Springe nei ynhâld

Columbus (Ohio)

Ut Wikipedy
Columbus
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Ohio
County Franklin County
Delaware County
Fairfield County
Sifers
Ynwennertal 850.206 (2015)
Oerflak 577,9 km² (ynkl. wetter)
562,5 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.471,2 / km²
Stêdekloft 1.858.464 (2010)
Hichte 275 m
Oar
Stifting 1812
Tiidsône UTC -5
Simmertiid UTC -4
Koördinaten 39°57′44″N 83°00′02″W
Offisjele webside
www.columbus.gov
Kaart
De lizzing fan Columbus yn Franklin County en de steat Ohio.

Columbus is de haadstêd en grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Ohio, dy't yn it noarden fan it lân leit, besuden de Grutte Marren. Columbus leit frijwol persiis yn 'e midden fan 'e steat, op it plak dêr't de rivieren de Skioto en Olentangy gearfloeie, en is teffens it haadplak fan Franklin County, mar it hat him sasear útwreide dat ferskate bûtenwiken no op it grûngebiet fan it oanswettende Delaware County en Fairfield County lizze. Columbus hie neffens in offisjele skatting út 2012 goed 800.000 ynwenners, en as stêdekloft, wêrby't de foarstêden en de ferstedske omlizzende krite meirekkene wurdt, hie it neffens de folkstelling fan 2010 sels in befolking fan rom 1.850.000 minsken. Nei dy fan Cleveland is it dêrmei de op ien nei grutste konglomeraasje fan Ohio.

It gebiet dat no de steat Ohio foarmet, kaam yn 1763, by de Frede fan Parys, ûnder Britsk bestjoer. Nei de Amerikaanske Revolúsje waard it ûnderdiel fan 'e Feriene Steaten, en begûnen kolonisten út it Easten har der nei wenjen te setten. It wie lykwols net in leech gebiet, mar it heitelân fan 'e Yndiaanske Sjâny-, Majêmy-, Delawêr-, Wyandot- en Mingo-folken, sadat de kolonisaasje fan Ohio troch de blanken útrûn op jierrenlange oarloch. Yn 1797 makke it Ferdrach fan Greenville, dat sletten waard nei de Yndiaanske nederlaach yn 'e Slach by Fallen Timbers, de wei frij foar fierdere kolonisaasje, troch in deportaasje fan 'e Yndianen nei it westen ta, nei it gebiet dat sadwaande de namme Indiana krige.

It sintrum fan Columbus.

Ohio trede yn 1803 as in folweardige steat ta de Amerikaanske Uny ta, wêrnei't der deilisskip ûntstie ûnder de politike lieders fan Ohio oer de fraach wat de haadstêd wurde soe. Doe't dy rûzje derta late dat de haadstêd fan Chillicothe nei Zanesville en wer werom ferhuze waard, ûntstie it plan om yn 'e geografyske midden fan 'e steat in nij haadplak te stiftsjen. Columbus, ferneamd nei de ûntdekkingsreizger Kristoffel Kolumbus, waard sadwaande op 14 febrewaris 1812 stifte as in mei opsetsin ûntwurpen steatshaadstêd.

Doe't Columbus yn 1831 op it nasjonale wegestelsel oansletten waard, resultearre dat yn in eksplosive befolkingsgroei. Under de nije bewenners wiene in protte ymmigranten út Ierlân en Dútslân, dy't twa etnyske enklaves oan 'e râne fan 'e stêd stiften. Yn 1834, doe't it in ynwennertal fan 3.500 berikt hie, krige Columbus offisjeel de status fan stêd. Trije jier letter anneksearre it de oant doe ta selsstannige stêd Franklinton. Yn 1850 berikte it spoar Columbus, wat foar bettere ferbinings mei de eastkust soarge.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) wie Columbus in wichtige basis foar it Noardlike leger, dêr't 26.000 man húsfêste wiene, wylst yn Camp Chase, fuort bûten (no yn) de stêd, 9.000 Súdlike kriichsfinzenen fêstholden waarden. Der lizze noch altiten mear as 2.000 Súdliken begroeven, wat it ta ien fan 'e grutste súdlike begraafplakken yn it Noarden makket. Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw waarden der ferskate fabriken yn Columbus stifte, wat de stêd ta in yndustrieel sintrum makke, dat û.m. bekendstie om 'e produksje fan stiel en de fabrikaazje fan rydtugen. Teffens wiene der grutte bierbrouwerijen fêstige.

Oars as yn 'e measte Noardlike stêden dy't hearre ta de saneamde Roastgurdle, de sintra fan 'e âlde stielyndustry, foelen yn Columbus de gefolgen fan 'e Grutte Depresje yn ferhâlding wat ta. De Twadde Wrâldoarloch soarge foar it ûntstean fan in ûnbidich tal nije banen yn 'e stêd. Dat late ta in nije befolkings-boom, wêrby't de nijynkommelingen diskear fral út 'e plattelânsgebieten fan 'e Appalachen wei kamen, dy't bysûnder hurd troffen wiene yn 'e Krisisjierren. Al rillegau makken lju dêrwei mear as in trêde fan 'e befolking fan Columbus út. Sûnt de iere santiger jierren is in grut part fan 'e binnenstêd fan Columbus renovearre, mar dêrby is, lykas yn sa'n soad Amerikaanske stêden, in grut part fan it arsjitektoanyske erfskip ferlern gien. Sûnt 2008 hat de Bankekrisis Columbus swier troffen; yn febrewaris 2011 stiene der neffens offisjele sifers in noch nea foarkommen 6.117 huzen yn 'e stêd leech wêrfan't de bewenners op 'e strjitte set wiene om't se harren hypteek net mear opbringe koene.

It Columbus Museum of Art.

Columbus hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Columbus hat in fariëarre ekonomy, dy't basearre is op ûnderwiis, oerheidstsjinsten, it bank- en fersekeringswêzen, moade, logistyk, de stielyndustry, medysk ûndersyk en detailhannel. Yn Columbus binne fêstige de Steatsuniversiteit fan Ohio, de universiteit mei de grutste kampus fan 'e hiele Feriene Steaten; it Battelle Memorial Institute, wrâlds grutste private ûndersyks- en ûntwikkelingsstifting; en Chemical Abstracts Service, it grutste útwikselingssintrum fan skiedkundige ynformaasje yn 'e wrâld. Op it mêd fan toerisme en ferdivedaasje binne der fierders noch de Columbus Zoo and Aquarium (de bêste dieretún fan 'e Feriene Steaten, neffens de USA Travel Guide fan 2009), en it Columbus Museum of Art.

It haadgebou fan 'e Steatsuniversiteit fan Ohio.

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Columbus yn 2015 in befolking fan 850.206 minsken. De befolkingstichtens bedroech 1.471,2 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Columbus 8,6% âlder as 65 jier en 23,2% jonger as 18 jier. Fierders bestie 46,9% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 14,8% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 59,3% blanken; 28,0% swarten; 5,6% Latino's; 4,1% Aziaten; 0,3% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 2,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.

It Steatskapitoal fan Ohio, dat bekend stiet as it Ohio Statehouse.
It Ohio Stadium, in stadion foar Amerikaansk fuotbal op 'e kampus fan 'e Steatsuniversiteit fan Ohio.

Berne yn Columbus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Columbus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Yn 1969 waard yn Columbus it earste Wendy's-fastfoodrestaurant fan 'e wrâld iepene. Op 2 maart 2007 gie dat ticht.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.