Beierske Alpen
Appearance
De Beierske Alpen (Dútsk Bayerische Alpen) is de oantsjutting fan it part fan de Alpen dat yn de Dútske dielsteat Beieren leit. De Beierske Alpen hearre net by de yndieling fan de east-Alpen sa't de Dútske Alpeferienigingen dy hantearje.
Neffens de yndieling fan de Alpeferienings lizze de neifolgjende dielkriten fan de Alpen hielendal as foar in part op Beierske grûn:
- Allgäuer Alpen
- Ammergauer Alpen
- Beierse Foar-Alpen
- Berchtesgadener Alpen
- Chiemgauer Alpen
- Karwendel
- Wettersteinberctme
De Beierske Alpen foarmje rûchwei de lânsgrins fan Eastenryk (Tirol) mei Dútslân. De heechste top is de Zugspitze (2962 m) op de grins mei Eastenryk.