Quidditch Through the Ages
Quidditch Through the Ages is in Ingelsk boek út 2001 dat beskreaun wurdt yn 'e Harry Potterrige fan 'e skriuwster J.K. Rowling. Hja hat it boek letter lykwols ek wier skreaun,en it is útjûn troch 'e útjouwer Bloombury yn Ingelân.
It boek yn 'e tsjoenderswrâld
bewurkje seksjeYn 'e wrâld fan Harry Potter is it boek skreaun troch Willyworthy Wisp, in swurkbalekspêr. Yn it boek wurdt 'e histoarje fan 'e tsjoenderssport swurkbal beskreaun. Op Swiniastate is it boek te fine yn 'e grutte biblioteek.
It boek yn ús wrâld
bewurkje seksjeYn it echt is it boek, krekt as it boek Fantastic Beasts and Where to Find Them, skreaun troch de skriuwster fan de rige oer Harry Potter, J.K. Rowling. Krekt as by dat boek, wie ek de opbring fan Quidditch Through the Ages foar de stifting Comic Relief. Op 'e flap fan it boek stiet dat it boek skreaun is troch Willyworthy Wisp, krektas yn 'e tsjoenderswrâld.