Springe nei ynhâld

Revolver

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 jul 2011 om 08.42 troch WikitanvirBot (oerlis | bydragen) (r2.7.1) (Bot - derby: kk:Револьвер)
Dit artikel is in stobbe oer wapens.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Lefaucheux-revolver mei patroanen
Bûsrevolver foar fytsers yn Leonidas priiskrante (1913)

In revolver is in healautomatysk pistoal mei draaiend magazyn.

In skaaimerk fan de revolver is de silinder mei in tal keamers (faak 6) dêr't de patroanen yn sitte. By in pistoal sitte de kûgels in in aparte hâlder dy't yn de kolf skood wurdt. In revolver is nei elts skot klear om wer te sjitten. By in saneamde single-action-útfiering moat de hoanne nei it sjitten wer spant wurde; by in double-action-revolver giet dat automatysk by it oerheljen fan de trekker.

Utfiners

Samuel Colt wurdt meastal as útfiner fan de revolver beskôge. Yn 1836 krige er it patint op it wapen en makke der doe talleaze fan yn syn yn 1847 oprjochte wapenfabryk. Mar ek Elisha Collier út Boston makke oanspraak op de titel 'útfiner fan de revolver'. Hy ûntwikkele al om 1815 hinne in fergelykber wapen, dêr't in pear jier letter troch John Evans & Soan yn Londen, in behoarlik tal fan makke waard.