Springe nei ynhâld

Balch (stêd)

Ut Wikipedy
Balch
بلخ
Griene moskee fan Balch
Griene moskee fan Balch
Bestjoer
Lân Afganistan
Provinsje Balch
Distrikt Balch
Sifers
Ynwennertal 11.300 (2003)
Hichte 365 m
Oar
Tiidsône UTC+4.30
Koördinaten
Balch en de siderûte

Balch (Afgaansk: بلخ; ek wol as Balkh), ek bekend as Wazirabad, is in stedsje yn de provinsje Balch yn it noarden fan Afganistan. It leit sa'n 20 km fan provinsjehaadstêd Mazar-e-Sharif. Balch leit goed 12 km fan de rjochter ouwer fan de rivier (feitlik wady) Balch.

Oerbliuwsel fan in Hellenistysk kapiteel, fûn yn Balch.

Balch is ien fan meast âlde stêden fan de wrâld en der wurdt tocht dat it de earste stêd is dêr't de Yndo-Iraanske stammen út it noarden fan Amu Darya hinne lutsen; dat hat tusken 2000 - 1500 f.Kr. west.[1] De Arabieren neamden de stêd Umm Al-Belaad of Mem fan Stêden út reden fan har âldens.[2] Balch wie fanâlds in sintrum fan it zoroastrisme. It is de hjitting dat de stifter dêrfan, de profeet Zoroaster, yn de stêd stoarn is.

Hoewol't Balch yn distiid mar lyts is en foar in grut part in ruïne, wie it yn de âldheid grutter en fan belang troch de lizzing op de siderûte. De stêd stie yn de âldheid bekend as Bactra en wie de haadstêd fan it lân Baktrje en ien fan de wichtichste yn Korasan. Marko Polo beskreau Balch as in "hearlike en prachtige stêd".[3][4]

Yn 328 f.Kr. waard de stêd troch Aleksander de Grutte oermastere. Yn 256 f.Kr. waard it in selsstannich hellenistysk ryk.

Dzjengis Khan ferovere en ferneatige de stêd yn 1221. Ek Timoer Lenk besette de stêd yn de 14e iuw.

It Balch fan no

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1934 waard úteinset mei it by de tiid bringen fan de stêd. Der waarden acht nije strjitten oanlein, nije wenten en bazaars boud. It moderne Balkh is in sintrum fan katoenyndustry, de produksje fan laamslear en it ferbouwen fan meloenen en amandels.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nancy Hatch Dupree, An Historical Guide to Afghanistan, 1977, Kabul, Afghanistan
  2. Frank Harold, Balkhi and Mazar-e-Sharif, Silk Road Seattle (a project of the Walter Chapin Simpson Center for the Humanities at the University of Washington), LINK
  3. http://whc.unesco.org/en/tentativelists/1928/
  4. A noble and great city, faaks kin in oare oersetting like goed (red)