Johannes Nicolaas (John) Leddy (De Haach, 12 jannewaris 1930De Bosk, 25 desimber 2022) wie in Nederlânske akteur. Hy waard lanlik bekend troch syn rollen as Jan Engelmoer yn de telefyzjesearje De kleine waarheid en as Koos Dobbelsteen yn Zeg'ns Aaa.

John Leddy
akteur
John Leddy (1984)
John Leddy (1984)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 12 jannewaris 1930
berteplak De Haach
stoarn 25 desimber 2022 (92 jier)
stjerplak De Bosk
jierren aktyf 1959 – 2022
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Leddy waard grutbrocht yn Rijswijk. Nei earder wurksum west te hawwen as boekhâlder en in stúdzje telegrafy folbrocht te hawwen, studearre Leddy yn 1956 ôf oan de Amsterdamske Toanielskoalle.

Hy wie ferbûn oan tal fan teäterselskippen, wêrûnder it Rotterdams Toneel, Toneelgroep Ensemble (1958 -1968 ), de Haagse Comedie, Sater, it Publyksteäter en de Teäteruny. Sûnt de fyftiger jierren wie er ek yn tal fan telefyzjefilms en telefyzjesearjes te sjen. Boppedat wie er yn 1963 presintator fan it telefyzjeprogramma TV Dansant foar de KRO.

Leddy wie ek in skoft ferbûn oan it Keninklik konservatoarium yn De Haach, as dosint spul.

Priveelibben

bewurkje seksje

Leddy troude yn 1958 mei aktrise Heleen van Meurs (1930-2017). Mei har krige er twa bern. Nei in skieding troude er yn 1969 mei keunstneres Jannig Greijdanus (1944). Mei har krige hy trije bern, ûnder oare aktrise Rixt Leddy. Op 26 april 2018 waard Leddy befoardere ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. [1] Hy wenne doe yn de Brabânske stêd Heusden.[2]

Leddy ferstoar op earste krystdei 2022 yn it Jeroen Bosch Sikehûs yn De Bosk yn de âldens fan op 92 jier nei in koart siikbêd.

  • De veroordeelde (Telefyzjefilm, 1959) – Gitarist
  • Het grote mes (Tf-film, 1960) - Buddy Bliss
  • De zaak M.P. – Sabeare-dûanier
  • Dienst op Golgotha (Tf-film, 1961) - Romeinske kapitein
  • Piano te koop (Tf-film, 1961) - komponist
  • De komiek (Telefyzjespul, 1962) – Marks
  • De avonturen van Okkie Trooy Telefyzjerige – Olivarius (1962)
  • Fanfarella (1962) - Dichter Tolomeo
  • Die vrouwtjes van de wereld (Tf-film, 1963) -Paturon
  • Arthur en Eva Tf-rige (1963) - Bistedokter (S1 E1.6, hondenleven)
  • Vrouwtje Bezemsteel Tf-rige (1965) - Skoppenhear (S1 E5, De Vier Koningen)
  • 001 van de Contraspionnage (Tf-film, 1966) - De kastelein
  • De zaak Sacco en Vanzetti (Tf-film, 1966) - John Vahey
  • De glazen stad Tf-rige – Bert Stein (1968)
  • Op straffe des doods (Tf-film, 1970) - Fjoertoerwachter
  • De kleine waarheid Tf-rige – Jan Engelmoer (15 ôfl., 1970-1971)
  • Waaldrecht Tf-rige – Andries Nicholsen (ôfl., Het gezicht van de weldoener, 1973)
  • Boerin in Frankrijk Telefyzjerige – Geert (1973)
  • Swiebertje Tf-rige – Perfester/Tommy Sanders (1973-1975)
  • Merijntje Gijzen Tf-rige – Janus Dogge (Ofl. net bekend, 1974)
  • Mathieu Legros, de held van Austerlitz (Tf-film, 1974) – Sersjant
  • Kamer 17 Tf-rige – Zwart (1974)
  • Tatort Tf-rige – Sersjant Bork (Ofl., Trimmel und der Tulpendieb, 1976)
  • Sil de strandjutter (Minyrige, 1976) – Gert
  • Soldaat van Oranje (1977) – Drill instructor
  • Pommetje Horlepiep Tf-rige – Gijs Kwast (1976-1979)
  • Nosferatu: Phantom der Nacht (1979) – Koetsier
  • Dagboek van een herdershond Tf-rige – Reinhout Eussen (Ofl. ûnbekend, 1978-1980)
  • De beslagen spiegel Tf-rige – Rol ûnbekend (Oflevering 2, 1980)
  • De moeder van David S. (Tf-film, 1982) – Kees
  • De Weg (1982-1983) – Schellekens
  • John Lanting Theater van de lach, klucht: Geen gedonder in het vooronder, 1985) – Joop ‘Puck’ Langeveld
  • Goeie Buren klucht mei Piet Bambergen – Leo de Wit
  • Jan Rap en z'n maat (1989) – Klaas
  • Zeg 'ns Aaa Tf-rige – Koos Dobbelsteen (1981-1993)
  • 12 steden, 13 ongelukken Tf-rige – Widner Feenstra (Afl., Lage Vuursche, 1990)
  • Drie mannen onder een dak Tf-rige – Gastrol (Ofl.24, John gaat op reis, 1992)
  • Coverstory Tf-rige – Slachtoffer fan giftich ôffal (Episode 1.1, 1993)
  • De Victorie Tf-rige – Manus (ôfl. ûnbekend, 1994)
  • De andere kant van de tunnel] Rol ûnbekend
  • De Legende van de Bokkerijders (minyrige, 1994) – Klerk
  • Toen was geluk heel gewoon Komedysearje – Krimineel (Ofl. Vreemd geld, 1995)
  • Oppassen!!! Tf-rige – Gastrol – Koos Dobbelsteen (Ofl. Opgeruimd staat netjes (Speciale aflevering), 1995)
  • Baantjer Tf-rige – Theo de Vries (Ofl., De Cock en de moord op de barmhartige, 1997)
  • Zebra Tf-rige – Piet Collewijn (Ofl., De bloei van Mandalay, 1998)
  • In de praktijk Tf-rige – Widner Hornstra (Ofl., Joep, 1998)
  • Bij ons in de Jordaan (Miny-rige, 2000) – Alde Arie
  • Baantjer Telefyzjesearje – Lowietje (10 ôfl., 2000)
  • In de clinch Tf-rige – Sam (Ofl., Have yourself a Merry Little Christmas, 2000)
  • Kwade reuk (2002) – Rol ûnbekend
  • Russen Tf-rige – Stijn Kroon (Ofl., Gras, 2002)
  • Keyzer & De Boer Advocaten Tf-rige – Koenraad Meijer (Ofl., Het losse been, 2007)
  • Dennis P. (2007) – Heit fan Dennis
  • De Co-assistent (2007) - Mynhear Vis (gastrol S1A01)
  • We gaan nog niet naar huis Tf-rige – Wubbe Sr. (Ofl., Allemaal Illegaal, Jongensdromen, Hier stempelen, 2010)
  • De vliegenierster van Kazbek (2010) – Maries har pake
  • Ik kom bij je eten – Himsels (2010)
  • Urfeld – Kees (2012)
  • Krasse Knarren – As himsels (2012)
  • Flikken Maastricht Tf-rige – Aldman yn it park (Ofl., Oud zeer, 2013)
  • Chez Nous – Adje (2013)
  • Vrolijke kerst Zapp jeugdrige – Wammes (2014)
  • Dokter Tinus – Dolf Rutgers (Ofl., De vervalsing, 2014)
  • Goedenavond dames en heren Telefyzjerige – Dokter Moerman (Ofl., Groot feest, 2015)
  • Code M – Frank – (2015)
  • Penoza – Seizoen 4 (2015)
  • Publieke Werken – Pieter August Carstens – (2015)
  • Fabula, film – Jan Bakker (2016)
  • Komt een man bij de dokter – Meardere rollen (2016)
  • De Held – Moo (2016)
  • Sinterklaasjournaal – Mynhear Kooiman (2018)
  • De regels van Floor - Mynhear Hielema (2018)
  • Ninja Nanny Telefyzjerige - Jonkhear (mear as ien ôfleveringen, 2019)
  • Perfect Cadeau, film - Heit (2019)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Honig, P.H. (1984): Acteurs- en kleinkunstenaarslexicon: 3200 namen uit 100 jaar Nederlands toneel. Diepenveen: Honig.