Rotterdam
Rotterdam is in stêd yn it westen fan Nederlân, yn de provinsje Súd-Hollân. It is nei de haadstêd Amsterdam de twadde stêd yn it lân, en teffens it haadplak fan 'e gemeente Rotterdam. De stêd leit oan de mûning fan de Nije Maas yn de delta fan de Ryn en de Maas. Rotterdam foarmet it mulpunt fan de stêdekloft fan de Rijnmond en leit yn it súdwesten fan de Rânestêd. De skiednis fan Rotterdam giet tebek oant 1270, doe't der in daam yn de rivier de Rotte boud waard. Dêrnei festigen har lju by de daam. Yn 1340 joech de greve fan Hollân stedsrjochten oan Rotterdam.
Rotterdam | ||
De Erasmusbrêge fan de Euromêst ôf sjoen | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Súd-Hollân | |
Boargemaster | Carola Schouten (CU) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 606.265 (1 jannewaris 2024) 671.341 (gemeente, 1 jannewaris 2024)[1] 1.160.000 (agglomeraasje) 2.620.000 (metropoalregio) 8,219,380 (Rânestêd) | |
Oerflak | 132,08 km², 113,12 km² län, 18,96 km² | |
Befolkingsticht. | 5359 / km² | |
Stêdekloft | Rijnmond Metropoalregio Rotterdam-De Haach | |
Oar | ||
Stifting | 1340 | |
Ferkearsieren | A4 A13 A15 A16 A20 A29 RING | |
Postkoade | 3000-3099, 3196-3199 | |
Netnûmer | 010 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 55′ NB, 4° 30′ EL | |
Delfshaven | ||
Stedhûs | ||
Offisjele webside | ||
www.rotterdam.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Kaart fan Rotterdam |
- Dizze side giet oer de stêd Rotterdam. Foar de gemeente Rotterdam, sjoch: Rotterdam (gemeente).
Op 1 jannewaris 2024 hie Rotterdam 606.000 ynwenners. Der wenje minsken fan sa'n 180 ferskillende nasjonaliteiten yn de stêd. De Metropoalregio Rotterdam-De Haach, dy't in befolking fan likernôch 2,7 miljoen minsken hat, is de trettjinde yn grutte yn de Jeropeeske Uny en de grutste yn Nederlân. De Haven fan Rotterdam is de grutste haven fan Jeropa en hat in skoft de grutste haven fan de wrâld west. Rotterdam is ek ferneamd om de Erasmus Universiteit, bebouwing om de rivier hinne, in warber kultureel libben en syn nijmoadrige arsjitektuer. Doe't it âlde stedssintrum hast folslein ferwoaste waard troch it bombardemint op Rotterdam yn de Twadde Wrâldkriich, waard de stêd nei de kriich fannijs opboud mei in wikseljend arsjitektoanysk stedsbyld, wolkekliuwers ynbegrepen. Soks komt net in soad foar yn Nederlânske stêden. Ferneamde arsjitekten fan it nije Rotterdam wiene: Rem Koolhaas, Piet Blom en Ben van Berkel.
De Ryn en de Maas binne wetterferbinings mei it hert fan Jeropa, lykas it Ruhrgebiet. It wiidweidige ferfiersysteem mei ûnder oaren spoar, wegen en wetterwegen hawwe Rotterdam de bynammen sa as "Poarte fan Jeropa" en "Poarte fan de Wrâld" jûn. It Eurofyzjesongfestival fan 2020 soe yn Rotterdam holden wurde, mar waard fanwegen de COVID-19-pandemy skrast.
Skiednis
bewurkje seksjeIere Skiednis
bewurkje seksjeSûnt de njoggende iuw lei op it plak fan it hjoeddeiske stedssintrum fan Rotterdam de delsetting Rotta. Troch oerstreamings fan de feanrivier de Rotte (eartiids ek bekend as Rotta, dat sokssawat as "modderich", "ferslein" betsjut) rekke dy delsetting ûnbewenne. Dêrnei waarden diken yn de omkriten oanlein, lykas de Schielands Hoge Zeedijk (Hege Seedyk fan Skielân). Yn it ramt fan it bedykjen waard om 1260 hinne in daam yn de Rotte, op it plak dêr't de Hoogstraat de Rotte krúst, oanlein. Dêr krige Rotterdam syn namme fan. Om dy daam hinne ûntstie in nije delsetting, dêr't men ynearsten fan de fiskerij libbe. Al rillegau waard it ek in hannelsplak en waarden de earste havens oanlein. Op 17 maart 1299 joech greve Jan I fan Hollân Rotterdam stedsrjochten. Op 7 juny 1340 krige Rotterdam fannijs stedsrjochten fan greve Willem IV fan Hollân. Yn 1358 joech greve Albrecht fan Beieren tastimming om in stedsmuorre te bouwen, dy't twa jier letter foltôge waard.
Om 1350 hinne waard de Rotterdamske Skie groeven, dy't skipfeart nei it efterlân yn it noarden ferbettere.
De posysje fan Rotterdam waard fuortsterke troch de Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen tuske 1488 en 1490, doe't it troch jonkhear Frans van Brederode as útfalsbasis brûkt waard. Troch him ferlearen de doetiidske wichtigere stêden Delft al syn skippen en Gouda de helte fan syn hûzen.
Tusken 1449 en 1525 waard de letgoatyske Sint-Laurenstsjerke boud. Yn it midsiuwske Rotterdam wie dat it iennichste stiennen gebou. It wie in warber projekt, want Rotterdam hie yn dy tiid likernôch 1200 hûzen.
Yn 1572 waard Rotterdam plondere troch troepen fan de steedhâlder fan de Spaanske kening, Maksimiliaan fan Hénin-Liétard út Henegouwen. Yn 1573 keas de stêd de kant fan de Nederlânske Opstân. De stêd hie doe sa'n 10.000 ynwenners. Oan 'e ein fan de sechstjinde iuw, liet Johan van Oldenbarnevelt, dy't fan 1576 oant 1586 riedpinsjonaris wie, de haven útwreidzje, dêr't it it grûnwurk mei lei foar it takomstige wichtige plak dy't de stêd yn de seehannel nimme soe. Yn 1622 waard by in folkstelling it oantal ynwenners fan de stêd op 20.000 bepaald. Oan 'e ein fan de santjinde iuw hie de stêd al sa'n 50.000 ynwenners.
Nettsjinsteande it waaksen fan it ynwennertal, wreide de stêd net bûten syn wâlen út. It trijehoekige gebiet tusken Coolsingel, Goudsesingel en Nije Maas, dêr't de stêd doe yn lei, wie mar likernôch 140 bunder, dus rekke de stêd oerbefolke. Eins nei 1825 soe de stêd bûten dy grinzen útwreidzjen gean.
Fan de santjinde oant yn de njoggentjinde iuw fearne in soad Nederlânske skippen mei slaven út Afrika, nei Suriname en de Nederlânske Antillen, dêr't se ruile waarden foar guod dy't nei de Rotterdamske haven ferfierd waard. De Rotterdamske firma Coopstad en Rochussen wie nei de Middelburgsche Commercie Compagnie de grutste slavehannelmaatskippij fan Nederlân.
Untjouwing yn de 19e en 20e iuw
bewurkje seksjeYn de njoggentjinde iuw begûnen de rivieren de Scheur en de Brylske Maas te fersânjen en dat foarme in bedriging foar de tagong ta de haven fan Rotterdam. Dêrom waard ûnder kening Willem I tusken 1827 en 1831 it Kanaal troch Foarne op it eilân Foarne tusken Rotterdam en Hellefuotslûs groeven. Om't skippen yn de njoggentjinde iuw hieltyd grutter waarden, rekke dat kanaal lykwols rillegau te lyts. Ynzjenieur Pieter Caland hat dêrom warber in nij plan ûntwurpen. Yn 1866 waard mei it graven fan de Nije Wetterwei úteinset en it kaam ree yn 1872. Dêrtroch ûntstie fan de Nije Maas en Scheur in streekrjochte ferbining mei de Noardsee by Hoek fan Hollân. Nij it iepenjen fan de Nije Wetterwei naam de bedriuwigens yn Rotterdam hurd ta. Der waarden nije havens oanlein en it luts wurklju út alle parten fan Nederlân en derbûten oan. Troch it jild dat de stêd fertsjinne, waarden steatlike gebouwen boud yn it sintrum.
De stêd wreide rap út. Der waarden nije wiken bijboud en guon njonkenlizzende gemeenten waarden anneksearre. Oan 'e ein fan de njoggentjinde iuw waarden Delfshaven (1886, Kralingen, en in part fan Overschie en Carlois yn 1895 taheake. Noch mear nije havens waarden oanlein, lykas de Maashaven, Rynhaven, en Waalhaven. Troch de lânboukrisis, dy't geande wie, lutsen in soad boeren en oare plattellânslju, benammen út Noard-Brabân, nei de stêd. Der waarden foar de nijkommers fluch rigen goedkeape wenten boud, benammen op de súdlike Maas-ouwer, dy't dêrtroch de "boerekant" neamd waard. Tusken 1880 en 1900 woeks de befolking fan 160.000 ta 315.000 ynwenners. Yn 1920 wie de befolking al goed 500.000 ynwenners. Yn 1914 waard Hoek fan Hollân by de gemeente Rotterdam foege, en yn 1933 kamen Pernis en Hoogvliet derby.
Oan 'e ein fan de njoggentjinde iuw waard úteinset mei de bou fan de wiken Cool, Crooswijk en it Nije Westen. Fan 1914 waard der hieltyd mear nei it westen ta útwreide, mei Spangen, it Wite Doarp en Oud-Mathenesse.
It sintrum krige njonkelytsen ek mear oansjen. De âlde stedswâlen wiene al ôfbrutsen en de singels en grêften waarden foar it grutste part dimpt. Ek grutte parten fan de Rotte waarden dimpt. Havenmasters en de gemeente ynvestearren yn nijmoadrige grutte gebouwen dy't in ryk oansjen krigen. Nei it dimpen fan de Coolvest, ûntstie der in brede bûlevaar mei in nij stedhûs, in sjyk postkantoar en de Beurs. Yn de Earste Wrâldkriich, doe't Nederlân neutraal wie, wie Rotterdam in spionnestêd. Britske en Dútske geheime tsjinsten keazen Rotterdam as grûnwurk fan harren operaasjes.
Twadde Wrâldkriich
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Bombardemint op Rotterdam.
Op 10 maaie 1940 foel Nazy-Dútslân Nederlân yn. Dútske parasjutisten kamen del om Rotterdam-Súd hinne. Ek it Noardereilân waard beset. It Nederlânske garnizoen, oanfierd troch de ynfantery en it Korps Mariniers, beskeaten de Maas-ouwer en brêgen, dêr't it de Dútsers mar net slagge en nim it sintrum yn. Op 14 maaie moarns stjoerden de Dútsers in ûnderhanneler dy't mei de driging kaam dat de stêd ferneatige wurde soe. De Dútsers hiene mar in bytsje geduld en se besleaten it ferset te brekken.
Om healwei twaen middeis kaam it bombardemint op Rotterdam, dy't sa'n fearns oere duorre. De brân, dy't dêrtroch ûntstie, hie in ferneatigjende útwurking. Mear as 24.000 wenten waarden ferwoaste, 800 minsken kamen om it libben en 80.000 rekken dakleas. Doe't de Dútsers drigen en bombardearje Utert op deselde manier, wie dat reden foar de Nederlânske generaal Winkelman en kapitulearje.
It folsleine sintrum fan Rotterdam wie yn in púnheap feroare. Tagelyk mei de besetting, sette men útein mei it oprêden fan 'e pún. Parten fan de Skie en de Blaak en Kolk waarden dimpt mei it pún. De âlde Willemsbrêge en de spoarbrêge dernjonken wiene net skansearre, dus der wie noch hieltyd ferbining tusken de twa stedsparten. Op 14 febrewaris 1942 waard de Maastunnel iepene, dêr't mei de bou yn 1937 úteinset waard. Dat wie de earste autotunnel fan Nederlân. Yn 1941 waarden de gemeenten Hillegersberg, Schiebroek, Kralingseveer, IJsselmonde en de rêst fan Overschie by Rotterdam foege.
Op 31 maart 1943 bombardearren de Alliearden mei fersin in part fan Delfshaven, dêr't 326 minsken omkamen en 400 ferwûne rekken. Ek de hongerwinter fan 1944-1945 koste in soad libbens.
Sa'n 1400 fan de 11.000 Joaden yn de stêd hawwe de kriich oerlibbe, de rêst kaam om yn konsintraasjekampen. Op 10 en 11 novimber 1944 waard der in grutte razzia holden, dêr't 50.000 manlju tusken de 17 en 40 jier fuortfierd waarden om te wurkjen yn Dútslân.
Nei de Twadde Wrâldkriich
bewurkje seksjeNei de kriich waard Rotterdam weropboud. Yn it ramt fan fernijing en modernisearring waarden in soad skansearre gebouwen net wer opholpen, mar sloopt, sa as bygelyks de Bijenkorf. Yn de fyftiger jierren wie de weropbou yn folle gong. Yn 1953 waard de Lijnbaan dienmakke, dy't de earste autofrije winkelstrjitte fan Jeropa wie. Dat krige in soad ynternasjonaal omtinken. Ek yn 1953 waard it byld De Verwoeste Stad (De Ferwoaste Stêd) fan keunstner Ossip Zadkine ûntbleate. It nije Sintraal Stasjon kaam yn 1957 klear. Yn 1960 waard de Euromast boud. Yn 1970 waard de Euromast ferhege mei it taheakjen fan de Space Tower, dêr't de folsleine hichte op 185 meter útkaam. De Euromast en it byld de Ferwoaste Stêd waarden de symboalen fan it Rotterdam fan nei de kriich.
Yn de fyftiger jierren waarden yn in koart skoftke tiid inkelde nije wiken mei heechbou oanlein, lykas Pendrecht, Zuidwijk, Lombardijen, Ommoord en Zevenkamp.
Mei it ophelpen fan de havens, waard besocht en keppelje it havengebiet los fan de stêd. Dat woe men dien krije troch nije havengebieten oan te lizzen bewesten de stêd rjochting de see. Efterinoar waarden besuden de Nije Wetterwei it Botlekgebiet, Europoarte en de Maasflakte oanlein, mei in tige grut tankopslach foar rûge oalje. Yn Pernis, Rozenburg en fierder nei it westen waarden grutte raffinaderijen boud. De Rotterdamske haven woeks sa fier dat it yn 1962 de grutste haven fan de wrâld waard.
Yn 1960 waard úteinset mei it oanlizzen fan de Rotterdamske metro, dy't yn 1968 reekaam en it wie dêrmei de earste metro fan Nederlân. Dêrmei waarden de wiken fan Rotterdam-Súd mei it sintrum ferbûn. Yn 1970 waarden de nije Ahoy-hallen iepene.
Mei it bebouwen fan it Weena, krige Rotterdam yn de njoggentiger jierren in skyline mei ferskate wolkekliuwers. Yn 1991 waard it gebou de Delftse Poort, mei in hichte fan 151 meter, iepene. Dat wie doe de heechste wolkekliuwer fan Nederlân. Yn 2009 kaam de Maastoren ree, dy't 165 meter heech is en no de heechste yn Nederlân is. Yn 1993 waard de Erasmusbrêge foltôge en dêrmei krige Rotterdam in nij symboal.
Geografy
bewurkje seksjeRotterdam is ferdield yn in noardlik en súdlik part, skaat troch de Nije Maas. De ferbings tusken beide stedsdielen fan west nei east binne: de Benelúkstunnel, de Maastunnel, de Erasmusbrêge, in metrotunnel, de Willemsspoartunnel, de Willemsbrêge, de Keninginnebrêge en de Van Brienenoordbrêge.
It stedssintrum leit oan de noardigge fan de Nije Maas. Lettere ûntwikkelings hawwe it sintrum útwreide nei it noardlike part fan Rotterdam-Súd, dat bekend stiet as Kop van Zuid (Kop fan Súd). Troch de haven fan Rotterdam berikt de stêd de Noardsee.
It grutste part fan Rotterdam leit ûnder seenivo, bygelyks de Prins Aleksanderpolder, yn it noardeasten fan Rotterdam, leit 6 meter ûnder Normaal Amsterdamsk Peil (NAP). It leechste punt fan Nederlân, Nieuwerkerk oan de Isel, leit justjes beëasten Rotterdam en is 6,76 meter ûnder NAP.
De rivier de Rotte streamt net mear streekrjocht de Nije Maas yn. Doe't yn it begjin fan de tachtiger jierren in twadde metroline oanlein waard, stie in part fan de rin fan de Rotte dy line yn paad. Dêrom waard in piip oanlein dy't it wetter oer it Boerengat yn de Nije Maas liedt.
Rotterdam foarmet it mulpunt fan de stedsregio Rijnmond, dy't grinzget oan de stedsregio Haachlannen yn it noardwesten. De twa stedsregio's foarmje sûnt 2014 de Metropoalregio Rotterdam-De Haach, dat in totale befolking fan goed 2,6 miljoen minsken hat.
De stedsregio Rijnmond is part fan de "Súdwjuk" fan de Rânestêd. De Súdwjuk telt sa'n 3 miljoen ynwenners.
Klimaat
bewurkje seksjeRotterdam hat in seeklimaat, neffens de Klimaatklassifikaasje fan Köppen Cfb, mei koele simmers en sêfte winters. Simmers is de trochsneed temperatuer almeast ûnder de 20 graden, wylst winters de trochsneed temperatuer boppe it friespunt bliuwt. Om't de Noardsee tichtby is, binne der komselden ekstreme temperatueren. Rein is der yn eltse tiid fan it jier, dochs is de maitiid drûger as it neijier.
Moanne | Jan | Feb | Maart | Apr | Maaie | Jun | Jul | Aug | Sep | Okt | Nov | Des | Yn 't jier |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Heechste temp. ea metten °C | 14,1 | 16,7 | 23,8 | 27,1 | 30,9 | 33,0 | 36,1 | 34,9 | 32,1 | 26,0 | 19,3 | 15,1 | 36,1
|
Maks. trochsneed temp. °C | 6,0 | 6,6 | 9,1 | 13,5 | 17,5 | 19,9 | 22,2 | 22,1 | 18,9 | 14,9 | 9,9 | 6,6 | 14
|
Min. trochsneed temp. °C | 0,8 | 0,5 | 2,6 | 4,3 | 7,8 | 10,6 | 13,1 | 12,8 | 10,6 | 7,5 | 4,2 | 1,4 | 6,4
|
Leechste temp. ea metten °C | -17,1 | -16,5 | -13,4 | -6,0 | -2,3 | 0,5 | 3,6 | 4,6 | 0,4 | -5,1 | -9,0 | -13,1 | -17,1
|
Reinfal yn mm | 69,1 | 57,9 | 64,9 | 42,6 | 58,3 | 65,2 | 74,0 | 81,0 | 87,1 | 90,1 | 87,1 | 78,3 | 855,6
|
Maasstêd
bewurkje seksjeRotterdam wurdt gauris oantsjutten as de "Maasstêd" (Maasstad), en yn de stêd binne der in soad ferwizings nei de rivier de Maas, sa as Maasbûlevaar, Maasgebou, Maasbrêge, Maastunnel en Maastoren (Maastoer). Dat binne histoaryske ferwizings, want de Maas rint net mear troch Rotterdam hinne. Oant likernôch 1870 rûn de Maas, troch dat no de Ofdamme Maas is, oer de Waal by Woudrichem om dêrnei as de Merwede gear te rinnen. De Merwede rûn oer de Under-Merwede nei Doardt en hy spjalte him dêr yn de Alde Maas en Noard ôf. De Noard foarmet dêrnei mei de Lek de Nije Maas. Bewesten Rotterdam rûnen, en rinne no noch hieltyd, de Alde en Nije Maas gear om it eilân Rozenburg as de Scheur en Brylske Maas om dêrnei de Noardsee yn te rinnen. It wetter dat doe troch it sintrum fan Rotterdam rûn, befette mear as de helte fan it wetter fan de Maas, en men koe mei rjocht Rotterdam as Maasstêd oantsjutte.
Yn it tiidrek 1861-1874 waard de Nije Merwede groeven, foar in bettere ôffier fan de Waal. Dêrtroch gie it grutste part fan it wetter fan de Merwede, en ek fan de Maas, net mear oer Doardt en Rotterdam, mar oer it Hjerringfliet de Noardsee yn. De Nije Maas waard foar it grutste part de ôffier fan de Lek en dus fan de Ryn.
Om baas te bliuwen oer it gauris ûnderstrûpen fan it Lân fan Heusden, waard yn 1904 de Berchske Maas groeven en de eardere rin fan de Maas tusken Heusden en Woudrichem ôfdamme. Dêrtroch koe it wetter fan de Maas Rotterdam net mear berikke en waard de Nije Maas hast allinnich mar oanfierd troch wetter fan de Ryn, wylst it wetter fan de Maas alhiel oer it Hjerringfliet de Noardsee yn rûn. Om't it Hjerringfliet yn it ramt fan de Deltawurken ôfsletten waard, rint it wetter fan it Hjerringliet oer de Spui en de Alde Maas de Nije Maas wer yn. Mar dat wetter komt lykwols net troch Rotterdam hinne.
Demografy
bewurkje seksje
Rotterdam hat in grut ferskaat oan befolkingsgroepen, dy't ferskille de wyk. It sintrum hat in heger oantal allinnichsteanden; sa'n santich prosint fan dyjingen dy't tusken de 20 en 40 jier binne. Dat is in heger persintaazje ferlike mei oare stêden. Dejingen dy't in hegere oplieding en ynkommen hawwe, wenje yn it sintrum, as ek allochtoanen. 54% fan de ynwenners fan it sintrum waarden berne yn it bûtenlân, ferlike mei 45% mei oare parten fan de stêd, wylst 70% fan de saken yn it sintrum troch minsken, dy't yn it bûtenlân berne waarden, beheard wurde. Nettsjinsteande binne 80% fan de pannen yn it sintrum hierpannen.
Untwikkeling fan de befolking | ||||||||||||
Jier | Befolking | Persintaazje +/- | Jier | Befolking | Persintaazje +/- | |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
1398 | 2500 | -- | 1899 | 318.500 | +3,90% | |||||||
1477 | 5738 | +1,06% | 1925 | 547.900 | +2,11% | |||||||
1494 | 4374 | -1,58% | 1965 | 731.000 | +0,72% | |||||||
1514 | 5116 | +0,79% | 1984 | 555.000 | -1,44% | |||||||
1622 | 19.532 | +1,25% | 2005 | 596.407 | +0,34% | |||||||
1632 | 29.500 | +4,12% | 2006 | 588.576 | -1,31% | |||||||
1665 | 40.000 | +0,39% | 2007 | 586.045 | -0,77% | |||||||
1732 | 56.000 | +0,50% | 2010 | 603.425 | +1,09% | |||||||
1795 | 53.212 | -0,08% | 2011 | 612.502 | +1,50% | |||||||
1830 | 72.300 | +0,88% | 2012 | 617.347 | +0,79% | |||||||
1849 | 90.100 | +1,17% | 2014 | 624.799 | +0,60% | |||||||
1879 | 148.100 | +1,67% | 2020 | 651.446 | +0,70% |
Boarne: Lourens & Lucassen 1997: siden 116-117 (1398-1795)[3]
Yndieling
bewurkje seksjeYnwenners fan Rotterdam nei lân fan oarsprong (2018)[4] | |
---|---|
Lân/Gebietsdiel | Befolking |
Nederlân | 313,861 (46.1%) |
Suriname | 52,620 (8.2%) |
Turkije | 52,712 (9.5%) |
Marokko | 49,164 (7.9%) |
Nederlânske Antillen | 24,836 (3.9%) |
Kaapverdje | 15,411 (2.4%) |
Yndoneezje | 11,952 (1.9%) |
Poalen | 9,714 (1.5%) |
Dútslân | 9,565 (1.5%) |
Ald-Jûgoslaavje | 9,369 (1.5%) |
Fêstelân fan Sina | 7,218 (1.1%) |
Oare | 92,290 (14.5%) |
De gemeente Rotterdam is part fan de Metropoalregio Rotterdam-De Haach, dat in oerflak fan 1130 km² beslacht, dêr't 990 km² lân fan is. It hat in befolking fan likernôch 2.563.197 ynwenners. De gemeente sels hie yn 2020 in befolking fan 651.446 ynwenners. It oerflak beslacht 325,79 km², dêr't 208.80 km² lân fan is. De befolking rekke yn 1965 op syn hichtepunt mei 731.564. Yn 1985 wie dat sakke ta sa'n 560.000. Neitiids woeks de befolking fan Rotterdam wer, dochs woeks de befolking fan de stêd stadiger oan as dy fan de oare grutte stêden yn Nederlân lykas Amsterdam, De Haach en Utert.
Rotterdam bestiet út 14 dielgemeenten: Sintrum, Charlois (mei Heijplaat), Delfshaven, Feijenoord, Hillegersberg-Schiebroek, Hoek fan Hollân, Hoogvliet, IJsselmonde, Kralingen-Crooswijk, Noard, Overschie, Pernis en Prins Aleksander, dy't de dielgemeente mei de heechste befolking hat: 85.000 ynwenners. Op 18 maart 2010 waard Rozenburg offisjeel ek in dielgemeente.
De grutte fan de hjoeddeiske gemeente Rotterdam is it gefolch fan de anneksaasjes fan de folgjende gemeenten (mei de datum fan anneksaasje tusken heaken), dêr't guon no dielgemeenten fan binne:
- Delfshaven (30 jannewaris 1886)
- Charlois (28 febrewaris 1895)
- Kralingen (28 febrewaris 1895)
- Hoogvliet (1 maaie 1934)
- Pernis (1 maaie 1934)
- Hillegersberg (1 augustus 1941)
- IJsselmonde (1 augustus 1941)
- Overschie (1 augustus 1941)
- Schiebroek (1 augustus 1941)
- Rozenburg (18 maart 2010)
Etnyske opmaak
bewurkje seksjeRotterdam hat fan Nederlân it heechste persintaazje bûtenlanners fan net-yndustriële lannen. Hja foarmje in part fan it Rotterdamsk multy-etnysk en multykultureel ferskaat. Goed 50,3% fan de befolking is allochtoan of hat alteast ien âlder dy't yn it bûtenlân berne wie. Der wenje sa'n 80.000 moslims yn de stêd, dyt goed binne fan sa'n 13% fan de befolking. De boargemaster fan Rotterdam, Ahmed Aboutaleb is fan Marokkaansk komôf en is moslim. De stêd hat de grutste Nederlânsk-Antilliaanske mienskip. De stêd hat ek in Chinatown oan de West-Kruiskade, flakby it Sintraal Stasjon.
Religy
bewurkje seksjeDe grutste leauwe yn de stêd is it Kristendom mei 31,1% fan de befolking, dêr't 18,7% fan de befolking Roomsk-katolyk en 10,7% protestantsk is. Fierder is mei 13,3% de islaam de twadde leauwe en dêrnei mei 3,3% it hindoeïsme, wylst krapoan de helte fan de befolking gjin leauwe hat[5].
Sûnt 1795 is Rotterdam it sit fan de liberale protestantske bruorskip fan de Remonstranten. Fan 1955 ôf is it it sit fan de biskop fan Rotterdam doe't it Bisdom Rotterdam him fan it Bisdom Haarlim ôfspjalte.
Sûnt 2010 hat Rotterdam de grutste moskee fan Nederlân; de Essalammoskee.
Ekonomy
bewurkje seksjeRotterdam hat altyd ien fan de wictichste havens fan Nederlân west. It hie in kantoar fan de Feriene Eastynjeske Kompanjy. Nedlloyd, in skipfeartmaatskippij dy't yn 1970 oprjochte waard, hat syn haadkantoar yn de Willemswerf, dy't yn 1988 reekaam. Yn 1997 fusearre Nedlloyd mei de Britske skipfeartmaatskippij P&O en waard it de tredgrutte skipfeartmaatskippij yn de wrâld. Yn 2005 waard it Britsk-Nederlânske P&O Nedlloyd troch de Deenske konsern AP Møller-Mærsk oernaam. De Nederlânske ôfdieling is noch hieltyd warber yn syn haadkantoar yn de Willemswerf.
Hjoed-de-dei hawwe ferneamde konserns lykas persoanlik guodûndernimming Unilever, fermogensbehearder Robeco, enerzjy-ûndernimming Eneco, baggerbedriuw Van Oord, oaljebedriuw Shell Downstream, terminal operator Vopak, guodhanneler Vitol en arsjitekteburo Office for Metropolitan Archtecture harren haadkantoar yn Rotterdam. De stêd hat ek de regionale kantoaren fan gemysk bedriuw LyondellBasell, guodhanneler Glencore, genêsmiddelfabrikant Pfizer, logistyk bedriuw Stolt-Nielsen, elektryske reauwefabryk ABB-Groep en konsuminteguodbedriuw Procter & Gamble. Fierder hat Rotterdam it haadkantoar fan de Nederlânske ôfdielings fan Allianz, Mærsk, Petrobas, Samskip, Louis Dreyfuss-Groep, Aon en MP Objects.
Om't Rotterdam de grutste haven en ien fan de grutste stêden fan it lân is, komme der in soad lju nei de stêd ta foar wurk, benammen nei leger betelle banen. De wurkleazens fan de stêd is lykwols 12%, twa kear sa heech as de trochsneed wurkleazens yn Nederlân[6].
Haven
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Haven fan Rotterdam.
Rotterdam hat de grutste haven fan Jeropa, dêr't de rivieren de Maas en de Ryn foar goede ferbining mei it efterlân foarmje. Yn 2004 waard de haven fan Sjanghai de drokste fan de wrâld ynstee dy fan Rotterdam. Yn 2006 wie Rotterdam de sande kontenerhaven yn grutte neffens twenty-foot equivalent units (TEU).
Petrogemyske yndustry en frachtferfier binne it meast warber op de haven. De haven foarmet in wichtich ferfiermulpunt tusken it Jeropeeske fêstelân en oerseeske gebieten. Fan Rotterdam ôf wurdt guod ferfierd oer it wetter, spoar of dyk. Yn 2007 kaam de Betuweline ree, dy't fluch ferfier oer it spoar nei Dútslân mooglik makke.
Winkeljen
bewurkje seksjeFerneamde strjitten yn Rotterdam binne de Lijnbaan, dy't yn 1953 iepene waard en de earste autoleaze strjitte fan Nederlân wie, de Hoogstraat, de Coolsingel mei it stedhûs en de Weena, dy't fan it Sintraal Stasjon nei it Hofplein rint. In nijmoadrich winkelsintrum is de Beurstraverse, dy't de bynamme Koopgoot (Keapgoate) hat, om't dy ûnder de grûn sit en it kruzet de Coolsingel ûnder de grûn. De Kruiskade is in mear gegoede winkestrjitte, mei winkels lykas Michael Kors, 7 for All Mankind, Calvin Klein, Hugo Boss, Tommy Hilfiger en de ferneamde Nederlânske kleansaak Oger. In oar wichtich winkelsintrum is de Bijenkorf, dy't justjes beëasten de Markthal stiet, dêr't ek in soad winkels yn sitte.
It wichtichste winkelgebiet yn Rotterdam-Súd is it Zuidplein, dat tichteby Rotterdam Ahoy leit, dêr't in soad sjo's, útstallings, sportgelegenheden, konserten, ensafuorthinne, holden wurde. Yn it easten fan Rotterdam is der it winkelsintrum Alexandrium, dêr't in grutte keuken- en meubelsaak festige is.
Underrjocht
bewurkje seksjeDer is yn Rotterdam ien universiteit en der binne ferskate ynstellings op it mêd fan HBU en MBU. Der studearje 60.161 studinten yn Rotterdam[7]
De folgjende ynstellings binne der yn Rotterdam:
- Wittenskiplik
- Heger en spesjaal ûnderrjocht
- Akadeemje fan Boukeunst
- Codarts (Rotterdamske Akadeemje foar dûnsjen)
- EuroCollege Hegeskoalle
- Hegeskooalle Inholland
- Hegeskoalle Tio
- Hegeskoalle Rotterdam
- Keninklike Auris Groep (ynstitút foar ûndersyk en spesjaal ûnderrjocht foar dôven en guon dy't min hearre)
- Rotterdams Conservatorium (Codarts)
- Thomas More Hegeskoalle (pabû)
- Willem de Kooning Akadeemje (Akadeemje foar byldzjende keunsten en part fan de Hegeskoalle Rotterdam)
- Oare bekende ûnderrjochtsynstellings
- Albeda College
- Erasmiaans Gymnasium
- Montessori Lyceum Rotterdam
- Grafisch Lyceum Rotterdam
- Koninklijke Auris Groep
- Marnix Gymnasium
- ROC Zadkine
- STC-Group (Skipfeart en Ferfier Kolleezje)
- Hout- en Meubilearringskolleezje
- Libanon Lyceum
- Hoornbeeck College
- Montfort College
- Lyceum Kralingen
- Wellantcollege Rotterdam
- Wolfert van Borselen-skoallegroep
Kultuer
bewurkje seksjeRotterdam hat in tige warber kultuerlibben. Yn 2001 wie de stêd Kulturele Haadstêd fan Jeropa, tagearre mei Porto (Portegal). De stêd hat ûnder oaren, syn eigen orkest, it Rotterdamsk Filharmonysk Orkest, it grutte konserthal De Doelen, ferskate teäters, wêrûnder de nije Luxor en bioskopen, it Rotterdam Ahoy-kompleks yn Rotterdam-Súd, dêr't in soadpopkonserten, útstallings, tenniswedstriden en oare eveneminten holden wurde. Yn it noardwesten fan Rotterdam is de grutte bistetún Diergaarde Blijdorp.
Yn Rotterdam fine ferskate stêdlike arsjitektuerprojekten plak, lykas in soad simmerfeesten, dy't it multikulturele aspekt fan de stêd oppenearje, sa as bygelyks it Karibysk-eftige Simmerkarnaval, de Dance Parade, Rotterdam 666, de Metropolis Pop Festival en de World Port Days. Troch finânsjele problemen rekken yn de jierren tusken 2005 en 2011 ferskate poppoadiums yn it neigean, en dêrtroch ferdwûnen grutte festiviteiten lykas Nighttown en WATT en lytseren lykas Waterfront, Exit en Heidegger. Hjoed-de-dei hat de stêd poppoadiums sa as Rotown, Poortgebouw en Annabel. Yn it poppoadium fan WORM wurdt benammen eksperimintele muzyk en dêroan besibbe subkulturele muzyk spile.
It International Film Festival Rotterdam fynt plak yn jannewaris, it Poetry International Festival yn juny, it North Sea Jazz Festival yn july, it Valery Gergiev Festival, September in Rotterdam en World of the Witte de With yn septimber.
Fan rûchwei 1960 oant 2010 libbe der in warbere kreakersbeweging yn Rotterdam, dêr't foar tûsenen minsken ûnderdak ferliend waard, evenemintelokaasjes , sosjale foarsjennings, ensafuorthinne beset waarden. Fan sokke bewegingsgroepen ûntstiene klups lykas Boogjes, Eksit, Nighttown, Vlerk en Waterfront. It Poortgebouw waard yn 1982 kreake en waard al gau wetlik tastien.
Yn Rotterdam ûntstie ek de Gabber, in soarte fan ektroanyske hardcoremuzyk dy't yn de njoggentiger jierren popelêr waard. Groepen lykas Neophyte en Rotterdam Terror Corps (RTC) setten útein yn Rotterdam en spilen yn nachtklups lykas Parkzicht.
Op 30 augustus 2019 waard buorkundich makke dat de Eurofyzjesongfestival yn Rotterdam holden wurde soe, nei de Nederlânske oerwinning fan it festival yn 2019 yn Tel Aviv, Israel mei it liet Arcade fan Duncan Laurence. It festival soe yn de Ahoy plakfine, mei de heale-finale op 12 en 14 maaie en de finale op 16 maaie, mar troch it útbrekken fan de Covid-19 yn Jeropa waard it festival skrast. It hie de twadde kear west da it festival yn Nederlân holden wurde soe; yn 1980 waard it yn De Haach holden.
Utgean
bewurkje seksjeRotterdam hat in warber útgeanslibben en hat in soad kafee's, ferneamde restaurants, benammen yn it sintrum om it Stadhuisplein, Oude Haven, Witte de Withstraat en Schouwburgplein. Dernjonken binne der in tal klups en diskoteken en sûnt 2004 is de Maasilo as diskoteek Now&Now yn gebrûk. Eardere diskoteken wiene Hollywood Music Hall, Nighttown en Parkzicht.
Homohoareka wie benammen konsintrearre yn en om de Van Oldenbarneveldtsstraat hinne.
Prostitúsje yn Rotterdam befettet benammen seksbedriuwen, dêr't in soad oan s-Gravendijkswal, tusken Middelland en Oude Westen, festige binne. De Keileweg wie it sintrum fan tippelprostitúsje, mar dat waard yn 2005 ferbean.
Media
bewurkje seksjeYn Rotterdam is der pleatslike radio en tillefyzje, lykas Regio TV Rotterdam, RTV Rijnmond en OPEN Rotterdam. De pleatslike stjoerder foar jongeren is FunX.
Dernjonken binne de folgjende kranten yn Rotterdam festige: AD Rotterdams Dagblad, Maasstad, De Havenloods, De Botlek, de Metro (edysje Rotterdam), De Echo en De Oud-Rotterdammer.
De haadredaksje fan de lânlike edysje fan it Algemeen Dagblad is ek yn Rotterdam. De lândlike kranten NRC Handelsblad en nrc.next fan NRC Media, foar in part fuortkaam út de Nieuwe Rotterdamse Courant, wiene oant desimber 2012 yn Rotterdam festige, mar ferhûzen nei Amsterdam.
Stedsbyld
bewurkje seksjeOm't troch it bombardemint op Rotterdam it sintrum swier skanseare rekke, binne der net folle histoaryske gebouwen mear yn 't sintrum, wylst yn de wiken om it sintrum hinne lykwols wol in soad histoaryske pannen binne.
It byld fan it sintrum wurdt bepaald troch it grutte tal strjitten en pleinen, lykas Coolsingel, it Hofplein, de Weena, it Schouwburgplein, winkelsintrum Lijnbaan, Meent en Beursplein mei de Beurstraverse (Koopgoot). Yn dat gebiet steane ûnder oaren it stedshûs, de beurs oan de Coolsingel en de Laurenstjerke en de Markthal oan de Binnenrotte
Delfshaven is noch ien fan de buorren dy't oerbleaun binne fan foar de kriich. Dêr stiet it Zakkendragershuisje, dêr't Piet Hein berne waard. Ut de Alde of Pilgrimsheitetsjerke oan de haven fan Delfshaven ferfearen de earste kolonisten oer Ingelân nei Noard-Amearika ta.
Oare buorren en wiken lykas de Cool, it Scheepvaartkwartier, It Alde en Nije Westen, Kralingen, Crooswijk, it Alde Noarden en Hilllegersberg binne fan foar de kriich mei in soad histoaryske gebouwen. In soad fan dy wiken binne beskerme stedsgesicht.
By de ouwers fan de Nije Maas del binne de Maasbûlevaar, it Wite Hûs en de Alde Binnenhaven. Oer de Nije Maas hinne rinne in tal ferneamde brêgen, dêr't de Erasmusbrêge de meast ferneamde fan is.
Op Súd, oan 'e oare kant fan de Nije Maas, is it fuotbalstadion De Kuip en winkelsintrum Zuidplein.
Ferskate grutte en lytse parken binne der yn de stêd, lykas it Park by de Euromast, it Kralingske Bosk mei de Kralingse Plas (noard), it Suderpark (súd) en it Vroesenpark (noardwest).
Heechbou
bewurkje seksjeOp inkelde histoaryske gebouwen nei, waard it sintrum fan Rotterdam yn de Twadde Wrâldkriich ferwoaste en kaam der in soad romte foar nijbou. Rotterdam is foar in soad oare âlde Nederlânske stêden oer dan ek in nijmoadrige stêd. De stêd is ynternasjonaal ferneamd om syn arsjitektuer mei in soad wolkekliuwers. It wurdt ek wol oantsjutten as Manhattan oan de Maas.
Ien fan de gebouwen dy't it bombardemint oerlibbe hat is it Wite Hûs. Dy waard yn 1896 boud en wie mei 45 meter hichte doe it heechste kantoargebou yn Jeropa.
Der wurdt noch hieltyd boud yn it gebiet om de Nije Maas hinne, sa as bygelyks de Kop van Zuid. Dêr waarden de heechste wolkekliuwers fan Nederlân wiermakke, lykas it kantoargebou De Rotterdam (149 meter), wentoer New Orleans (160 meter) en kantoertoer Maastoren (164 meter). Skielk moatte der de tuorren Havana (170 meter), Philadelphia (70 meter), Boston (70 meter) en Seattle (70 meter) boud wurde. De Deltse Poort is 160 meter heech. De Nationale Nederlanden, in part fan de ING-Groep, hat syn kantoar dêryn.
Yn it sintrum sille der skielk ek noch nije wolkekliuwers komme. Om Rotterdam-Sintraal hinne sille gebouwen fan sa'n 180 meter heech boud wurde. It stasjon sels, waard yn 2012 iepene, nei't it âlde stasjon sloopt waard en der in nijenien yn plak fan kaam. Fierder is der yn it sintrum njonken de Bijenkorf oan 'e ein fan de Koopgoot de 70 meter hege B-Tower. Fierder komme der yn it sintrum noch de CoolTower en de Baantoren, beide 150 meter heech.
Oan de rjochter Maasouwer wurdt njonken de Erasmusbrêge de 220 meter hege Zalmhaventoren boud.
De Euromast is 186 meter heech en is in tûristyske attraksje. It waard yn 1960 boud en wie ynearsten 101 meter heech. Yn 1970 waard de 85 meter oan teheake.
Ferfier
bewurkje seksjeRotterdam is in mulpunt fan ynternasjonaal, nasjonaal, regionaal en pleatslik iepenbier ferfier. It is ek in mulpunt fan de Nederlânske autogongwegenetwurk.
Gongwegen
bewurkje seksjeDer binne ferskate gongwegen dy't nei of fan Rotterdam ôf gean. Fjouwer dêrfan binne part fan de Ring Rotterdam:
- A20 (Ring-Noard): Hoek fan Hollân - Rotterdam - Gouda
- A16 (Ring-East): Rotterdam - Breda - (Antwerpen oer de A1 en E22)
- A15 (Ring-Súd): Europoarte - Rotterdam - Nymwegen
- A4 (Ring-West): Rotterdam - De Haach - Amsterdam
De folgjende gongwegen ferbine ek mei Rotterdam:
- A13: De Haach - Delft - Rotterdam
- A29: (Antwerpen -) Bergen op Zoom - Rotterdam
Fleanfjild
bewurkje seksjeDe Lofthaven Rotterdam - De Haach (Rotterdam - The Hague Airport), dat earder bekend stie as Zestienhoven is it tredgrutte fleanfjild fan Nederlân, nei Skiphol en Lofthaven Eindhoven. It fleanfjild leit benoarden de stêd en is de lêste fiif jier fluch woeksen, benammen troch it tanimmen fan goedkepe flechten. Ek foar sakeflechten is Rotterdam-De Haach in gaadlik fleanfjild, benammen op it mêd fan de trochfier fan passazjiers en baggaazje. Troch benammen de stikstofkrisis is it ûnwis oft it fleanfjild yn 'e neie takomst fierder waakse kin.
Treinferkear
bewurkje seksjeIt nije Stasjon Rotterdam-Sintraal is yn 2014 fannijs iepene, nei't de âlde sloopt waard en der in nij stasjon boud waard, dat deistich sa'n 320.000 passazjiers oan kin. Rotterdam hat de folgjende stasjons:
- Stasjon Rotterdam Sintraal
- Stasjon Rotterdam Blaak
- Stasjon Rotterdam Aleksander
- Stasjon Rotterdam Lombardijen
- Stasjon Rotterdam Noard
- Stasjon Rotterdam Súd
- Stasjon Rotterdam Stadion; by stadion De Kuip dy't allinnich iepen is by fuotbalwedstriden en muzykkonserten.
Yn Rotterdam wurdt iepenbier ferfier fersoarge troch de folgjende bedriuwen:
- NS (Nederlânske Spoarwegen): nasjoanaal treinferfier
- RET (Rotterdamske Elektryske Tram): Tram, stedsbus, metro, RandstadRail and feartsjinsten yn en om Rotterdam hinne
- Arriva: pleatslike bustsjinsten
- Connexxion: pleatslike bustsjinsten
- Qbuzz: pleatslike bustsjinsten
- Veolia: pleatslike bustsjinsten.
Rotterdam hat streekrjochte ferbinings mei de folgjende plakken:
- Nasjonaal
- Intercity nei De Haach, Leien, Skiphol en Amsterdam (noarden)
- Intercity nei Utert en fan dêrwei nei Dimter en Ynskedee (easten), Ljouwert (noardwesten) en Grins (noardeasten)
- Intercity nei Doardt, Roosendaal en Flissingen (Súdwesten)
- Intercity nei Doardt, Breda, Tilburch, Eindhoven en Fenlo {súdeasten)
- Ynternasjonaal
- Streekrjochte ynternasjonale tsjinsten nei Belgje en Frankryk oer de hegegongsline, betsjinne troch Thalys.
- Streekrjochte tsjinsten nei Antwerpen en Brussel
Metro
bewurkje seksjeYn 1968 wie Rotterdam de earste stêd yn Nederlân dy't in metrosysteem iepene. It metronetwurk hat in totale lingte fan 78 kilometer spoar en der binne 70 stasjons. Dêrmei is it it grutste metrosysteem yn de Benelúks. It netwurk bestiet 5 linen, dêr't 3 linen (A, B, en C) rinne fan easten nei westen en oarsom, en twa linen (D en E) rinne fan noard nei súd en oarsom. Line E is part fan de RandstadRail en ferbynt Rotterdam mei De Haach en Zoetermeer sûnt desimber 2011.
Line | Súdlik / westlik einstasjon | Noardlik / eastlik einstasjon | Opmerkings |
---|---|---|---|
Line A | Flaardingen-West | Binnenhof | Einiget op Skiedam-Sintrum op nei-oeren. |
Line B | Hoek fan Hollân-Haven | Nesselande | Wurdt ferlinge oant Hoek fan Hollân-Strân in 2022. |
Line C | De Akkers | De Terp | |
Line D | De Akkers | Rotterdam-Sintraal | |
Line E | Slinge | De Haach-Sintraal |
Tram
bewurkje seksjeIt tramnetwurk fan Rotterdam hat 9 tramlinen en 4 spesjale tramlinen mei in totale lingte fan 93 kilometer. It tramsysteem is sûnt 2016 it folgjende:
- 2: (Rotterdam)-Charlois – Rotterdam-Lombardijen NS – (Rotterdam)-Keizerswaard (rint allinnich yn it súdlike part fan de stêd)
- 4: (Rotterdam)-Molenlaan – Rotterdam-Sintraal – (Rotterdam)-Marconiplein
- 7: (Rotterdam)-Oostplein – Rotterdam-Sintraal – (Rotterdam)-Willemsplein
- 8: (Rotterdam)-Spangen – Rotterdam-Sintraal – (Rotterdam)-Kleiweg
- 20: Rotterdam-Sintraal – Rotterdam-Lombardijen NS – (Rotterdam)-Lombardijen
- 21: (Skiedam)-Woudhoek – Stasjon Skiedam-Sintrum – Rotterdam-Sintraal – (Rotterdam)-De Esch
- 23: (Rotterdam)-Marconiplein – Rotterdam-Sintraal – (Rotterdam)-Beverwaard
- 24: (Flaardingen)-Holy – Stasjon Skiedam-Sintrum – Rotterdam-Sintraal – (Rotterdam)-De Esch
- 25: (Rotterdam)-Schiebroek – Rotterdam-Sintraal – (Barendrecht)-Carnisselande
Spesjale tramlinen:
- 10: Histoaryske tramline, dy't allinnich yn 'e simmer troch de gânse stêd rint foar tûriste-ynformaasje. Trams fan 1931 wurde dêrfoar brûkt.
- 18: Tramline fan Stasjon Rotterdam-Sintraal nei Park, dy't allinnich by it Dunya Festival en de Rotterdam World Port Days rint.
- 12: Rotterdam-Sintraal – Stadion Feyenoord of Rotterdam-Sintraal – Het Kasteel ('Sparta Stadion). Fuotbaltramline, dy't allinnich by fuotbalwedstriden yn De Kuip en Het Kasteel' rint.
- Snert-tram: Histoaryske tram, dy't allinnich yn 'e winter as in tûristyske tram troch Rotterdam rint. Passazjiers krije dêrby yn board "snert" oftewol griene earte.
Bus
bewurkje seksjeRotterdam hat 55 stedsbuslinen mei in totale lingte fan 433 kilometer. RET rint bussen troch de stêd Rotterdam en omlizzende plakken likas Spijkenisse, Barendrecht, Ridderkerk, Rhoon, Poortugaal, Skiedam, Flaardingen, Delft and Capelle aan den IJssel. . Arriva, Connexxion, Qbuzz and Veolia rint bussen fan oare plakken nei Rotterdam.
Wetterbus
bewurkje seksjeIt wetterbusnetwurk hat sân linen. De haadline (Line 20) giet fan Rotterdam nei Doardt. It fearpont kin 130 passazjiers meinimme en der is ek plak foar 60 fytsen. De stopplakken tusken Rotterdam and Dordrecht binne: Rotterdam-Erasmusbrug – Krimpen aan den IJssel-Stormpolder – Ridderkerk-De Schans – Alblasserdam-Kade – Hendrik-Ido-Ambacht-Noordeinde – Papendrecht-Westeind – Dordrecht-Merwekade.
Fear
bewurkje seksjeP&O Ferries hawwe deistige feartsjinsten tusken Europoarte en Kingston upon Hull yn Ingelân.
Sport
bewurkje seksjeRotterdam is de iennige stêd yn Nederlân mei trije betelle fuotbalferienings:
Rotterdam organisearret inkelde wichtige sporttoernoaien en -eveneminten:
- Maraton fan Rotterdam
- Rotterdam on Wheels
- ABN AMRO - World Tennis Tournament
- World Port Tournament (honkbal)
- Port of Rotterdam Tournament (fuotbal)
- Bavaria City Racing
- Red Bull Air Race Rotterdam
- Prolooch en úteinsetten fan de earste etappe fan de Omgong fan Frankryk fan 2010
- JK frouljusboksen 2011 yn it Topsportsintrum Rotterdam. Dat wie de earste ynternasjonale bokswedstriid yn Nederlân.
Partnerstêden
bewurkje seksjeRotterdam hat ferskate partner- en susterstêden en susterhavens.
De Turkske president Recep Tayyip Erdoğan easke op 15 maart 2017 dat Istanbûl de stêdebûn mei Rotterdam ferbrekke moast. In wurdfierder fan de gemeente Rotterdam ferklearre dêrop dat dy twa stêden gjin offisjele stêdenbûn hawwe, hoewol't se lykwols gauris meiïnoar oparbeide hawwe[8].
Plakken neamd nei Rotterdam
bewurkje seksje- Nieuw-Rotterdam, Nickerie, Suriname
- Rotterdam, New York, Feriene Steaten
- , Rotterdam, Limpopo, Súd-Afrika
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|