Springe nei ynhâld

Jan Charisius

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Jan Charisius
Reedrider
Jan Charisius by de Alvestêdetocht fan 1954
Jan Charisius by de Alvestêdetocht fan 1954
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan Charisius
bertedatum 30 septimber 1926
berteplak Ljouwert
stjerdatum 3 july 2008
stjerplak Fagernes
sportive ynformaasje
ûnderdiel Langebaan

</noinclude> Jan Willem Peter Charisius (Ljouwert, 30 septimber 1926Fagernes, 3 july 2008) wie in Frysk hurdfytser, reedrider en sportbestjoerder.

Charisius wie tusken 1948 en 1955 in hurdfytser dy't benammen by wedstriden yn Fryslân in soad prizen wûn. Sa waard hy fjouwer kear provinsjekampioen. Mear noch as by it hurdfytsen boekte Charisius súkses yn it langebaanriden. In 1951 waard hy tredde op it Nederlânsk kampioenskip Oer Alles, efter Kees Broekman en Gerard Maarse, en sechtjinde op it Jeropeesk kampioenskip Oer Alles. Hy die mei oan de Olympyske Winterspullen 1952, mar foel op de 500 meter, de ienige ôfstân dêr't hy op útkaam. Yn 1954 finishte hy as tredde yn de Alvestêdetocht.

Nei syn aktive sportkarriêre beklaaide Charisius ferskate funksjes yn de sport. Op de Olympyske Spullen fan 1964 en 1968 wie hy chef d’equipe fan de hurdridersploech. Dêrnei waard hy hurdrydskiedsrjochter. Hy wie tusksen 1971 en 1998 oanwêzich yn dizze funksje by EK, WK of Olympyske Spullen. Fan 1982 oant 1999 makke hy diel út fan it deisich bestjoer fan de KNSB. Oant 2007 wie hy as foarsitter fan de rekordkommisje fan it reedridersbûn. Charisius wie earelid fan it ridersgewest Fryslân, de KNSB en de Ynternasjonale Ridersuny.

Hy ferstoar yn 2008 by in fakânsje yn Noarwegen.

Utslaggen

Jier Plak Kampioenskip
1951 NC 16 EK Allround
1951 3 NK Allround
1954 NC NK Allround
1955 6 NK Allround

Keppeling om utens