Bodhi Rook

De ferzje fan 21 aug 2022 om 00.27 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (lidwurd fergetten)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Bodhi Rook (Ingelske útspr.: [ˈboʊdi ˈɹuk], likernôch: "boo-dy rûk") is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy waard yn 2016 yntrodusearre yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story. De geastlike heit fan it personaazje wie special effects-technikus John Knoll, dy't al yn 2003 de plot fan Rogue One betocht. Bodhi Rook is in frachtpiloat by de striidkrêften fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk, dy't desertearret om in boadskip oer te bringen fan Galen Erso, in liedend wittenskipper fan it Keizerlik wapenprogramma, oan 'e opstannelingen dy't feriene binne yn it Rebelleferbûn. It giet om in warskôging oer de Deadsstjer, in massaferneatigingswapen sa krêftich dat it hiele planeten ferdylgje kin. Bodhi giet neitiid mei op in wanhopige misje om 'e blaudrukken fan 'e Deadsstjer te stellen út it Keizerlik Argyf op 'e planeet Scarif. De rol fan Bodhi waard spile troch de Britske akteur fan Pakistaansk komôf Riz Ahmed.

Bodhi Rook
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske (Jedhaansk)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt piloat
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Galen Erso
Saw Gerrera
Cassian Andor
Jyn Erso
Chirrut Îmwe
Baze Malbus
K-2SO
geastlike heit John Knoll
ûntstean 2016

De foarnamme 'Bodhi' is in wurd út it Sanskryt, de hillige taal fan it hindoeïsme, en it dêrmei nau besibbe Paly, de hillige taal fan it boedisme, dat "ûntwekking" en "ferljochting" (fan 'e geast) betsjut. Dy namme waard net tafallich keazen foar in piloat dy't desyllúzjonearre rekket mei de praktiken fan it Galaktysk Keizerryk, desertearret en in nij libbensdoel fynt yn it bestriden fan it Keizerryk.

Fiktive biografy

bewurkje seksje

Yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story (2016) wurdt Bodhi Rook yntrodusearre as er op syn thúswrâld, de moanne Jedha, kontakt siket mei de fersetsgroep fan Saw Gerrera. Hy is in frachtpiloat by de striidkrêften fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk dy't desertearre is, neffens himsels om in holografysk boadskip oan Gerrera oer te bringen dat ôfkomstich is fan Galen Erso, in liedende wittenskipper fan it Keizerlik wapenprogramma, mei wa't Gerrera yn it ferline gedoente hân hat. Bodhi is net op 'e hichte fan 'e ynhâld fan it boadskip, behalven dat it in warskôging befettet oangeande de Deadsstjer, in nij Keizerlik romtestasjon ter grutte fan in lytse moanne, dat teffens in massaferneatigingswapen is, sa krêftich dat it hiele planeten ferdylgje kin. De paranoïde Gerrera is tige skeptysk oer it ferhaal; hy lit Bodhi dêrom finzen sette en ûnderwerpe oan neat te sêftsedige ûnderfregings.

Underwilens heart it Rebelleferbûn, de oerkoepeljende organisaasje fan hast alle rebellegroepen yn it Stjerrestelsel, geroften oer de desersje fan Bodhi en it boadskip dat er by him hawwe soe. Om't Gerrera in ekstremist is dy't al jierren lyn brutsen hat mei it Rebelleferbûn, stjoere de lieders fan 'e rebellen ien fan harren bêste minsken, kaptein Cassian Andor yn it selskip fan Galen Erso syn dochter Jyn, dy't troch Gerrera grutbrocht is, om foarsichtich kontakt te meitsjen. Op Jedha, yn 'e Hillige Stêd, reitsje Cassian en Jyn midden yn in oanfal fersyld fan 'e partisanen fan Gerrera op in konfoai fan Keizerlike stoarmtroepers. Neitiid wurde sy, de bline monastyske kriger Chirrut Îmwe en de hierling Baze Malbus finzen nommen en meifierd nei it haadkertier fan Gerrera. Dêr wurde Cassian, Chirrut en Baze opsletten yn in sel njonken dy fan Bodhi. Jyn wurdt by Gerrera brocht, dy't foar har it holografysk boadskip fan har heit ôfspilet dat Bodhi him brocht hat.

Underwilens jout grut-moff Wilhuff Tarkin oan Orson Krennic, de direkteur fan it Keizerlik wapenprogramma, opdracht om 'e Deadsstjer te testen troch it superlaserkanon ôf te fjurjen op 'e Hillige Stêd. De proef is in súkses en de stêd wurdt yn ien klap ferneatige. De konsintryske skokweagen wreidzje har dêrwei oer de hiele moanne út en sille alle libben ferdylgje. De partisanen fan Gerrera reitsje alhiel yn ûnstjoer, en yn alle trelit witte Cassian, Chirrut en Baze harrensels te befrijen, wêrnei't se ek Bodhi loslitte. Cassian nimt kontakt op mei de robot K-2SO, dy't by it romteskip fan him en Jyn efterbleaun wie. Hy fynt Jyn werom en skuort har mei. K-2SO arrivearret mei it romteskip en pikt Cassian, Jyn, Chirrut, Baze en Bodhi op wêrnei't se krekt op 'e tiid fan Jedha ûntkomme.

Neitiid fertelt Jyn oan Cassian en de oaren wat har heit yn it holografysk boadskip sei. Hy fertelde dat er ynstee fan fierdere utering te jaan oan syn opstannigens, de lêste fyftjin jier war dien hat om sa hearrich mooglik te lykjen, om't er besefte dat de Deadsstjer sûnder syn help ek wol makke wurde soe. Ynstee hat er syn posysje no brûkt om it Keizerryk te ûndermynjen troch mei opsetsin in swak plak yn 'e Deadsstjer yn te bouwen. Ek joech er Jyn opdracht om 'e blaudrukken fan 'e Deadsstjer út it Keizerlik argyfkompeks op 'e planeet Scarif te heljen en dy troch te spyljen oan it Rebelleferbûn. Net ien hat der lykwols yn 'e gauwichheid fan 'e ûntsnapping om tocht om 'e bylddrager mei it boadskip mei te nimmen, mei as gefolch dat dy ferlern gien is yn 'e ferwoastging fan Jedha.

Bodhi liedt it rebelleteam nei de planeet Eadu ta, dêr't Galen Erso him befynt yn it Enerzjyomsettingslaboratoarium fan it Keizerlik wapenprogramma. Neffens Cassian is it no nammenste wichtiger om Jyn har heit te befrijen, sadat er sels de rebellelieders tasprekke kinne sil. Temûk hat er lykwols opdracht krigen om Galen te likwidearjen by de earste gelegenheid dy't him dêrta foardocht. Om't se ûnder de radar op Eadu binnenkomme wolle, fleane se te leech. Se reitsje in útstykjende rotspjuts en moatte by nacht en min waar in needlâning meitsje, dy't se aldergeloks allegear ûnskansearre oerlibje. Neitiid geane Cassian en Bodhi op ferkenning. As er Galen Erso yn it fizier kriget, stjoert Cassian Bodhi fuort om in nij romteskip te stellen. As it derop oankomt, beslút Cassian lykwols om syn befel te negearjen en Galen net te deadzjen. Dochs komt de man koarte tiid letter om by in bombardemint troch X-wjukjagers fan 'e rebellen.

Werom yn it haadkertier fan 'e rebellen op Yavin-IV besiket Jyn de lieding fan it Rebelleferbûn te oertsjûgjen fan 'e needsaak fan in wraam op Scarif om 'e blaudrukken fan 'e Deadsstjer te bemachtigjen, mar se wolle net nei har harkje. Neitiid komme Chirrut, Baze, K-2SO en Cassian gear mei in stikmannich oare frijwilligers, dy't Jyn oanbiede om 'e misje tsjin 'e befellen yn dochs út te fieren. Bodhi slút him by harren oan. De groep kaapt it Keizerlik frachtfear dat earder op Eadu bútmakke is en set dêrmei ôf, mei Bodhi as piloat. As de ferkearslieding yn betizing freget nei harren oansprekkoade, betinkt Bodhi foar de hân wei ien: Rogue One ("Skelm Ien"). Se bejouwe har nei Scarif, dêr't it Keizerryk in ûntrochkringber enerzjyskyld om 'e hiele planeet hinne makke hat, mei mar ien poarte, dy't iepene en sletten wurde kin. Bodhi praat harren nei binnen ta troch te sizzen dat it frachtfear nei it bombardemint fan 'e rebellen op Eadu hjirhinne omlaat is.

Nei't se op 'e tropyske planeet lâne binne, stelle Jyn en Cassian de unifoarmen fan inkele Keizerlike ofsieren dy't oan board komme om it fear te ynspektearjen. Yn 'e mande mei K-2SO ynfiltrearje se neitiid mei dy momkape it argyfkompleks. Chirrut, Baze en de rebellen fiere in koördinearre oanfal op it Keizerlik garnizoen út by wize fan ôfliedingsmaneuver. Bodhi bliuwt ynearsten by it frachtfear om alles ree te meitsjen foar in hastige ûntsnapping as se de blaudrukken ienris hawwe. Underwilens fangt it Rebelleferbûn op Yavin-IV kommunikaasje tusken Keizerlike troepen op dêr't yn sprutsen wurdt fan in rebelle-oanfal op Scarif. Mon Mothma, de polityk liedster, en de Mon Calamari-admiraal Raddus beslute dan dochs fanwegen te kommen.

As de rebellefloat ûnder admiraal Raddus by Scarif arrivearret, slute de Keizerlike troepen de poarte yn it planetêre enerzjyskyld. Dat hâldt ek de ferstjoering fan grutte hoemannichten data tsjin, dat Cassian jout fia K-2SO oan Bodhi opdracht om in fysike oansluting op it kommunikaasjesysteem oan te lizzen sadat se de rebellefloat sizze kinne dat de poarte yn it enerzjyskyld tsjin eltse priis iepenbrutsen wurde moat. Bodhi liedt mei gefaar foar eigen libben in keabel nei it frachtfear ta en bringt sa in fysike oansluting op it kommunikaasjenetwurk ta stân. Chirrut wurdt deade nei't er de haadskeakelder op it lâningsplatfoarm omset, sadat de oansluting iepene wurdt. Bodhi bringt it boadskip oer oan admiraal Raddus, krekt foar't in stoarmtroeper in granaat yn it frachtfear smyt en it hiele romteskip de loft yn giet. By dy ûntploffing komt Bodhi Rook oan syn ein.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono