Hamburch
Frij Hanzestêd Hamburch | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Dútslân | |
Basisgegevens | |
Lân | Dútslân |
Haadstêd | Hamburch |
Oerflakte | 755,264 km² |
Befolking | 1.760.322 (30 juny 2007) |
Befolkingstichtens | 2.330 ynw./km² |
Distrikten | |
De Frije Hânzestêd Hamburch (Nedersaksysk: Hamborg) is in stêd en metropoal yn Dútslân. De stêd leit oan de rivier de Elbe en is de op ien na grutste stêd yn it lân en wichtichste havenstêd. It makket sels gjin part út fan in Dútske dielsteaten, mar foarmet sels in dielsteat. Binnen de offisjele grinzen, wenje 1,7 miljoen minsken en yn de neistlizzende stêdlike gebieten wenje nochris sa'n 750.000.
Hamburch kent ferskate foarmen fan yndustry, en beskikt oer in metro. Ek is der in fleanfjild (Hamburch Airport). De Alte Elbtunnel (1911) wie de earste tunnel op it Jeropeeske kontinint. Der binne ferskate wittenskiplike ynstellings, ûnder oaren in universiteit en it Max-Planck-Ynstitút. Sankt Pauly is in ferneamd útgongssintrum. De measte histoaryske gebouwen binne yn de Twadde Wrâldkriich ferwoaste tidens it bombardemint fan Hamburch.
Sport
Der binne twa profesjonele fuotbalklups yn Hamboarch, Hamburger SV (spilet yn de HSH Nordbank Arena) en FC St. Pauli (spilet yn it Millerntor-Stadion). HSV Hamburg spilet yn de earste Bundesliga.
Yn 2006 wie Hamboarch ien fan de spylstêden fan it WK fuotbal.
Keppeling om utens
- Offisjele webstee fan Hamburch
- Wolkom yn Hamburch
- Polityk yn Hamburch
- Nederlânsk Konsulaat yn Hamburch