Mustapha Oukbih
Mustapha Oukbih (útspr. ['mustafa 'ukbi], likernôch: "mûstafa ûkby; Rabat, 20 jannewaris 1964 – Amsterdam, 22 april 2017) wie in Nederlânsk sjoernalist, ferslachjouwer en dokumintêremakker fan Marokkaansk komôf. Hy begûn as freelance-sjoernalist en wurke letter jierrenlang foar de VPRO. De measte bekendheid krige er as Midden-Easten-ferslachjouwer foar de NOS.
Mustapha Oukbih | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Mustapha Oukbih | |
nasjonaliteit | Marokkaansk Nederlânsk | |
berne | 20 jannewaris 1964 | |
berteplak | Rabat (Marokko) | |
stoarn | 22 april 2017 | |
stjerplak | Amsterdam (Noard-Hollân) | |
etnisiteit | Marokkaansk-Arabysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | sjoernalist, ferslachjouwer | |
medium | tillefyzje, radio | |
wurksum by | VPRO, NOS | |
jierren aktyf | 1982 – 2012 | |
prizen | ADO Mediapriis 1987 | |
offisjele webside | ||
Mustapha Oukbih op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeOukbih waard yn 1964 berne yn 'e Marokkaanske haadstêd Rabat. Yn 1975 kaam er mei njoggen jier mei syn mem oer nei Nederlân yn it ramt fan gesinsweriening mei syn heit, dy't hjir gastarbeider wie. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, begûn er te skriuwen foar it Buitenlanders Bulletin, sûnder in sjoernalistike oplieding folge te hawwen. Dat krantsje wie in útjefte fan it Nederlânsk Sintrum Bûtenlanners (NCB) en behannele ymmigraasjefraachstikken.
Yn 1985 en 1986 wie Oukbih belutsen by de gearstalling fan it tillefyzjeprogramma Hollandse Nieuwe, oer allochtoanen yn Nederlân, dat troch jonge ymmigranten sels makke waard. Neitiid wied er ferskate jierren wurksum as freelance-sjoernalist foar û.o. Trouw en De Groene Amsterdammer. Yn 1987 wûn Oukbih tegearre mei Elma Verhey de ADO Mediapriis foar in rige artikels oer de multikulturele maatskippij, dy't yn it tydskrift Vrij Nederland publisearre waard yn in taheakke mei as titel De Hollandse Droom.
Nei't er yn 1994 in skoft lang haad ynformaasje en foarljochting west hie fan it Nederlânsk Sintrum Bûtenlanners, besleat Oukbih om werom te kearen yn 'e sjoernalistyk, dêr't syn hert lei. Hy krige doe de gelegenheid om radioferslaggen te meitsjen oer Marokko, Algerije, Turkije en Jordaanje. Teffens wied er tsien jier lang ferbûn oan 'e VPRO, wêrfoar't er ek dokumintêres makke oer de Arabyske wrâld.
Yn 2003 kaam Oukbih yn 'e tsjinst by de NOS, en waard er ferslachjouwer yn it Midden-Easten foar it Radio 1 Journaal, as opfolger fan Joris Luyendijk. Syn stânplak wie Amman, yn Jordaanje, dêr't er it hiele Midden-Easten wei bestriek, Noard-Afrika oant en mei de Magreb ynbegrepen. Om't it Arabysk syn memmetaal wie, hied er dêrby fuortendaliks in foarsprong op 'e measte oare Westerske sjoernalisten, dy't dy taal net of amperoan machtich wiene. Oukbih lies de Arabyske kranten en folge op dy wize ek de Arabyske kant fan it pleatslike nijs. Fierders wied er ien fan 'e mar in pear Nederlânske korrespondinten dy't ferslach diene fan 'e Irakoarloch. Fan 2006 ôf wurke Oukbih nau gear mei Nicole le Fever, dy't ek Amman as stânplak hie, en mei Sander van Hoorn, dy't te Tel Aviv stie. Trijeresom foarmen se it buro Midden-Easten fan 'e NOS.
Nei sân jier yn Jordaanje wenne te hawwen, kearde Oukbih yn 2010 werom nei Nederlân. Hy waard bûtenlânredakteur by de nijsredaksje fan 'e NOS, mar moast dy funksje neitiid al rillegau opjaan doe't er oanhelle rekke mei kanker. Yn 2017 kaam Oukbih nei in lang siikbêd yn 'e âlderdom fan 53 jier yn Amsterdam te ferstjerren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |