Springe nei ynhâld

Jelle Zijlstra

Ut Wikipedy
Jelle Zijlstra, presidint Nederlânske Bank (1980)

Jelle Zijlstra (Easterbierrum, 27 augustus 1918 - Wassenaar, 23 desimber 2001) wie in ekonoom. Hy promovearre yn de Hannelswittenskippen, wie sûnt 1948 heechlearaar oan de Frije Universiteit fan Amsterdam en wie Earste- en Twadde Keamerlid foar de ARP. Fan 1967 oant en mei 1981 wie Zijlstra presidint fan De Nederlandsche Bank N.V..

Nei it heljen fan it MULO- en HBS-diploma yn Harns folge Zijlstra in oplieding oan de Nederlânske Ekonomyske Hegeskoalle yn Rotterdam.

It ferfollen fan de militêre tsjinstplicht en syn ûnderdûken yn de Twadde Wrâldkriich (hy wegere yn 1943 de foar studinten ferplichte loyaliteitsferklearring te tekenjen) moast er de stúdzje foar ûnderbrekke. Yn syn stúdzjetiid wie er lid fan de Societas Studiosorum Reformatorum Roterodamensis (S.S.R.-R.). Hy waard lid fan it dispút U.C.R.I.G.E.S. Oktober 1945 behelle er syn doktoraaleksamen ekonomy. Dêrnei gie er oan it wurk as assistint en fan 1946 ôf as haadassistint ekonomysk ûndersyk by de Nederlânske Ekonomyske Hegeskoalle. Yn 1947 waard er dêr beneamd ta lektor.

Desimber 2001 stoar Zijlstra mei 83 jier. Hy kaam te hôf yn Wassenaar.

Zijlstra promovearre 1948 op it proefskrift "De omloopsnelheid van het geld en haar betekenis voor de geldwaarde en het monetaire evenwicht". Itselde jier noch waard er beneamd ta heechlearaar yn de teoretyske ekonomy oan de Vrije Universiteit fan Amsterdam.

Jelle Zijlstra as Minister fan Finânsjes op de Tredde Tiisdei yn Septimber 1961, mei syn frou Hetty Bloksma

Fan 2 septimber 1952 oant 24 july 1963 wie er minister fan Ekonomyske Saken yn it twadde kabinet Drees en yn it tredde kabinet Drees, fan Ekonomyske Saken en fan Finânsjes as "ad interim" yn it Twadde kabinet Beel en fan Finânsjen yn it Kabinet-De Quay.

Steatsfûns foar de ierdgasynkomsten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn deselde snuorje wegere Zijlstra de oprop om in steatsfûns foar de ierdgasynkomsten te stichtsjen. In histoarysk fersin dat lang om let late ta de saneamde Dutch Disease (Hollânske sykte). De Nederlânske gûne waard sa hurd dat de ynternasjonale konkurrinsjeposysje der bot ûnder te lijen hie. Teffens waard it gasjild fan opinoar folgjende kabinetten brûkt om de fersoargingssteat te beteljen. Fan de goed 200 miljard euro dat it gas opsmiet yn 50 jier, waard noch gjin 15% ynvestearre.

Zijlstra waard nei it ministerwêzen beneamd ta heechlearaar yn de lear fan de iepenbiere finânsjen oan de Frije Universiteit fan Amsterdam. Fan 1963 oant 1966 wie er ek earste keamerlid.

Minister-presidint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de fal fan it Kabinet-Cals wie er fan 22 novimber 1966 oant 5 april 1967 minister-presidint en minister fan finânsjes fan it tydlik-kabinet mei syn namme. De beneaming ta presidint fan De Nederlandsche Bank, troch minister Vondeling, moast foarearst ûngedien makke wurde fanwegen dat Zijlstra premier waard.

Fan 1967 oant en mei 1981 wie Zijlstra presidint fan De Nederlandsche Bank N.V.. Tegearre mei de direkteur bûtenlânsk belied fan dy bank, André Szász, ûntjoech er it "hurde-gûnebelied". De gûne waard keppele oan de Dútske mark en Nederlân folge it Dútske monetêre belied. De ekonomy fan de Bûnsrepublyk Dútslân groeide fluch yn dy dagen, en dêr heakke Nederlân graach by oan. Ek wie Zijlstra yn dy jierren Presidint fan de Bank foar Ynternasjonale Betellings yn Basel.

Op 30 april 1983 waard Zijlstra beneamd ta Minister fan Steat. Hy hat in soad bestjoersfulkjes hân en wie ek peetomke fan Kening Willem-Alexander.

  • Jelle Zijlstra hat jierrenlang in hûs yn De Tike hân.
  • Wim Kan song yn 1967 - "waar we heen gaan Jelle Sal Wel Sien"
  • G. Puchinger, Dr. Jelle Zijlstra; Gesprekken en Geschriften, A.J.G. Strengholt, Naarden, 1978
  • J. Zijlstra, Gematigd Monetarisme; 14 jaarverslagen van de Nederlandsche Bank n.v. 1967-1980, Stenfert Kroese, Leien, 1985
  • C. Goedhart e.a.(eds), Jelle Zijlstra, A Central Banker's View; Selected Speeches and Articles, M.Nijhoff, Dordrecht, 1985
  • Jelle Zijlstra, Per slot van rekening, memoires, Utjouwerij Contact, Amsterdam, 1993
  • Jonne Harmsma, Jelle zal wel zien. Biografy, Prometheus, 2018

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: