Eilat
Eilat | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Israel |
Disrikt | Súd-Israel |
Histoaryske regio | Negev |
Sifers | |
Ynwennertal | 48.946 (2014) |
Oerflak | 84,8 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 578 / km² |
Hichte | 5-16 m |
Oar | |
Stifting | 1951 |
Tiidsône | UTC+2 |
Simmertiid | UTC+3 |
Webside | Webstee Eilat |
Eilat of Elat (Hebriuwsk: אילת;) is in stêd yn it fierste suden fan Israel oan de Golf fan Akaba, in útrinner fan de Reade See. Eilat leit op mar trije kilometer fan it Jordaanske havenplak Akaba. It Egyptyske plak Taba leit ek ticht by Eilat.
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eilat is in populêr baaiplak. De sinne skynt der it grutste part fan it jier (360 sinnedagen) en de minimumtemperatuer komt net ûnder de 20 graden Celsius (yn jannewaris is it trochsneed maks. temp. 21 graden en yn july 41 graden). It koraalrif fan de Reade See by Eilat is it meast noarlike fan de wrâld. Teffens binne der in protte dolfijnen yn de see by Eilat. De stêd is ek in útfalsbasis foar in ferkennen fan oare dielen fan Israel, Egypte en Jordanië.
-
It strân fan Eilat
-
Underwetter-observatoarium
-
Sportsintrum fan Eilat, in ûntwerp fan Moti Bodek
Eilat lûkt ûnder mear toeristen om reden fan:
- De ûnderwetterwrâld;
- Salomo's Pylders yn it nasjonaal park Timna, in heal oere riden benoardeasten Eilat
- IMAX 3D Sinema
- ferkenning fan de Negevwoastyn
- Ekskursjes nei it skiereilân Sinaï yn Egypte
- De histoaryske stêd Petra en oare plakken yn Jordanië
- It observearjen fanom fûgeltrek, yn maitiid en neijier.
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2002 iepene de Ben-Gurion-Universiteit fan de Negev (Be’er Scheva) yn Eilat in kampus. Yn 2005 hie itt filiaal 300 studinten.
Nederlân, België en Eilat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste boargemaster fan Eilat, Hanoch Nenner, wie in Nederlanner. Hy wie boargemaster fan 1951 oant 1959. Hjoed de dei hat de stêd in lytse Nederlânsksprekkende mienskip.
België en Nederlân hawwe beide in konsulaat yn de stêd, dy't fral tsjinsten ferliene oan toeristen yn it baaiplak.