Spikkelbûnte ein
spikkelbûnte ein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Anas fulvigula | ||||||||||||
Ridgway, 1874 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedfûgel stânfûgel wintergast |
De spikkelbûnte ein (Anas fulvigula) is in fûgelskaai út de famylje einfûgels (Anatidae). Robert Ridgway publisearre foar it earst de soarte yn 1874.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spikkelbûnte einen ha gjin geslachtsdiformisme en lykje in soad op 'e wyfkes fan 'e wylde ein. De snaffel fan jerken is ljochtgiel mei in opfallende swarte punt, wyfkes ha in mear oranje-eftige snaffel.
Se wurde likernôch 55 sm lang en binne wat lytser en donkerder as wylde einen. De kop is brún fan kleur en oan 'e sturt sit gjin wyt. spikkelbûnte einen ha ek wat fan 'e Amerikaanske swarte ein en binne dêr nauwer oan besibbe, mar dy hat donkerder fearren en in poarperkleurige spegel. De wangen en de kiel fan 'e spikkelbûnte ein binne egaal ljochtbrún, wylst de krún wer in bûnte struktuer hat. Fan 'e snaffel rint oant efter it each in smelle donkere streek. De fearren fan it bealchje binne midden- oant donkerbrún en hawwe in yn ferhâlding brede, ljochtbrune seame. By guon einen binne der fine streekjes te sjen, dy't by oare einen ûntbrekt dat patroan. De spegel op 'e wjuk is grienblau en wurdt by de measte fûgels net mei in wite râne ôfsletten.
Poaten binne oranje en de eagen brún. De einen ha gjin simmer- of winterkleed. De juvenilen lykje op 'e folwoeksen fûgels, mar de tekening fan 'e fearren is minder skerp.
De âldst bekende wylde spikkelbûnte ein is 13 jier âld woarn. De trochsnit libbensferwachting is lykwols in stik leger. Utfleanende jerken ha in libbensferwachting fan mar 2,5 jier. Dy fan wyfkes leit noch leger om 't dy yn 'e briedtiid in grutter risiko rinne om slachtoffer fan in rôfdier te wurden. Harren libbensferwachting is mar 1,4 jier.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]spikkelbûnte einen komme yn it suden fan 'e Feriene Steaten en Meksiko foar en libje yn brak en swiet wetter. It skaai bestiet út twa ûndersoarten:[1]
- A. f. fulvigula
- A. f. maculosa
De A. f. maculosa libbet oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko tusken Alabama en Tamaulipas yn Meksiko. Guon fan dy populaasje migrearje nei de briedtiid fierder nei it suden oant Veracruz. De twadde populaasje, gauris as de nominaatfoarm A. f. fulvigula yndield, libbet yn Floarida en bestiet út stânfûgels, dy't út en troch nei it noarden oant Georgia migrearje. De heechste ferspriedingstichtens fan 'e populaasje is oan 'e Okeechobeemar. Dy mar yn it suden fan Floarida tusken de stêden Orlando en Miami is likernôch 56 km lang oant 48 km breed en hat in wetteroerflak fan likernôch 1.890 km².
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De measte einen briede yn maart en april. De nêsten wurdt op 'e grûn tusken tichte begroeiïng boud. In lechsel bestiet út sân oant fjirtjin aaien. Allinne de wyfkes briede. It jerkje bliuwt oant it begjin fan it brieden tichteby it wyfke. Dêrnei wurde de pearkes losser en ein july sammelje de jerkjes har yn lytse groepen om te ferfearjen.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De einen ite foar it grutste part plantaardich iten, lykas blêd, sied, gers, woartels en wetterplanten. Fierder ite se ek wol fiskjes of ynsekten. It iten wurdt socht yn wetter dat net djipper as 30 sm is, mei in foarkar foar wetter wêrfan't de planten oant boppe it wetteroerflak groeie.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de soarte de status fan net bedrige, mar yn Floarida hat de soarte in grut part fan it biotoop ferlern. Tusken 1975 en 1985 ferlear de ein likernôch 116.000 hektare geskikt biotoop foar bebouwing en agrarysk ferlet. Dochs bleaune de oantallen tusken 1985 en 1993 stabyl. De grutste bedriging foar de soarte is de ynfiering fan 'e wylde ein yn Floarida, dy't dêr as sierfûgel holden of foar de jacht útset wurdt. De wylde ein is besibbe oan 'e spikkelbûnte ein en kin dêr maklik mei kruse.
De grutte fan 'e westlike populaasje hinget ôf fan it waar oan 'e Golfkust. Mei ryklik rein en dêrmei genôch briedgebiet kin de populaasje yn 'e hjerst wol 200.000 oant 250.000 fûgels bestean. Yn 'e lêste desinnia hat de westlike populaasje him nei it noarden ta útwreide. De eastlike populaasje yn Floarida is lytser en wurdt op 56.000 einen rûsd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Floridaente
|