Springe nei ynhâld

Twitter

Ut Wikipedy
Twitter

Twitter is in ynternettsjinst dêr't brûkers berjochtsjes fan maksimaal 140 tekens mei publisearje. It is in sosjale netwurkside dêr't jin, lykas by Facebook, in profyl en in avatar oanmjitte kin. It brûken fan de Twitter-tsjinst is fergees.

De aktiviteit by it brûken fan Twitter hjit twitterje (of tweeten), dat 'tsjetterje' betsjut. It logo fan Twitter is in fûgeltsje. Twitterje betsjut dat jo op dit stuit kommunisearje fia in mikrowebloch op in pc, in mac of gsm, smartphone of oare mobyl apparaat mei oansluting op it ynternet. De kombinaasje fan weblogjen mei instant messaging wurdt mikroblogjen neamd.

Oarpronklik wie de fraach fan de tsjinst "Wat dochste?". No is it "Wat bart der?"[1] Elke twitterder kin op elk momint fan de dei yn maksimaal 140 tekens fertelle wêr't hy/sy mei dwaande is, wat hy/sy fan plan is of wat him/har dwaande hâldt. Der binne ek minsken dy't foarôf oankundigje dat se by in evenemint wêze wolle en mei oaren, al as net oanwêzich by it evenemint, twitterje wolle. Dat kreëart in firtuele oanwêzichheid.

Fryske Twitterbutton

Fryske button

Webûntwerpster Liesbeth Hiddema út Reduzum wie dwaande mei in Fryske webside, mar doe't se gjin twitterbuttons yn de 'memmetaal' fine koe makke se sels ien. Fia de Ried fan de Fryske Beweging is sa'n byldkaike yn te laden.

It Stekje

In Stekje (Ingelsk Hash) kombinearre mei ien stekwurd foarmet by twitter in mark (tag). It stekje wurdt sûnder spaasje foar it wurd setten, lykas „#wikipedia “. Yn tsjinstelling mei oare mark-konsepten wurde de stekjes direkt yn it eigentlike berjocht skreaun. Elk wurd dêr't in stekje foar stiet, wurket op dy wize as in mark en lit him dêrtroch fine.


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. |titel=Twitter Blog: What's Happening |uitgever=Twitter, Inc. |datum=19 nov 2009 |bezochtdatum=19 okt 2011 |taal=ingelsk

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Twitter