Springe nei ynhâld

Alexi Laiho

Ut Wikipedy
Alexi Laiho
sjonger en/of muzikant
Alexi Laiho yn (2013)
Alexi Laiho yn (2013)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Markku Uula Aleksi Laiho
nasjonaliteit Finsk
berne 8 april 1979
berteplak Espoo
stoarn 29 desimber 2020
stjerplak Helsinki
wurkpaad
sjenre Metal
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Gitaar,
Fioele
grutste hit(s) Needled 24/7,
You're Better Off Dead!,
Hate Me!
jierren aktyf 19932020

Alexi Laiho (berne as Markku Uula Aleksi Laiho) (Espoo, 8 april 1979Helsinki, 29 desimber 2020) bynamme Wildchild wie in Finsk gitarist en sjonger. Hy waard benammen bekend fan de band Children of Bodom, Laiho wie ek de gitarist fan Sinergy, de Finske punkband Kylähullut en wie twa jier lid fan de band Impaled Nazarene. Alexi Laiho stie bekend om syn tige rappe manier fan gitaarspyljen.

Alexi begûn as jong jonkje mei fioele spiljen, as jonge puber gie er oer op gitaar. Hy folge in oplieding oan de pop- en jazzkonservatoarium yn Oulunkylä, dy't er net ôfmakke om te gean libjen fan de muzyk. Hy begûn by in tige eksperimintele band mei de namme T.O.L.K. Hjirnei rjochte hy yn 1993 mei drummer Jaska Raatikainen dy't er al fan jongs ôf oan koe de band Inearthed op yn 1997 waard de namme fan dizze band feroare yn Children of Bodom. Mei Children Of Bodom brocht Laiho tusken 1997 en 2019 tsien studio-albums en fjouwer live-albums út.

Njonken Children of Bodom wie Laiho ek fan 1997 oant en mei 2011 ek gitarist by Sinergy de band fan syn freondinne Kimberly Goss, mei Sinergy brocht er trije albums út. Yn 2004 wie Laiho ien fan de oprjochters fan de Finsktalige punkband Kylähullut mei dizze band brocht er twa albums út. Kylähullut hâld nei de dea fan drummer Tonmi Lillman yn 2012 op fan bestean. Twa jier lang (1998-2000) wie Alexi lid fan de band Impaled Nazarene en brocht hjirmei ien album út.

Hy wie ek in tal kearen ynfaller by live-optredens fan Dark Tranquillity en Hypocrisy en gastmuzikant by in ferskaat oan bands lykas Annihilator en Death Angel.

Nei't Children of Bodom ophâld fan bestean yn 2019 rjochte Laiho tegearre gitarist Daniel Freyberg de band Bodom After Midnight op. Mar ta in folsleinalbum is it nea kaam, Alexi Laiho ferstoar nei't der noch mar krekt trije nûmers opnaam wiene [1].

Yn 2002 boaske Laiho mei Kimberly Goss sjongeres fan de band Sinergy. Hja giene yn hja útinoar mar nei it ferstjerren fan Laiho die bliken dat se nea wetmjittich skeiden wiene. In tal jierren nei it beïnigjen fan de relaasje mei Goss, ferloofde Laiho him mei Kelli Wright in Public Relations manager út Austraalje hy boaske mei har yn 2017 trochmiddel fan in tradisjonele hantfêstingsritueel mar boaske mei har net foar de wet.

Laiho hie in lange skiednis fan drankswietens, hie wie jierrenlang in mear as stevige drinker mar fermindere it drinken yn 2013 flink nei't er in tal sûnensproblemen ûntwikkele hie. Op 4 jannewaris 2021 waard fia de websiden fan Children of Bodom en Bodom after Midnight bekend dat Alexi Laiho in wike earder op 29 desimber 2020 ferstoarn wie, oan nei wat letter die bliken alkohol relatearre leveroandwanning en in ûntstekking oan syn pankreäs, Laiho blyk al jierren slim siik west te hawwen[2].

Laiho yn 2007
Album Utbrocht op Band Single(s)
Something Wild 16 novimber 1997 Children of Bodom
Hatebreeder 26 april 1999 Children of Bodom,
Downfall
Beware the Heavens 21 juny 1999 Sinergy
Nihil 16 juny 2000 Impaled Nazarene
Follow the Reaper 30 oktober 2000 Children of Bodom Hate Me!
Hate Crew Deathroll 6 jannewaris 2003 You're Better Off Dead,
Needled 24/7
To Hell and Back 26 juny 2000 Sinergy
Suicide by My Side 14 jannewaris 2002
Turpa täynnä 26 jannewaris 2005 Kylähullut
Are You Dead Yet? 14 septimber 2005 Children of Bodom Trashed, Lost & Strungout,
In Your Face
Peräaukko sivistyksessä 28 novimber 2007 Kylähullut
Blooddrunk 9 april 2008 Children of Bodom Blooddrunk,
Hellhounds on My Trail,
Smile Pretty for the Devil
Relentless Reckless Forever 9 maart 2011 Shovel Knockout,
Was It Worth It?,
Roundtrip to Hell and Back
Halo of Blood 6 juny 2013 Transference,
Your Days Are Numbered,
Scream For Silence
I Worship Chaos 2 oktober 2015 Morrigan,
I Worship Chaos
Hexed 8 maart 2019 Under Grass and Clover,
This Road,
Platitudes and Barren Words,
Hecate's Nightmare
Paint the Sky with Blood 23 april 2021 Bodom After Midnight

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: