Homo erectus
De homo erectus wie in minskeftige dy't om-ende-by 1,9 miljoen oant 400.000 jier lyn op ierde libbe hat. Hy libbe nei alle gedachten nei Homo habilis, mar it kin net útsletten wurde dat beide soarten njonken inoar libbe hawwe. It wurd betsjut rjochtopsteand, dat slacht op it rjochtop rinnen fan de soart. Hy wie ûngefear tusken de 1,50 meter en 1,85 meter lang en foarseach himsels fan iten troch te jeien en te sammeljen.
De homo erectus makke in oantal wichtige ûntwikkelings troch dy't fan krusiaal belang wienen foar de fierdere ûntwikkeling foar de minsklike soart. Karakterisearjend wie de útfining fan it fjoer. It is net hielendal dúdlik hoe, wêrom't en wêrfoar't de minske begûnen mei it brûken fan fjoer. Neffens de wittenskip hie it benammen te krijen mei tafallichheden. Yn alle gefallen learde de minske it fjoer te behearskjen en makke dêr gebrûk fan. It joech him in protte foardielen, wylde bisten bygelyks koene dermei op ôfstân holden wurde en iten mei fynmakke wurde. Mar it wichtichste wie wol dat sy troch fjoer harren waarm hâlde koene. Troch it fjoer koenen sy út Afrika wei nei it kâldere Jeropa en Aazje lûke. Yn Jeropa binne resten fûn fan de Homo erectus dy't 1,5 miljoen jier âld binne.
Oare ûntwikkelingen dy't dizze minskesoarte trochmakke, wie it meitsjen fan finer ark. Sy dienen dat folle better as har foargongers en ûntwikkelen as earste de fûstbile. Troch dy ûntwikkelingen koenen sy ek better op bisten jeie.