Mercyful Fate
Mercyful Fate | ||
band | ||
Logo 1983 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Deensk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
bestean | 1981-1985, 1992-1999, 2019-no | |
label(s) | Roadrunner, Metal Blade | |
âld-leden | Timi Hansen (bas) (1981–1985), (1993), (2019) † Carsten Van Der Volsing (gitaar) (1981) Kim Ruzz (drums) (1981–1985) Benny Petersen (gitaar) (1981-1982) Michael Denner (gitaar) (1982–1985), (1993–1996), Sharlee D'Angelo (bas) (1993–1999) Morten Nielsen (drums) (1993) Snowy Shaw (drums) (1993–1994) Joey Vera (bas) (2019–2024) | |
leden | ||
Sang & Toetsen | King Diamond | |
Gitaar | Hank Shermann | |
Gitaar | Mike Wead | |
Bas | Becky Baldwin | |
Drums | Bjarne T. Holm |
Mercyful Fate is in Deenske blackmetal band yn 1981, yn Keappenhaven oprjochten. Mercyful Fate wurdt yn 'e mande mei de bands Celtic Frost, Venom, Hellhammer en Bathory sjoen as de grûnlizzers fan it blackmetal sjenre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]1981 – 1985
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mercyful Fate waard oprjochte yn Keappenhaven, Denemark, yn 1981, nei de ûntbining fan de band Brats. Nei in tal besettingswikselingen, brocht Mercyful Fate yn 1983 harren debútalbum “Melissa” út. It karakter fan Melissa, in heks dy 't op 'e brânsteapel ferbaarnd waard, ferskynt foar it earst op dit debútalbum en mei tuskenskoften ek yn it lettere wurk fan 'e band. Yn maaie 1984 gie Mercyful Fate op 'e nij de studio yn om harren twadde studio-album “Don't Break the Oath” op te nimmen, dat ein 1984 útbrocht waard. Nettsjinsteande dat se bêst wol sukses hiene en harren ferwurven cultstatus oer de hiele wrâld, gie Mercyful Fate yn april 1985 útinoar fanwegen muzikale mieningsferskillen.
1992-1999
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1992 kamen King Diamond, Hank Shermann, Michael Denner en Hansen wer byelkoar om Mercyful Fate te werstarten, drummer Kim Ruzz waard ferfongen troch Morten Nielsen. It resultaat wie it album “In the Shadows”, dat yn 1993 útbrocht waard fia it label Metal Blade. It album befette ek in gastoptreden fan Metallica-drummer Lars Ulrich, op it nûmer "Return of the Vampire". Foar de toernee dy 't op dit album folge waard Morten Nielsen ferfongen troch King Diamond-drummer Snowy Shaw, fanwege in knibbelblessuere dy 't Nielsen oprûn hie. Bassist Hansen waard ferfongen troch Sharlee D ' Angelo, omdat Hansen net mei op toernee woe.
Yn 1994 brocht Mercyful Fate it album “Time” út. Nei it útkommen fan dit album, waard drummer Snowy Shaw ferfongen troch Bjarne T. Holm foar de Time Tour. Yn 1996 waard it album “Into the Unknown” útbrocht. Nei de release fan it album ferliet gitarist Michael Denner de band en waard ferfongen troch Mike Wead. Yn 1998 folge it album “Dead Again”. Yn febrewaris 1999 begûn Mercyful Fate mei it opnimmen fan album “9”, dat al yn maaie 1999 ferskinde. Nei de toer foar it album “9”, lêste Mercyful Fate in pauze yn. King Diamond konsintrearre him op syn eigen band (King Diamond) mei gitarist Mike Wead. Hank Shermann en Bjarne T. Holm foarmen mei Michael Denner de band Force of Evil, wylst bassist Sharlee D ' Angelo him by de band Arch Enemy foege.
2011
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2011 stiene de bandleden fan Mercyful Fate mei-inoar op it poadium njonken de Amerikaanske band Metallica om by it “Metallica's 30th Anniversary” konsert mei-inoar in Mercyful Fate medley te spyljen.
2019 oant no
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de simmer fan 2019 waard oankundige dat Mercyful Fate yn (de yntusken troch Covid-19 ôflaske simmer fan 2020) in tal konserten yn hiel Jeropa jaan soe. De band sil bestean út de saneamde “9”-line-up oftewol mei de bandleden sa as op it album “9” en sil inkeld nûmers spylje út harren earste EP en earste 2 albums. Dêrboppe-op, sei de band ek ta dat se nije nûmers spylje soene dy 't skreaun binne yn de styl fan harren earste albums.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Studio-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
Melissa | 30 oktober 1983 | Roadrunner | Black Funeral/Black Masses |
Don't Break the Oath | 7 septimber 1984 | ||
In the Shadows | 22 juny 1993 | Metal Blade | Egypt |
Time | 25 septimber 1994 | ||
Into the Unknown | 20 augustus 1996 | ||
Dead Again | 9 juny 1998 | ||
9 | 15 maaie 1999 |
Kompilaasje-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op |
---|---|
The Beginning | 24 juny 1987 |
Return of the Vampire | 12 maaie 1992 |
The Best of Mercyful Fate | 15 septimber 2003 |