Springe nei ynhâld

Gorillas in the Mist

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gorillas in the Mist (film))
Gorillas in the Mist
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Michael Apted
produsint Arne Glimcher
Terence A. Clegg
senario Anna Hamilton Phelan
kamerarezjy John Seale
muzyk Maurice Jarre
filmstudio Universal Pictures
Warner Bros.
The Guber/Peters Company
distribúsje Universal Pictures (Noard-Amearika)
Warner Bros. (ynternasjonaal)
spilers
haadrollen Sigourney Weaver
John Omirah Miluwi
byrollen Bryan Brown
Constantin Alexandrov
Waigwa Wachira
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 23 oktober 1988
foarm langspylfilm
sjenre biografyske film
taal Ingelsk (ek wat Swahily en Frânsk)
spyltiid 129 minuten
budget en resultaten
budget $22 miljoen
opbringst $61,1 miljoen
prizen 2 × Golden Globe

Gorillas in the Mist is in Amerikaanske biografyske dramafilm út 1988 ûnder rezjy fan Michael Apted, mei yn 'e haadrollen Sigourney Weaver en John Omirah Miluwi. De titel betsjut "Gorilla's yn 'e Dize". De film fertelt it wiere ferhaal fan natoerûndersykster en -beskermster Dian Fossey en har wurk mei de slim bedrige berchgorilla's yn Rûanda. Gorillas in the Mist krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. De film waard nominearre foar fiif Oscars en wûn twa Golden Globes.

De Amerikaanske terapeute Dian Fossey wurdt troch it wurk fan paleöntolooch en antropolooch Louis Leakey ynspirearre om har libben te wijen oan it wittenskiplik ûndersyk nei primaten. Se skriuwt him allegeduerigen brieven wêryn't se oanbiedt om in tige needsaaklike telling te hâlden fan 'e populaasje berchgorilla's yn Afrika. As Leakey yn 1966 in lêzing hâldt yn har wenplak Louisville, sprekt se him neitiid oan en wit se him fan har earnst te oertsjûgjen.

Fossey reizget nei de Demokratyske Republyk Kongo, dêr't se Leakey wer moetet. Ut namme fan syn stifting rist er har ta mei alle nedichheden foar har ûndersyk. Ek bringt er har yn 'e kunde mei in pleatslike spoarsiker, Sembagare, dy't har neiste assistint wurdt. Neitiid lit er har oan har lot oer. Yn it djippe smiten set Fossey har nei wenjen yn in kamp djip yn it oerwâld, dat sân jier earder oanlein is troch in oare Amerikaanske ûndersiker, George Schaller. Mei muoite spoare Fossey en Sembagare trije pleatslike troepen berchgorilla's op, dy't se begjinne te observearjen. Under de Kongokrisis, in fiifjierrige perioade fan politike en militêre ynstabiliteit yn 'e Demokratyske Republyk Kongo, wurde se lykwols út harren kamp ferdreaun troch it regearingsleger, dat Fossey derfan beskuldiget in spionne en in útlânske ûnrêststokelder te wêzen.

Neitiid wurdt Fossey as persona non grata oer de grins set en komt se yn Rûanda telâne. Se is al har besittings kwytrekke útsein de klean dy't se oan hat, en útfanhûzet by in Amerikaanse dy't al desennia yn Rûanda tahâldt, Roz Carr. Neitiid lit Fossey de moedfearren alhiel hingje en is se fan doel om werom nei hûs te gean, mar Carr en har trouwe assistint Sembagara motivearje har om dochs yn Afrika te bliuwen. Fossey set in nij kamp op yn it Virungaberchtme, it Karisoke Research Center, diskear oan 'e Rûandeeske kant fan 'e grins. Dêre begjint se wer fan foarren ôf oan mei har ûndersyk.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn Karisoke hat Fossey te krijen mei korrupsje fan 'e Rûandeeske oerheidsfunksjonarissen en streuperij dêr't frijwol neat tsjin dien wurdt. Dêrom sette sy en har assistinten njonken it dwaan fan ûndersyk ek útein mei it patrûljearjen fan it gebiet, wêrby't se alle fâlen dy't de streupers opsette, ferneatigje. Fossey wit kontakt te meitsjen mei ferskate groepen berchgorilla's. Net inkeld hâldt se in telling fan 'e grutte fan 'e populaasje (de oarspronklike reden foar har útstjoering), mar ek docht se wichtige ûntdekkings oer de libbenswize en it hâlden en dragen fan 'e bisten. Har wurk makket yndruk op Leakey en lûkt yn wittenskiplike fermiddens ynternasjonale oandacht.

De Amerikaanske National Geographic Society, dy't Fossey har ûndersyk fia de stifting fan Leakey finansiert, stjoert de Australyske fotograaf Bob Campbell om in fotoreportaazje fan har wurk te meitsjen foar it tydskrift National Geographic Magazine. Fossey fielt dêr yn 't earstoan hielendal neat foar, mar as Campbell har útleit dat it bekendmeitsjen fan it bredere publyk mei de berchgorilla helpe kin om 'e streuperij yn te daamjen, giet se oerstaach. Nei ferskate fotosesjes mei de gorilla's reitsje Fossey en Campbell behelle yn in romantyske relaasje, nettsjinsteande it feit dat Campbell al troud is. Hy stelt foar dat er fan syn frou skiede en mei har trouwe sil, mar dan wol er wol dat Fossey alteast de helte fan it jier mei him earne oars trochbringt. Fossey wol lykwols net sa lang by har gorilla's wei en beëiniget de relaasje.

Underwilens foarmet Fossey in nauwe bân mei in grutte sulverrêch, in mantsjegorilla, dy't se Digit neamd ("Finger"), om't de ringfinger en pink oan syn lofterhân mei-inoar fergroeid binne. As Pucker, in nijberne gorillajong fan in oare groep, fongen wurdt troch streupers, dy't dêrfoar mear as tsien folwoeksen gorilla's ôfmeitsje, riidt Fossey poermâl nei it neiste stedsje ta, dêr't se yn it buske fan 'e bistehanneler Claude van Vecten ynbrekt en Pucker weromnimt. Van Vecten docht oanjefte fan dieverij, mei't er in fergunning fan 'e oerheid hat om it gorillajong te eksportearjen.

Fossey goait it op in akkoartsje mei de Rûandeeske minister Mukara: sy sil it ferwûne en traumatisearre jong fersoargje sadat it genôch opbetteret om 'e reis nei in dieretún yn Keulen te oerlibjen, en yn ruil dêrfoar mei se op kosten fan 'e oerheid trije man oannimme dy't as parkwachters fungearje sille om streuperij te bestriden. Fossey hâldt har oan 'e ôfspraak om't dat op 'e lange termyn it bêste is foar de berchgorilla's, mar har hert brekt as se Pucker nei ferrin fan tiid ôfstean moat oan 'e ûnmeilydsume Van Vecten.

As Pucker in jier letter yn finzenskip deagiet en de Keulske dieretún in nije gorilla hawwe wol, jout Van Vecten de pleatslike streupers opdracht om in nij jong foar him te fangen, ek al hat er dêr diskear gjin fergunning foar. De streupers falle de famyljegroep fan Digit oan, en de sulverrêch wurdt deade yn it gefjocht. Hy hat de streupers lykwols langernôch opholden dat syn troep ûntkomme kinne hat. De streupers slane him de kop ôf om dy te ferkeapjen as jachttrofee en de hannen om der jiskepântsjes fan it meitsjen. As Fossey it skeinde lyk weromfynt fan it bist dat se as har freon sjocht, wurdt se troch alles hinne breinroer. Se stekt de reidene wenten fan 'e streupers yn 'e brân en as sy en har mannen ien fan 'e streupers te pakken krije, fiert se sels in skyneksekúsje út foar't se him oerdraacht oan 'e autoriteiten om berjochte te wurden. Dêrmei ferfrjemdet se har Westerske ûndersyksassistinten fan har.

As Fossey har letter ek tsjin it opkommende toerisme keart, om't soks neffens har de ûnfersteurde libbenswize fan 'e gorilla's bedriget, sprekt Sembagare syn noed út oer alle fijannen dy't se makket. Fossey hat lykwols krekt in nije wurkfergunning krigen, dy't trije jier jildich is, dat se makket har nearne soargen oer en wiuwt nonsjalant Sembagare syn warskôgings fuort. Op 27 desimber 1985 wurdt Fossey yn 'e sliepkeamer fan har blokhutte te Karisoke mei in masjete fermoarde troch in oanfaller fan wa't inkeld it skaad yn byld brocht wurdt. Har begraffenis wurdt bywenne troch Sembagare, Carr en al har Afrikaanske assistinten. Har mei in râne fan stiennen ôfsette grêf komt fuort njonken dat fan Digit te lizzen. Nei't it oare roufolk ôfset is, hellet Sembagare de stiennen tusken de grêven fan Fossey en Digit wei, sadat se ien grêf diele.

In yn byld brochte tekst leit út dat it krewearjen fan Dian Fossey de berchgorilla fan it útstjerren rêden hat. Wa't der efter har moard siet, is noch altyd in mystearje.

Sigourney Weaver (2008).
Bryan Brown (2009).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Dian Fossey Sigourney Weaver
Sembagare John Omirah Miluwi


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Bob Campbell Bryan Brown
Claude van Vecten Constantin Alexandrov
Mukara Waigwa Wachira
Roz Carr Julie Harris
Louis Leakey Iain Cuthbertson
Rushemba Konga Mbandu
Brendan Iain Glen
Larry David Lansbury
Kim Maggie O'Neill
Batwa-haadman Peter Nduati
Howard Dowd Michael J. Reynolds
fotograaf Gordon Masten
frou Van Vecten Helen Fraser
himsels David Maddock

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gorillas in the Mist waard regissearre troch Michael Apted, dy't earder û.m. it bekroande Coal Miner's Daughter en Gorky Park makke hie. Hy wurke nei in senario fan Anna Hamilton Phelan, dat hja skreaun hie op basis fan artikels troch Alex Shoumatoff en Harold T.P. Hayes en in koart ferhaal fan harsels en Tab Murphy. As produsinten wiene Arne Glimcher en Terence A. Clegg by it projekt belutsen foar de filmstudio's Universal Pictures, Warner Bros. en The Guber/Peters Company. Der wie foar Gorillas in the Mist in budget fan $22 miljoen beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Seale. De opnamen fûnen fierhinne plak op lokaasje yn Rûanda en Kenia. Inkele binnendoarsênes waarden filme yn 'e Shepperton Studios yn it Ingelske greefskip Surrey. De filmmuzyk waard fersoarge troch Maurice Jarre.

De distribúsje fan Gorillas in the Mist waard yn 'e Feriene Steaten en Kanada fersoarge troch Universal Pictures en yn 'e rest fan 'e wrâld troch Warner Bros. De film gie op 23 oktober 1988 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige Gorillas in the Mist oer it algemien positive resinsjes. It aktearjen fan Sigourney Weaver en de technyske prestaasjes fan 'e produksje waarden rûnom priizge, hoewol't guon resinsinten der argewaasje fan hiene dat der net mear karakterûntwikkeling siet yn 'e rol fan Weaver. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times skreau oer it casten fan Weaver as Dian Fossey: "It is ûnmooglik om jin in bettere kar foar te stellen foar de rol." Hy hie wol krityk op it senario, mei't er fûn dat it personaazje fan Fossey te fier fan it publyk ôf stie en dat har motiven ûndúdlik bleaune: "Gorillas in the Mist fertelt ús wat Dian Fossey berikte en hoe't it mei har ôfrûn, mar de film fertelt ús net wa't se eins wie, en dat is ta einbeslút no krekt wat we witte woene." Ebert priizge de sênes mei echte gorilla's en de wize dy't de film hie om 'e bylden fan libbene bisten naadleas oergean te litten yn opnamen mei minsken yn gorillapakken: "Alles komt my like echt foar, en de gefoeligens wêrmei't regisseur Michael Apted de relaasjes tusken frou en dier ûntwikkele[t], fûn ik tige oangripend."

Yn The Washington Post skreau Hal Hinson oer it casten fan Weaver: "Einlings hat se in rol fûn dy't by har statuer past." Hy hie lykwols krityk op 'e manear dy't it senario hat om mei de persoan fan Dian Fossey om te gean: "It wichtichste probleem fan Gorillas in the Mist is dat de film syn heldinne banalisearret […]. En neffens alle ferslaggen wie Fossey alles behalven gewoan." Hy beskuldige de filmmakkers derfan dat se de geastlike ynstabiliteit fan 'e haadpersoan besocht hiene te ferhimmeljen: "Fossey wie mear as inkeld eksintryk […]. De film befettet hints nei dy aspekten fan har persoanlikheid, mar besiket se te fersêftsjen; […] de filmmakkers hawwe [dêrmei] mear dien as [inkeld] Fossey har libben skjinprate, se hawwe it syn betsjutting ûntnommen." Hinson fûn de film dêrom frustrearjend, mar konkludearre ek: "eltse kear dat de kamera's nei de gorilla's ta draaie – dy't de wiere stjerren fan 'e film binne – hawwe jo it gefoel dat je tsjûge binne fan wat wierlik geweldichs."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Gorillas in the Mist in heech goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 18 ûnderskate resinsjes. Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, hie anno 2022 (noch) gjin beoardieling fan Gorillas in the Mist.

Gorillas in the Mist brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $24,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $36,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $61,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $22 miljoen betsjut dat in winst fan $39,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Gorillas in the Mist waard yn 1989 nominearre foar fiif Oscars, yn 'e kategoryen bêste aktrise (Sigourney Weaver), bêste orizjinele filmmuzyk (Maurice Jarre), bêste adaptearre senario (Anna Hamilton Phelan), bêste filmmontaazje (Stuart Baird) en bêste lûdsmixing (Andy Nelson, Brian Saunders en Peter Handford). De film wist lykwols net ien fan dy prizen te winnen. By de Golden Globes waard Gorillas in the Mist itselde jiers nominearre yn trije kategoryen, wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Drama. De film wûn de Golden Globes foar bêste aktrise (Weaver) en bêste orizjinele filmmuzyk (Jarre).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.