C-flinter
De C-flinter (Polygonia c-album) is in soarte yn de famylje fan de Aureliaflinters (Nymphalidae)
Foarkommen
De C-flinter fleant oeral op sinnige, frijwat fochtige plakken. Se binne faak te finen yn tunen, parken of boskrike gebieten. Yn 1960 libbe de flinter yn Nederlân allinnich yn Limburch en Noard-Brabân. Fan de tachtiger jierren ôf is it ferspriedingsgebiet hieltyd grutter wurden. Op dit momint fleant de flinter yn alle provinsjes en hast op alle Waadeilannen.
Op de reade list stiet de flinter as: net bedrige.
Fleantiid
De flinter is te sjen fan heal juny ôf oant de winter. Foaral tusken 5 en 31 july. De C-flinter fleant yn twa oerrinnende generaasjes.
Flinters
De wjuklingte is likernôch 20 oant 26 mm. De wjukrânen binne bot kartele. De flinter oerwinteret yn strûken en beammen en op koele fochtige plakken yn gebouwen.
Rûp
De rûp kin 35 mm lang wurde. It liif is griiseftich mei oranjebrune útstyksels. De rûp hat foarke toarns dy't oranje of wyt binne. De kop is swart. Lytse rûpen libje ûnderop de blêden. As se grutter wurde lykje se krekt op fûgelpoep. Fan dy tijd ôf libje se ek boppe-op it blêd.
De rûp fret fan de Grutte Brânnettel, Hop, Reade Ribes en de Iper.