | ||
Buorskippen: Soester Eng • Soestdyk | ||
· · |
Utert | |
---|---|
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden | |
· · |