Springe nei ynhâld

Generaal Grievous

Ut Wikipedy
generaal Grievous
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Qymaen jai Sheelal
sekse manlik
soarte personaazje Kaleesh-cyborg
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt kriichshear, generaal
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
greve Dooku
Darth Sidious
Nute Gunray
Obi-Wan Kenobi
geastlike heit George Lucas
ûntstean 2004

Generaal Grievous is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in cyborg en de opperbefelhawwer fan 'e androïdelegers fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Generaal Grievous waard as in ûnderstypjende antagonist yntrodusearre yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Clone Wars (2003-2005), foar't er as live-actionpersonaazje te sjen wie yn 'e film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005). Grievous ûntjoech him ta ien fan 'e populêrdere personaazjes út it Star Wars-hielal en sadwaande ferskynde er ek yn in ferskaat oan oare media, lykas romans, strips en fideospultsjes.

As personaazje waard generaal Grievous yn it twadde seizoen fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: Clone Wars (2003-2005) fertolke troch stimakteur John DiMaggio en yn it trêde seizoen troch Richard McGonagle. Yn 'e live-actionfilm Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) waard er kreëarre troch it gebrûk fan special effects, wylst syn dialooch ynsprutsen waard troch lûdseditor Matthew Wood. Dyselde fertolke it personaazje ek yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020), wêryn't Grievous ien fan 'e wichtichste antagonisten is.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eftergrûn fan generaal Grievous waard net út 'e doeken dien yn 'e film en de tekenfilmsearjes, mar ynstee letter berskreaun yn ferkate oare media fan 'e Star Wars-franchise, wêrûnder romans, strips en fideospultsjes. Nei de oername fan filmstudio Lucasfilm, dy't alle auteursrjocht op Star Wars yn 'e hannen hat, troch The Walt Disney Company, yn 2012, waard dat materiaal troch retcons foar it meastepart út 'e Star Wars-kanon skrast. It waard betitele as Star Wars Legends: leginden dus, dy't net echt bard wiene. De eftergrûn fan generaal Grievous waard lykwols letter yn 'e Star Wars-kanon reyntrodusearre fia nije romans.

Grievous wurdt berne as Qymaen jai Sheelal, in kriichshear fan 'e Kaleesh, in reptylsk ras fan bûtenierdske wêzens dat lânseigen is op 'e planeet Kalee. Hy ûntjout in persoanlik skeel mei de Galaktyske Republyk en rekket belutsen by de kriichsmacht fan 'e separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels nei't de Kaleesh har by dat steatsferbân oansletten hawwe. As er libbensgefaarlike ferwûnings oprint by it delstoarten fan syn romtefear, wurdt er rêden troch de Sith-ridder greve Dooku (dy't sels yn it geheim ferantwurdlik wie foar it ûngelok). Mei help fan Dooku wurdt it skeinde lichem fan Qymaen werboud as in cyborg. Neitiid neamt er himsels 'Grievous', dat Ingelsk is foar "smertlik", mar ek foar "aaklik" en "snoad". Yn Star Wars: Clone Wars wurdt suggerearre dat er letter frijwillich ferskate oerbleaune organyske parten fan syn lichem ferfangt troch sybernetyske masinedielen by wize fan 'upgrade'.

Kloane-oarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid wurdt Grievous de opperbefelhawwer fan alle legers oarlochsandroïden fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Yn 'e Kloane-oarloggen lit er sjen dat er in briljant strateech is en betoant him by ferskate militêre operaasjes ek in earsten taktikus. Dêrby wurdt er altyd beselskippe troch syn 'MagnaWachten', dat spesjalisearre gefjochtsrobots binne. Hoewol't er sels net Krêftgefoelich is, traint er ûnder greve Dooku om mei ljochtsabels fjochtsje te kinnen. Dêrby brûkt er fjouwer fan dy wapens tagelyk, mei't syn sybernetysk lichem fjouwer earms hat. De hiele oarloch troch deadet er de iene Jedi-ridder nei de oare, wêrby't er harren ljochtsabels bewarret as trofeeën. Hy wint sa in reputaasje as de meast freze Jedi-jager yn it Stjerrestelsel.

Tagelyk ûntjout Grievous in persoanlike animositeit mei de Jedi-master Obi-Wan Kenobi, mei wa't er yn 'e oarloch withoefolle konfrontaasjes hat. Ien kear, by de ynvaazje fan Naboo, wurdt Grievous troch de Galaktyske Republyk kriichsfinzen nommen troch tadwaan fan generaal Roos Tarpals, dy't dêr syn libben foar opofferet. Hy moat lykwols letter al rillegau wer frijlitten wurde as greve Dooku it libben fan Anakin Skywalker bedriget.

Yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith docht Grievous tsjin 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen op befel fan 'e Sith-master Darth Sidious in domdryste wraam op 'e planeet Coruscant, dêr't it regear fan 'e Galaktyske Republyk syn sit hat. Hy nimt Sheev Palpatine, de kânselier fan 'e Republyk, oan board fan syn stjerreslachskip yn gizeling, wat liedt ta in rêdingsmisje fan 'e Jedi Obi-Wan Kenobi en Anakin Skywalker. Dyselden hawwe dan noch net foar it ferstân dat de ynnimlike Palpatine inkeld in momkape is fan it alter ego fan 'e man: de boasaardige Darth Sidious. De beide Jedi witte de kânselier te befrijen, en Anakin deadet greve Dooku nei't er dyselde yn in gefjocht ferslein hat.

Neitiid wurde de beide Jedi en de kânselier lykwols finzen nommen troch oarlochsandroïden en op 'e brêge fan it romteskip by generaal Grievous brocht. Anakin en Obi-Wan, brekke los en weve handich ôf mei de oarlochsandroïden. Grievous sabotearret it dochs al skeinde skip fierder ear't er sels yn in rêdingskapsule ûntkomt. Mei help fan 'e robot R2-D2 witte de beide Jedi it útinoar fallende flaggeskip op in lâningsbaan op Coruscant oan 'e grûn te setten.

Generaal Grievous bejout him nei de planeet Utapau, dêr't de separatisten in geheime basis fêstige hawwe. Behalven as de militêre kommandant fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels fungearret er no yn it stee fan Dooku ek as de polityk lieder. Op befel fan Sidious stjoert er de lieders fan 'e organisaasjes en planeten dy't oan 'e Konfederaasje dielnimme, ûnder wa Nute Gunray, de ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje, en Poggle de Mindere, de aartshartoch fan Geonosis, nei de fulkaanwrâld Mustafar ta om se yn feilichheid te bringen.

Palpatine ferriedt Grievous troch oan 'e Jedi út te bringen dat er him op Utapau ophâldt. As de Hege Jedi Ried dan Obi-Wan Kenobi dêrhinne stjoert om mei him ôf te weven, jout dat Palpatine de kâns om op Coruscant Anakin Skywalker te ferlieden om oer te rinnen nei de tsjustere kant fan de Krêft sûnder dat Obi-Wan him dêrmei bemuoie kin. Op Utapau skeakelet Obi-Wan earst Grievous syn MagnaWachten út. Dêrnei nimt er it yn in duël mei de ljochtsabel tsjin Grievous sels op, wylst de kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk, dy't Obi-Wan ûnder syn befel hat, ôfweve mei de sljochtwei oarlochsandroïden fan Grievous. It gefjocht is lang en bitter, en Obi-Wan ferliest op in stuit syn ljochtsabel. Mar úteinlik slagget it him om 'e boarstplaten fan Grievous iepen te skuorren, wêrnei't er him mei in ploffer yn it hert sjit, wat ien fan 'e pear noch organyske lichemsdielen fan 'e cyborg is. It hert ûntploft en de sybernetyske lichemsdielen fleane yn 'e brân, wat foar generaal Grievous de dea betsjut.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono