Sudetelân
It Sudetelân (Tsjechysk en Slowaaksk: Sudety; Poalsk: Kraj Sudetów) wie nei 1918 de namme foar in gebiet yn Tsjechoslowakije, dêr't Dútsers wennen. De namme komt fan de Sudetebergen, dyt't yn it noarden fan de regio's Bohemen en Moraavje lizze.
Skiednis
Nei de Earste Wrâldkriich yn 1918 waard de dûbelmonargy Eastenryk-Hongarije opdield yn lytsere lannen, of waard anneksearre troch oare lannen. Eastenryk ferklearre him op 21 oktober 1918 ûnôfhinklik mei de steat "Deutschösterreich". Dêrby hearden ek de gebieten Bohemen en Moraavje. De namme Dútsk-Eastenryk waard lykwols ferbean troch it Ferdrach fan Saint-Germain (1919). Tsjechoslowakije ferklearre him op 28 oktober 1918 ûnôfhinklik fan Dútsk-Eastenryk. De âlde grinzen fan de Bohemen en Moraavje waarden de basis foar de steatsgrinzen fan Tsjechoslowakije. Dêr hearde it Sudetelân ek by.
Foar Adolf Hitler wie it gebiet tige nijsgjirrich omdat 95 persint fan de befolking yn it Sudetelân Dútsk wie. Mei stipe fan Nazi-Dútslân waard in sterke nazi-partij oprjochte dy't him fûl fersette tsjin Tsjechoslowakije. By de Konferinsje fan München op 10 oktober 1938 waard troch Grut-Brittanje, Itaalje en Frankryk tastien, dat Hitler yn ruil foar fredesgarânsjes dielen fan Bohemen hawwe mocht. Yn maart 1939 waard it westen fan Tsjechoslowakije beset troch Nazi-Dútslân. Mei stipe fan Hitler feklearren Slowaakske separatisten Slowakije ûnôfhinklik, dêrtroch waard Slowakije in fasalsteat fan Nazi-Dútslân.
Yn de Twadde Wrâldkriich foarme it noardlike part fan it Sudetelân it Reichsgau Sudetenland. De haadstêd wie Reichenberg (Liberec). It 'Reichsgau' bestie oant de ein fan de kriich op 8 maaie 1945. Nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich waarden sa likernôch 3 miljoen Sudetedútsers fuortreage, dyjingen dy't bleaunen waarden fanwegen harren etnisiteit deadien.
Keppeling om utens
- Commons: Sudetelân – foto, fideo en harktriemmen
- WW2DB: German Annexation of Sudetenland Ingelsk
- BBC artikel út 2002 oer de Sudetedútsers Ingelsk
- Befolkingskaart fan East- en Súd-Europa (1989–1992)