Springe nei ynhâld

Pixie Hollow Games

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Pixie Hollow Games
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Bradley Raymond
produsint Helen Kalafatic
basearre op Tinker Bell fan J.M. Barrie
muzyk Joel McNeely
filmstudio Disneytoon Studios
Prana Studios
distribúsje Disney-ABC Domestic Television
spilers
haadrollen Megan Hilty
Brenda Song
byrollen Jason Dolley
Tiffany Thornton
Zendaya Coleman
Mae Whitman
Lucy Liu
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 19 novimber 2011
foarm koarte tekenfilm
sjenre fantasyfilm
taal Ingelsk
spyltiid 23 minuten
filmsearje
filmsearje Tinker Bell

Pixie Hollow Games is in Amerikaanske koarte, kompjûteranimearre tekenfilm út 2011 ûnder rezjy fan Bradley Raymond. De film heart ta de Tinker Bell-filmsearje en is basearre op it personaazje Tinker Bell, út 'e wurken fan J.M. Barrie. De titel bestjut: "Spullen fan Pixie Hollow". De stimmen waarden ynsprutsen troch û.o. Megan Hilty, Brenda Song, Mae Whitman en Lucy Liu. It ferhaal folget Rosetta, in freondinne fan Tinker Bell, as hja meidocht oan 'e Spullen fan Pixie Hollow. De film waard yn novimber 2011 foar it earst op 'e tillefyzje útstjoerd.

Plot

Pixie Hollow, it domein fan 'e elfkes op it magyske eilân Neverland, riedt him ta op 'e Spullen fan Pixie Hollow, in kompetysje fan alderhanne sporten tusken út duo's besteande teams fan 'e ûnderskate soarten elfkes. Rosetta, in freondinne fan Tinker Bell, is in túnelfke, en de túnelfkes hawwe noch nea wûn. By de teamseleksje wurdt se oan in oar túnelfke keppele, dat Chloe hjit. Chloe is derfan oertsjûge dat sy dejinge is dy't de earste oerwinning foar de túnelfkes binnenhelje kin. Rosetta leaut dêr neat fan, en hja is der wis fan dat sy en Chloe al yn 'e earste omgong útskeakele wurde sille. Neffens har sille sûnder mis de stoarmelfkes Rumble en Glimmer wer winne, sa't se dat de lêste jierren iderkear dien hawwe.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Rosetta nimt sadwaande net de muoite om te oefenjen, mar besteget der ynstee mear oandacht oan om der foar de kompetysje kreas út te sjen yn in moaie nije jurk. By it earste evenemint, kikkertspringen, wegeret se earst op 'e kikkert te klimmen. As se úteinlings tajout om't it publyk har begjint út te geien, liedt har dielname ta folsleine gaos op 'e racebaan. De oare deis nimme Rosetta en Chloe diel oan ferskate oare eveneminten, lykas reidjufferwetterskyen, twiichbaljen en mûzepolo. Dêrby begjinne se ta Rosetta har ferrassing stadichoan op te klimmen yn it klassemint.

By it lêste ûnderdiel, de teekopkesrace, dûkt Chloe manmoedich by de skeante del, wylst Rosetta der, ta Chloe har ûntsetting, senuweftich by del krûpt. Dêrtroch komme de túnelfkes op it lêste plak te lizzen en begjint Chloe oan har partner te twifeljen. Underwilens falle oare teams út oant inkeld de stoarmelfkes en de túnelfkes noch oer binne. Rosetta en Chloe kieze derfoar om in stik ôf te snijen oer de drekglydberch en komme dêr tanksij Tinker Bell mei súkses oerhinne, sadat se de stoarmelfkes byhelje. Yn it lêste stik fan 'e race brûkt Rumble lykwols, ta Glimmer har ûntsteltenis, Glimmer har wjerljochttalint om ien fan de tsjillen fan it reau fan 'e túnelfkes te fernielen, mei as gefolch dat Rosetta en Chloe crashe.

De túnelfkes slepe harren reau muoisum oer de finishline, lang nei't de stoarmelfkes oankommen binne. Rumble is de oerwinning al oan it fieren, mar keninginne Clarion makket bekend dat de túnelfkes wûn hawwe. As Rumble protest oantekenet tsjin dy beslissing, wiist de keninginne him derop dat Glimmer har foar de finish al ôfjûn hie út walging oer Rumble syn falskspyljen, en dat de stoarmelfkes dêrom nea as team finisht binne. Rosetta en Chloe binne yn 'e wolkens oer de earste oerwinning ea foar de túnelfkes en fiere feest mei harren freonen.

Rolferdieling

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Rosetta Megan Hilty
Chloe Brenda Song


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Rumble Jason Dolley
Glimmer Tiffany Thornton
Fern Zendaya Coleman
Tinker Bell Mae Whitman
Silvermist Lucy Liu
Iridessa Raven-Symoné
Fawn Angela Bartys
Vidia Pamela Adlon
Clank Jeff Bennett
Bobble Rob Paulsen
Fairy Gary Jeff Bennett
Buck Rob Paulsen
Fairy Mary Jane Horrocks
Lilac Jessica DiCicco
Ivy Kari Wahlgren
Zephyr Alicyn Packard
Terence Jesse McCartney
starter Sparrowman Dan Curtis Lee
Tabby Kraisit Agnew
keninginne Clarion Anjelica Huston

Produksje

Pixie Hollow Games wie oarspronklik bedoeld as de lêste fan fiif jûnfoljende films yn 'e Tinker Bell-rige, en soe de titel Tinker Bell and the Race through the Seasons krije. It wie de bedoeling dat de film yn 2012 útbrocht wurde soe. By neier ynsjen fûnen de bazen by Disney it senario dêr lykwols net geskikt foar. Sadwaande waard it oanpast ta in koarte tekenfilm fan 23 minuten. Oars as by alle oare films út 'e Tinker Bell-searje is Tinker Bell sels yn Pixie Hollow Games net de haadpersoan.

De film waard regissearre troch Bradley Raymond. Produsint wie Helen Kalafatic foar Disneytoon Studios, dy't de film produsearre, en Prana Studios, dy't him animearre. De filmmuzyk waard komponearre troch Joel McNeely, dy't op dat mêd ek ferantwurdlik wie foar de oare Tinker Bell-films. De titelsong fan Pixie Hollow Games wie Dig Down Deeper, dat skreaun waard troch Brendan Milburn en Valerie Vigoda fan GrooveLily, en songen troch Zendaya Coleman.

Distribúsje

De distribúsje fan Pixie Hollow Games waard fersoarge troch Disney-ABC Domestic Television. De film wie op 19 novimber 2011 foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje te sjen op it Disney Channel. Pixie Hollow Games waard yn 2012 útbrocht as bonusfilm op 'e blu-ray fan Tinker Bell and the Secret of the Wings. Op 20 augustus 2013 kaam der fan 'e film ek in selsstannige útjefte op dvd beskikber.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tinker Bell (filmsearje)
lange films
Tinker Bell (2008) • Tinker Bell and the Lost Treasure (2009) • Tinker Bell and the Great Fairy Rescue (2010) • Tinker Bell and the Secret of the Wings (2012) • Tinker Bell and the Pirate Fairy (2014) • Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast (2015)
koarte films
Pixie Hollow Games (2011) • Pixie Hollow Bake Off (2013)