Springe nei ynhâld

Javasee

Ut Wikipedy
Javasee
geografy
type wetter rânesee
lokaasje n. fan Java
lân Yndoneezje
ûnderdiel fan Yndyske Oseaan
sifers
maks. lingte 1.600 km
maks. breedte 380 km
oerflak 320.000 km²
djiptegemiddelde 46 m
djipste punt 82 m
Seeën fan Yndoneezje.

De Javasee is in grutte (likernôch 310.000 km²) ûndjippe see (maks. 82 meter) súdwestlik fan de Grutte Oseaan. De Javasee is part fan de Yndyske Oseaan en ûntstie oan de ein fan de lêste iistiid út it ferdjipjen fan twa grutte riviersystemen.

De see leit tusken de Yndonezyske eilannen: Borneo yn it noarden, Java yn it suden, Sumatra yn it westen, en Selebes yn it easten.

Yn it noardwesten hat de see in ferbining mei de Súdsineeske See fia de Karimatastrjitte. Ynt it noardeasten leit de Strjitte Makassar en oan de eastkant is de Floressee.

De moesson is beskiedend foar de streaming yn de Javasee: de eastmoesson fiert wetter út de Floressee nei de Javasee en troch de westmoesson komt der wetter út de Súd-Sineeske See troch de Strjitte Karimata de see yn.

Fiskerij is ekonomysk wichtich yn de Javasee. It gebiet hat mear as trijetûzen soarten seebisten. Fierders lûke de kusten fan de Javasee toeristen, benammen om dêr te dûken. Op Java en Bali binne nasjonale parken.