Springe nei ynhâld

Jenning Huizenga

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 mai 2017 om 14.16 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppeling om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Jenning Huizenga
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 29 maart 1984
berteplak Frjentsjer
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Baan
O.S. Peking 2008 - Londen 2012
debút 1999

Jenning Huizenga (Frjentsjer, 29 maart 1984) is in Fryske hurdfytser.

Op syn tolfde wurdt Huizinga lid fan de Frentsjerter rydklup De Eskimo’s. Dy sport beoefenet er oant en mei syn sântjinde jier. Geandewie syn reedriderskarriêre docht bliken dat syn krêft op lange ôfstânnen leit. Syn favoriete ôfstannen binne dan ek de 3,000 meter (pr. 4 minuten en 24 sek) en de maraton. Yn 2000 pleatst Huizenga him foar it NK maraton. Dêr't er in sechsde plak hellet.

Huizinga komt út foar it Team Ubbink-Syntec. Yn 2004 wint er de koers yn Surhústerfean, dy't er beskôget as it hichtepunt yn syn karriêre oant no ta. Yn itselde jier waard er ek belutsen by in oantal falpartijen wêrtroch't er ek blesearre rekke.

Huizenga makke yn 2007 syn debút op de baan tidens de World Cup yn jannewaris. Dêrop waard er troch bûnskoach Peter Pieters selektearre foar de Wrâldkampioenskippen baanfytsen. Op it ûnderdiel efterfolgjen helle er dêr in fiifde plak. In jier letter wûn er op datselde ûnderdiel sulver.

Yn 2008 die er mei oan de Olympyske Simmerspullen, dêr waard er sêchstjinde op it ûnderdiel efterfolging. Tidens it Wrâldkampioenskip yn Melbourne, Austraalje wist Huizenga him te kwalifisjearjen foar de Olympyske Simmerspullen 2012 yn Londen.

Yn it deistich libben is Huizenga wurksum as wurktúchboukundige

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]