Faaneach
Faaneach (Deensk: Fanø) is ien fan de Waadeilannen yn Denemark. It eilân is sa’n 56 kante kilometer; der wenje likernôch 3.198 (1 jannewaris 2008) minsken op it eilân. Faaneach is it noardlikste fan alle bewenne eilannen yn 'e Waadsee.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Faaneach groeide út fan in lytse sânbank nei in eilân. De Noardsee hie dêr in wichtige rol yn: de see spielde sân oan dat op de sânbank lizzen bleau. Sa woeks Faaneach hieltyd grutter. Ek hjoed-de-dei bart dit noch hieltyd. Dit is goed te sjen by de noardwestpunt fan Faaneach.
De earste tekens fan bewenning op Faaneach komme út de 12e iuw. Yn it Kening Waldemars Grûnboek fan 1231 wie it al opnaam as besit fan de kroan. Yn it jier 1741 feroare dat, doe't it eilân troch kening Kristiaan VI ferkocht waard oan de bewenners fan it eilân.
Dy ferkeap wie it begjin fan in bloeiperioade foar it eilân. Nei Kopenhagen hie Faaneach yn dy tiid de grutste en wichtichste skipsfloat fan Denemarken. Oerbliuwsels út dy tiid binne te finen yn Nordby en Sønderho. Hjir binne noch altyd âlde skippershuzen te finen.
Yn de Twadde Wrâldkriich makke Faaneach diel út fan de Atlantikwall, de ferdedigingsliny fan de Dútsers om de Alliearden út it Dútske lângebiet wei te hâlden. Mei de Wrâldkriich binne der sadwaande in protte bunkers op it eilân boud. By Nordby binne in pear fan dy bunkers iepen foar toeristen.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op Faneach lizze trije doarpen. It grutste doarp is Nordby, dat yn it noarden fan it eilân leit. Yn Nordby wenje sa’n 2.500 minsken en it is ek it haadplak fan de gemeente. De oare doarpen binne Rindby, dat yn 'e midden fan it eilân leit, en Sønderby, yn it uterste suden.
Nei de gemeentlike weryndieling fan 2007 bleau Faaneach in selsstannige gemeente. Dêrtroch is it, nei ynwenners, de op ien nei lytste gemeente fan Denemarken. Boargemaster fan Faaneach is Erik Nørreby.
De befolking is foar de ynkomsten tige ôfhinklik fan de toeristen dy’t nei it eilân ta komme. De toeristen kinne mei de boat fan Esbjerg ôf nei it eilân farre. Ek skipfeart en fiskerij ha in wichtige rol yn de ekonomy
Natuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Faaneach is op it breedste stik likernôch fiif kilometer; de lingte fan it eilân is sa’n tolve kilometer. De hiele westkant fan it eilân bestiet út ien grut sânstrân. Fierders is in grut part fan it eilân bedutsen mei heide en nuddelbeammen.
Under mear troch dit ferskaat oan natuer komme der alle jierren jier likernôch 30.000 toeristen nei Faaneach.
Wichtige plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De tsjerken fan Nordby en Sønderby
- Faaneach keunstmuseum yn Sønderby
- Skipfeart- en drachtsamling yn Nordby
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fryske eilannen |
---|
Westfryske eilannen: |
· · |