Springe nei ynhâld

Amfibyen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Amfiby)
Amfibyen
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang): termdieren (Nephrozoa)
boppestamme: nijmûnigen (Deuterostomata)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme: kaakdieren (Gnathostomata)
boppeklasse: fjouwerpoatigen (Tetrapoda)
klasse: amfibyen (Amphibia)
Gray, 1825

De amfibyen (Latynske namme: Amphibia) foarmje in klasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata) en de boppeklasse fan 'e fjouwerpoatigen (Tetrapoda). It binne kâldbloedige, fjouwerpoatige bisten, dy't in ferskaat oan biotopen bewenje, mar it meast dy dy't op 'e grins fan (swiet) wetter en lân lizze en teffens sokke fochtige lânskippen as reinwâlden. Amfibyen ûnderskiede har fan oare fjouwerpoatigen troch in tige tinne hûd, dêr't se ûnder wetter troch sykhelje kinne, en troch in larvaal stadium oan it begjin fan har libben. Hoewol't se gauris yn ien sike wei neamd wurde mei de reptilen, binne se dêr net nauwer mei besibbe as mei de fûgels of de sûchdieren. De fisken steane sels noch fierder fan 'e amfibyen ôf. De tûke fan 'e biology dy't amfibyen bestudearret, hjit de batrachology.

Amfibyen lizze aaien (kikkertsdril) yn oerflaktewetters dêr't meitiid har jongen útkomme. Yn 't earstoan hawwe dy de (larvale) foarm fan kikkertfiskjes, mei in lange sturt dêr't se har mei fuortbewege, en gjin poaten. Se ûndergeane lykwols stadichoan in metamorfoaze ta de folwoeksen foarm, wêrby't de wichtichste ferskillen binne dat se poaten en longen ûntwikkelje, sadat se op lân libje kinne. Kikkerts en podden ferlieze fierders de sturt, wylst salamanders en wjirmsalamanders dy hâlde. Wjirmsalamanders wike wat ôf fan 'e noarm, yn 'e sin dat se nea poaten krije.

In Sineeske reuzesalamander, it grutste amfiby fan 'e wrâld.

De hûd fan amfibyen is sa tin dat se dy brûke kinne as sekundêr sykhellingssysteem foar ûnder wetter. Guon lytse lânsalamanders en -kikkerts ûntwikkelje nea longen, sadat se foar sykheljen poer op 'e hûd oanwiisd binne. Amfibyen binne swiet wetter brek om har fuort te plantsjen; yn sâlt wetter komme se net foar. Guon oare fjouwerpoatigen dy't in akwatyske libbensstyl hawwe, bygelyks beskate reptilen (krokkedillen) en guon sûchdieren (otters, bevers, ensfh.) plantsje har fuort op it drûge. Troch har tinne hûd nimme amfibyen behalven lucht en wetter ek oare stoffen út har om-en-by op, en sadwaande binne se gauris de earste bisten dy't troffen wurde as de ekology yn in beskaat gebiet oantaast wurdt. De ôfrûne desennia is de amfibyestân wrâldwiid dan ek op dramatyske wize efterútbuorke.

De ierste amfibyen ûntjoegen har yn it Devoan út fisken dy't longen en bonkige finnen ûntwikkele hiene. Se diversifiëarren har en wiene de dominante lândieren yn it Karboan en it Perm, mar waarden letter fansiden krongen troch de reptilen en oare groepen. Meitiid rekken de amfibyen yn it neigean en stoaren in protte soarten út, sadat úteinlik inkeld de ûnderklasse fan 'e moderne amfibyen (Lissamphibia) oerbleau. Dy bestiet út trije oerlibjende skiften: de kikkerts en podden (Anura), de salamanders (Caudata) en de wjirmsalamanders (Gymnophiona). Yn totaal besteane der tsjintwurdich mear as 7.000 soarten amfibyen, wêrfan't hast 90% kikkerts binne. Der wurde noch hieltyd in protte nije amfibyesoarten oantroffen, benammen soarten beamkikkerts yn tropyske reinwâlden. Sa waarden yn it earste fearnjier fan 2010 goed 75 nije soarten ûntdutsen. Sûnt 1985 is it totale oantal soarten amfibyen mei 60% omheech gien.

De Paedophryne amauensis, in kikkertsoarte út Nij-Guineä, dy't yn 2009 ûntdutsen waard en dy't, foarsafier bekend, it lytste wringedier fan 'e wrâld is. Hjir ta ferliking sittend op in Amerikaansk dûbeltsje (mei in trochsneed fan 17,9 mm).

Yn grutte rinne amfibyen útinoar fan 'e Sineeske reuzesalamander (Andrias davidianus), dy't 1.80 m lang wurde kin, oant de Paedophryne amauensis, in kikkert út Nij-Guineä, dy't mei 7,7 mm it lytste libbene wringedier is. Yn earder tiden bestiene folle gruttere amfibyen, lykas de Prionosuchus, út it Midden-Perm fan Brazylje, dy't wol 9 m lang wie. Yn Fryslân binne de meast foarkommende soarten: de griene kikkert, jork of wetterfroask (Pelophylax esculenta), de brune kikkert of lânfroask (Rana temporaria), de (gewoane) podde (Bufo bufo) en de lytse wettersalamander (Lissotriton vulgaris).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.