Marty Feldman
Martin Alan (Marty) Feldman (Londen, 8 july 1934 – Meksiko-Stêd, 2 desimber 1982) wie in Ingelske akteur, komyk en regisseur, ferneamd om syn útpûljende eagen, dy't it gefolch wiene fan in skyldkliersykte.
Marty Feldman | ||
akteur | ||
Marty Feldman yn 1969 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Martin Alan Feldman | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 8 july 1934 | |
stoarn | 2 desimber 1982 (48 jier) | |
jierren aktyf | 1948–1982 | |
prizen | BAFTAs: Best Light Entertainment Performance 1968: Marty Best Writer 1968: Marty | |
offisjele webside | ||
IMDb-profyl |
Biografy
bewurkje seksjeFeldman waard berne yn it Londenske East End, as soan fan Joadske ymmigranten, Cecilia Crook en Myer Feldman, út Kiev, Oekraïne. Hy fielde him yn syn jonkheid "iensum" benammen yn syn jierren fan evakuaasje nei it plattelân yn de Twadde Wrâldoarloch.
Feldman syn earste optreden wie mei twa freonen yn Morris, Marty and Mitch, in komeedzje beynfloede troch de Marx Brothers. Yn 1954 trof er in geastessibbe yn Barry Took, mei wa 't er teksten skreau foar radioproduksjes lykas Educating Archie, We're in Business en The Army Game. It telefyzjeprogramma Bootsie and Snudge, dêr't Feldman haadskriuwer foar wie, waard it meast besjoen op de Britske telefyzje.
Yn de simmer fan 1961 waard by Feldman slimme hypertyreoïdy fêststeld, wat syn uterlik foar altyd feroarje soe en liede soe ta it uterlik dêr 't er no noch altyd ferneamd om is.
Yn de jierren sechtich wurke er foar ferskate telefyzjeproduksjes fan de BBC en hied er benammen sukses mei Round the Horne. Yn 1966 waard Feldman haadskriuwer foar de telefyzjesearje The Frost Report, dy 't in bliuwende ynfloed hawwe soe op de takomst fan de Britske komeedzje - gâns bekende skriuwers en akteurs, lykas Barry Cryer, Michael Palin, Terry Jones en John Cleese (de lêste trije soene letter ta de oprjochters fan Monty Python hearre) makken dêr harren debút. In oare bekende show dêr't Feldman oan meiwurke wie At Last the 1948 Show mei Tim Brooke-Taylor en de lettere Pythons John Cleese, Graham Chapman en Eric Idle (yn lytsere rollen). Hy ferskynde úteinlik foar de kamera yn At Last The 1948 Show, en syn personaazje fan de "odd little man" wie in grut sukses en smiet him in eigen komeedzjeprogramma op BBC 2 op.
Ein jierren sechstich ferhuze Feldman nei Amearika. Hy trede dêr op yn sketches yn The Dean Martin Show. Yn 1970 krige er syn eigen show, The Marty Feldman Comedy Machine.
Feldman spile yn suksesfolle Amerikaanske filmproduksjes fan de jierren santich, lykas Mel Brooks syn film Young Frankenstein as Igor, Gene Wilder syn The Adventure of Sherlock Holmes' Smarter Brother en Mel Brooks syn lêste filmkomeedzje: Silent Movie. Dêrnei begûn er sels te regissearjen. Syn earste rezjy wie de komeedzje Three Foreign Legionnaires, dêr 't er ek de haadrol yn spile.
By it filmjen fan de pirate-komeedzje Yellowbeard ferstoar Marty Feldman oan in hertstilstân yn in hotel yn Meksiko-Stêd. Hy waard beïerdige op de Forest Lawn - Hollywood Hills Cemetery yn Los Angeles, yn de Garden of Heritage.
Filmografy
bewurkje seksjeFilm
bewurkje seksjeJier | Titel | Rol | Opmerkingen |
---|---|---|---|
1969 | The Bed Sitting Room | Ferpleechster Arthur | |
1970 | Every Home Should Have One | Teddy Brown | |
1971 | The Magnificent Seven Deadly Sins | Man kick Tree | cameo part "Sloth"; skriuwer part "Lust" |
1972 | Today Mexico, Tomorrow the World | Fuotballer Marty | koarte film |
1974 | Young Frankenstein | Igor | |
1975 | The Adventure of Sherlock Holmes' Smarter Brother | Sgt. Orville Stanley Sacker | |
Closed Up-Tight | Cat Burglar | ||
1976 | 40 gradi all'ombra del lenzuolo (Sex With a Smile) | Alex, the "Bodyguard" male | part "La Guardia del Corpo" |
Silent Movie | Marty Eggs | ||
1977 | The Last Remake of Beau Geste | Dagobert 'Digby' Geste |
Also director & writer |
1980 | In God We Tru$t | Broer Ambrose | Ek regisseur en skriuwer |
1982 | Slapstick of Another Kind | Sylvester | |
1983 | Yellowbeard | Gilbert | (lêste filmrol) |
Telefyzje
bewurkje seksjeJier | Titel | Rol | OPmerkingen |
---|---|---|---|
1967 | At Last the 1948 Show | ferskate rollen | |
1968–69 | Marty / It's Marty | ||
1970 | Marty Amok! | telefyzjespecial | |
1971 | Marty Abroad | telefyzjespecial | |
1971–72 | The Marty Feldman Comedy Machine | as himsels | |
1971–73 | The Flip Wilson Show | ||
1972 | The Marty Feldman Show | ferskaat | telefyzjefilm |
1974 | Marty Back Together Again | ferskate karakters | |
1981 | The Muppet Show | as himself | telefyzjerige – ien ôflevering, "Arabian Nights" |
Keppelingen om utens
bewurkje seksje- Marty Feldman by allmovie.com
- Marty Feldman yn de IMDb